Op sneon 4 novimber 2023 organisearret DINGtiid, it advysorgaan foar de Fryske taal, in lêzing oer it brûken fan it Frysk yn de rjochtspraak. Op papier liket dat regele, mar yn de praktyk blike alle partijen der mei te wrakseljen om’t net eltsenien yn it rjochtsproses de Fryske taal machtich is. Wat is der nedich om it Frysk yn de rjochtspraak duorsum te boargjen?
Gerjochtshôfpresidint Jonneke Oosting oer de prosedurele rjochtfeardigens fan Frysk prate op sitting
Mr. Z.J. Oosting (presidint fan it Gerjochtshôf Arnhim-Ljouwert) besprekt de dilemma’s rûn it Frysk praten ûnder in sitting. Wat as oare prosesdielnimmers it Frysk net of matich behearskje? Alle partijen moatte nei-inoar lústerje kinne en inoars belangen begripe.
DINGtiid-bestjoerder Annalies Outhuijse oer duorsum boargjen fan it Frysk
Dr. Annalies Outhuijse (bestjoerder fan DINGtiid en bestjoersrjochtlik advokaat by Stibbe yn Amsterdam) leit út wêr’t DINGtiid yn petearen oer it Frysk yn de rjochtspraak tsjinoan rint. En jout har fyzje op hoe’t it brûken fan it Frysk de kwaliteit fan de rjochtspraak krekt befoarderje kin. Hoe soe it brûken fan it Frysk yn de rjochtsproseduere duorsum boarge wurde moatte?
Programma
DINGtiid hjit jo op sneon 4 novimber 2023 om 10.00 oere fan herte wolkom by de DINGtiid-lêzing yn it Paleis fan Justysje (Wilhelminaplein 1 yn Ljouwert). It programma set om 10.30 oere útein. Wy slute om 12.30 oere ôf mei in lunsj.
Wolkom troch Jan Koster (DINGtiid)
Lêzing Jonneke Oosting
Lêzing Annalies Outhuijse
Plenêre diskusje
Lunsj
Oanmelde
Graach foar freed 27 oktober 2023 oanmelde fia it online oanmeldformulier. Fol = fol. Tink der om, nim jo identifikaasjebewiis mei!
Op tiisdeitemiddei 26 septimber fiere it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en Mercator Europeesk Kennissintrum de Europeeske Dei fan de Talen, mei it tema “Taal & Rjocht”. Dat wurdt dien mei in rûnetafelpetear, poëzy en muzyk. Nei ôfrin is der in hapke en drankje.
Taal & Rjocht
“Fries wil geen Nederlands praten in rechtbank.” Sa kopte it Dagblad van het Noorden op 18 augustus it krante-artikel oer de rjochter dy’t de Fryske eed fan Jan Benedictus net akseptearre. Mar, sa seit Benedictus: “Dat rjocht haw ik.” Taalferskaat en de rjochtbank, hoe sit dat eins?
Yn in rûnetafelpetear sil dêr oer praat wurde mei:
Attje Meekma
Kommisjelid yn Fryslân (CDA) en foarsitter fan it Steatekomitee Frysk
Jan Benedictus
Ald-wethâlder fan Skarsterlân en yn it nijs fanwegen de Fryske eed yn de rjochtbank
Fieke Gosselaar
strafrjochtjurist by de rjochtbank Noard-Nederlân en streektaalconsulent by it Centrum Groninger Taal & Cultuur
Poëzy
Njonken it rûnetafelpetear is der poëzy fan Grinzer dichteresse Fieke Gosselaar, de Drintske dichteresse Ria Westerhuis. Fieke Gosselaar is net allinne strafrjochtjurist en streektaalconsulent, marsyskriuwt ek, sawol yn it Grinzers as yn it Nederlânsk. Ria Westerhuis skriuwt yn de streektaal fan de Reest – de leechlânbeek en grins tuksen Oerisel en Drinte – en yn it Nederlânsk.
Europeeske Dei fan de Talen
De Europeeske Dei fan de Talen is in inisjatyf fan de Ried fan Europa en wurdt sûnt 2001 alle jierren fierd. Yn Europa binne der mear as 200 talen. By de Rie fan Europa binne 81 regionale of minderheidstalen erkend fan mei-inoar 206 taalmienskippen. Dat binne talen lykas it Frysk, it Sorbysk, of it Dútsk dat fan Armenië oant Denemarken yn meardere lannen erkend is.
EBLT en Mercator Europeesk Kennissintrum
De middei wurdt organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy). It EBLT is in koepelorgaan dat him ynset foar de promoasje en beskerming fan minderheidstalen yn Nederlân. By it EBLT binne mear as tweintich organisaasjes oansletten dy ‘t harren ynsette foar de posysje fan it Frysk, Nedersaksysk, it Biltsk of it Papiamentu. Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen ûndersiket meartalich ûnderwiis en taallearen yn Europa.
Plak & tiid
It evenemint is iepenbier en fergees tagonklik en sil plakhawwe op tiisdei 26 septimber yn Kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar, oan de Bûterhoeke 1, Ljouwert. Ynrin is om 15:30 oere. It programma begjint om 16:00 oere en einiget mei in hapke en in drankje om 17:30 oere.
De Ried fan Europa hat it sânde rapport fan de Committee of Experts (ComEx) publisearre, oer it neilibjen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen troch Nederlân. De Ried fan Europa stelt dat it brûken fan Frysk, Nedersaksysk, Limboarchsk, Jiddysk en Romanes fersterke wurde moat. It rapport sjocht posityf nei de ûntwikkelings om it Papiamintu/o te erkennen en ropt op ta it taheakjen fan “taal” yn Nederlânske wetten oangeande lykweardige behanneling.
Kritysk
De ComeX hat noed oer it Frysk yn it ûnderwiis, benammen op de basisskoalle, en oer de ûntwikkelings op ‘e universiteit. Boppedat wiist de ComEx derop dat it Nedersaksysk en Limboarchsk op gjin inkeld ûnderwiisnivo in fêst plak hawwe. Oangeande it Frysk, ropt de ComEx op om drekst oan de slach te gean om de situaasje yn de rjochtbank te ferbetterjen, sadat it rjocht om it Frysk te brûken garandearre wurde kin. Wat media oangiet, ropt de ComEx op om it Nedersaksysk en Limboarchsk ta te heakjen oan ‘e Mediawet.
Rapportaazje
De útfiering fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen wurdt periodyk hifke. De Comex hat dizze simmer op besite west om nei te gean oft Nederlân foldocht oan alle ôfspraken yn it Hânfêst en oft der sprake is fan foar- of efterútgong.
Binne de trije bruorren Keimpe, Marten en Wybren Hogerhuis mei rjocht en reden feroardiele ta jierrenlange selstraffen of net? Op 16 febrewaris iepenet Obe by Tresoar de nije tentoanstelling ‘Rjocht of Unrjocht? – Wanhoop en woede om de Hogerhuis-zaak’. Yn de tentoanstelling wurdt dizze ferneamde rjochtsaak oer in ynbraak ‘weriepene’. Untdek de ins en outs oer de ynbraak mei bewizen en tsjûgeferklearringen en oardielje sels: binne de bruorren skuldich of ûnskuldich?
De bruorren Hogerhuis út Bitgum wurde yn 1896 feroardiele ta jierrenlange selstraffen. Keimpe, Marten en Wybren moatte seis, alve en tolve jier sitte yn de Ljouwerter Blokhúspoarte. Se binne oppakt as fertochten fan in ynbraak, mar binne se wol skuldich? De rjochtsaak ropt in soad fragen op en tsjûgen jouwe tsjinstridige ferklearringen. It folk is ferbjustere oer it fûnis. Woe justysje in foarbyld stelle? Spile it in rol dat de bruorren sosjalisten wienen? Wie der sprake fan klassejustysje? De saak krige sels lanlike bekendheid doe’t advokaat en sosjalistysk foarman Piter Jelles Troelstra him dermei bemuoide.
De tentoanstelling ‘Rjocht of Unrjocht? – Wanhoop en woede om de Hogerhuis-zaak’ is te sjen fan 16 febrewaris oant en mei 11 juny yn Obe by Tresoar, Heer Ivostraatje 1 yn Ljouwert.
Mear ynformaasje oer de tentoanstelling is te lêzen op tresoar.nl.
De Ried fan de Fryske Beweging hat besletten de saneamde Fear yn ´e Broek dit jier út te rikken oan rjochtbanktolk Fedde Dijkstra út Wurdum. De Ried kent de Fear sûnt 1994 geregeldwei ta oan persoanen of ynstellingen dy’t har tige fertsjinstlik meitsje op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. De priis sil útrikt wurde op sneon 27 novimber yn it skoft fan de Fedde Schurerlêzing. Dy lêzing is fan 15.00 – 17.00 oere yn de Koperen Tún yn Ljouwert.
De Ried is fan betinken dat Fedde Dijkstra him as rjochtbanktolk Frysk al jierren tige fertsjinstlik makket om Friezen dy’t yn Fryslân foar de rjochter ferskine, yn de gelegenheid te stellen Frysk te praten. Dat er dat net allinnich as wurk beskôget, mar it ek as in ferantwurdlikheid sjocht om foar dat rjocht fan de Friezen te striden. Hy is der benammen yn 2021, eksakt 70 jier nei Kneppelfreed, mei aksjes yn slagge om it rjocht fan Friezen om har memmetaal te brûken foar de rjochter, yn it omtinken te bringen fan de lanlike media en de Haachske politisy.
Mei it each op it boppesteande is de Ried fan de Fryske Beweging fan betinken dat de Fear yn ’e Broek dit jier Fedde Dijkstra takomt. De priis bestiet út in hânmjittich ynkleure, orizjinele linofyk fan byldzjend keunstner Fedde Hoekstra en in oarkonde.
Mei in soad publyk, sawol yn de steateseal as online, wie op freed 12 novimber de feestlike presintaasje fan Kneppelfreed 2021 mei Peter Boomsma, Piter Wilkens, Pier21 en de gastskriuwers, Kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok, advokaat Tjalling van der Goot en âld-boargemaster Johanneke Liemburg. Gastskriuwer en âld-lektor Alex Riemersma koe net oanwêzich wêze. De gearkomste is ek online werom te sjen fia itprovinsjehûs.
Yn 2021 is it 70 jier lyn dat kneppelfreed plakhie. Dêrom hawwe it EBLT, Uitgeverij Louise en Provinsje Fryslân de middei organisearre om stil te stean by it ferline en de takomst fan it Frysk, mei de feestlike presintaasje fan it boek Kneppelfreed 2021 fan skriuwer Peter Boomsma.
Gasthear Kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok iepene de gearkomste. Hy is optimistysk oer de takomst fan it Frysk, “mar it is wol wier dat de Friezen noch net útemansipearre binne….” De Kommissaris fan de Kening sjocht dêr ek in rol foar de Friezen sels: “Wy moatte útgean fan eigen krêft! Sels stappen setten bliuwe wat it Frysk oangiet. Sels it goede foarbyld jaan.”
Ik bin optimistysk oer de takomst fan it Frysk, it is wol wier dat de Friezen noch net útemansipearre binne….
Kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok
Hoe sjogge de skriuwer en gastskriuwers kneppelfreed, 70 jier letter? En wat betsjut it Frysk foar harren? Amarins Geveke gie yn petear mei skriuwer Peter Boomsma en de gastskriuwers advokaat Tjalling van der Goot, âld-lektor Alex Riemersma en âld-boargemaster Johanneke Liemburg en Kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok.
Piter Wilkens skreau spesjaal foar de middei in liet oer kneppelfreed. Even siet elkenien yn de rjochtbank yn it jier 1951, mei’t Ali Zijlstra fan Pier21 it publyk meinaam yn twa sênes fan Kneppelfreed.
Nimmen sil my myn taal ûntnimme, gjin macht, gjin mearderheid, gjin wet, sûnder pinne en papier of sûnder stimme myn taal sit yn myn tinzen en myn hert
Piter Wilkens
Piter Wilkens. foto: Arie Bruinsma
Ali Zijlstra. foto: Arie Bruinsma
It earste eksimplaar fan it twatalige boek Kneppelfreed 2021: ferline en takomst fan de Fryske taal/ verleden en toekomst fan de Friese taal gie nei Piety en Sjouke Kramer, dy’t as jongelju op it Saailân der by west hiene yn 1951.
It earste eksimplaar. Foto: Arie Bruinsma
Ta eintsjebeslút kamen útjouwer Eddy van der Noord en EBLT-bestjoerslid Jelle Bangma oan it wurd. Bangma sluet ôf troch njonken it Frysk ek nei oare lytse talen te sjen. It is wichtich om dy talen it iis te brekken en paden te sljochtsjen. “Dat bliuwt nedich yn alle domeinen dêr’t aspekten fan ‘e lytse taal yn ‘e knipe sit, de kop net boppe it meanfjild útstekke mei of op in oare wize der ûnder strûpt.”
De middei is organisearre troch Provinsje Fryslân, Uitgeverij Louise en it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT). De gearkomste is online werom te sjen fia it provinsjehûs.
Yn 2021 is it 70 jier lyn dat kneppelfreed plakhie. Dat is in goed momint om stil te stean by it ferline en takomst fan de Fryske taal. Op freed 12 novimber is dêrom de feestlike presintaasje fan Kneppelfreed 2021 mei Peter Boomsma, Piter Wilkens, Pier21 en de gastskriuwers, Kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok, advokaat Tjalling van der Goot, âld-lektor Alex Riemersma en âld-boargemaster Johanneke Liemburg.
Gasthear kommissaris fan de Kening drs. Arno Brok hjit elkenien wolkom en iepenet de gearkomste. Amarins Geveke, bestjoerslid fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), laat in fraachpetear mei skriuwer Peter Boomsma en de fjouwer gastskriuwers Arno Brok, advokaat Tjalling van der Goot, âld-lektor Alex Riemersma en âld-boargemaster Johanneke Liemburg. Boppedat is der in skets út de foarstelling Kneppelfreed fan Pier21 en sjongt Piter Wilkens in spesjaal troch him komponearre liet oer Kneppelfreed.
Utjouwer Eddy van der Noord ljochtet de eftergrûn fan it boek ta en it earste eksimplaar wurdt útrikt. De middei wurdt formeel ôfsletten troch Jelle Bangma, bestjoerslid fan it EBLT. Nei ôfrin is der in smûke neisit mei in hapke en in drankje.
De middei wurdt organisearre troch it EBLT, Uitgeverij Louise en Provinsje Fryslân op freed 12 novimber 2021 fan 15.00 oant 17.00 oere yn de steateseal fan it provinsjehûs te Ljouwert. Ynrin mei kofje, tee en wat lekkers fan 14.30 oere ôf.
Tagong allinnich nei oanmelding fia in mail nei it EBLT. Yn it provinsjehûs moatte jo jo koroanatagongsbewiis/QR-koade sjen litte en in mûlkapke drage oant jo by jo sitplak binne.