Dekker: “Regionale omroppen bliuwe sels baas oer programmearring”

De redaksjes fan de regionale omroppen hâlde sizzenskip oer de programma’s dy’t se útstjoere op radio en tillevyzje. Dat is de útkomst fan oerlis tusken steatssikretaris Sander Dekker en ROOS, de oerkoepeljende organisaasje foar de 13 regionale omroppen. De ôfspraken binne moandei nei de Twadde Keamer stjoerd.

Wol wurdt der in Regionale Publieke Omroep (RPO) oprjochte. Dy wurdt ferantwurdlik foar de administraasje fan de omroppen. Ek saken as finansjen, technyk en personiel wurde hjiryn ûnderbrocht. De besparring op dizze kosten is nedich om de besunigings fan 17 miljoen euro op te fangen by de regionale omroppen. De feroarings jilde fan 2017 ôf.

Yn syn keamerbrief skriuwt Dekker ek dat hy de eigen stjoerder foar Omrop Fryslân en it Frysktalich media-oanbod opnimme wol yn de mediawet. Oer de bestjoerlike oanstjoeren wol de steatssiktaris yn petear mei de provinsje Fryslân.

Boarne: Omrop Fryslân

Omrop Fryslân net langer selsstannich yn 2017

Omrop Fryslân ferliest syn selsstannichheid. Op 1 jannewaris 2017 giet de Omrop op yn in kluster mei RTV Noord en RTV Drenthe. De redaksje bliuwt bestean, it merk Omrop Fryslân ek, mar ûnderdielen as technyk, personielssaken, reklame, direksje en bestjoer wurde gearfoege.

Gefolch dêrfan is dat de tsientallen minsken yn it Noarden ûntslein wurde moatte. By Omrop Fryslân ferdwine sa’n 15 banen. De plannen sille neffens direkteur Jan Koster gjin gefolgen ha foar de Fryske taal, dy bliuwt. Continue reading “Omrop Fryslân net langer selsstannich yn 2017”