De Betelgeuze yn De Lemmer behellet it sertifikaat foar twatalich wurkjen

De Betelgeuze hat it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ behelle. Sy wurkje mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Op 28 septimber wie it dêrom feest. Dat feest stie folslein yn it teken fan it libben op de buorkerij mei allerhande tapaslike aktiviteiten. Dêrby ûntbleate wethâlder Chris van Hes it sertifikaat. Hy hat by de Fryske Marren it Frysk taalbelied yn syn portefeuille.

By it sertifisearringstrajekt kriget De Betelgeuze begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 280 bernedeiferbliuwen en pjutte-opfanglokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd. De Betelgeuze is de earste opfanglokaasje fan de Lemmer dy’t dit sertifikaat behellet. 

It sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ is útrikt troch wethâlder Chris van Hes. Foto: SFBO

De pedagogysk meiwurkers fan de Betelgeuze wurkje mei dúdlike taalôfspraken. Se brûke konsekwint ien taal, it Frysk of it Nederlânsk. Dêrby soargje sy dat der in grut oanbod is fan de Fryske taal. Dizze wurkwize soarget foar in optimale twatalige ûntwikkeling foar de jonge bern.


De Betelgeuze is ûnderdiel fan de koepel Doomijn. Sy biede berne-opfang oan yn Noard en Midden Nederlân. Se hawwe ek in oantal lokaasjes yn Fryslân, dy’t foar in grut part mei it twatalich belied wurkje. 


By de fisitaasje hawwe twa leden fan de kommisje sjoen nei it taalbelied, de taalomjouwing, it pedagogysk taalklimaat en it folgjen fan de twatalige ûntwikkeling. De kommisje skriuwt yn har rapport: 

“Op it bernedeiferbliuw De Betelgeuze binne de pm‘ers posityf en motivearre dwaande mei it taalbelied. Troch de wikseling fan kollega’s en ynfallers is it in komplimint dat de pm’ers it taalbelied sa oerein hâlde en harren ynsette om te kommen wêr’t sy no binne. It strukturearre oanbieden fan beide talen bliuwt ek foar de takomst in moaie útdaging.”

Bernedeiferbliuw Ringeling fan Dronryp behellet sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’

Sûnt oktober 2006 wurket bernedeiferbliuw Ringeling yn Dronryp mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Al yn 2008 hawwe sy dêr in sertifikaat foar behelle. Om de trije jier wurdt der op ‘e nij besjoen oft der op Ringeling noch foldien wurdt oan de easken. Ek diskear wie dat wer yn oarder en it sertifikaat ‘Boartsjendewei in taal derby’ is wer foar trije jier ferlinge.

Ringeling en twatalichheid

Ringeling heart by Stichting Kinderopvang Friesland, in organisaasje dy’t yn it grut part fan Fryslân ûnder oaren berne- en pjutte-opfang oanbiedt. 65 fan har lokaasjes wurkje mei in twatalich belied.

It wurkjen mei in twatalich belied sjocht der op dizze lokaasje as folget út: in part fan de pedagogysk meiwurkers biedt it Frysk oan, en in part it Nederlânsk. Beide talen krije ek omtinken by aktiviteiten, lykas sjongen en foarlêzen. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

foto: SFBO

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by Ringeling west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Yn har rapport skriuwt de kommisje ûnder oaren: ‘It is dúdlik dat dizze pm’ers in protte ûnderfining yn it wurk hawwe. Dêrby hawwe se ek sichtber wille yn it wurk en leafde foar de bern. It beneamen fan hannelingen fan de pm’ers of by de bern giet as fansels, sa wurkje jimme hjir. Yn it neipetear litte de pm’ers my in foarbyld sjen fan in foarlêsdoaze, it is prachtich! De bern stean der dan ek al gau omhinne. Ek yn de ien op ien mominten mei de bern sa as de flesse jaan, ferskjinje en op bêd bringen is der oandacht en bliuwe jimme rêstich nei de bern ta.’

By it sertifisearringstrajekt krijt Ringeling begelieding fan it SFBO kennissintrum meartaligens jonge bern. By it SFBO binne rom 280 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Pjutteboartersplak ‘It Boartersplak’ yn Ternaard is sertifisearre as pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling

Op tongersdei 4 desimber wie it dûbelt feest op pjutteboartersplak It Boartersplak yn Ternaard. It pjutteplak fan Stichting Peuterspeelzalen Dongeradiel wurket sûnt febrewaris 2012 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern. Sy hawwe it trajekt no ôfrûne en it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ behelle. Op 4 desimber wie it Sinteklaasfeest op It Boartersplak. Ferrassingspyt hat it sertifikaat út in Fryske Pitesek helle en oan liedsters Grietsje, Nynke en Annette oerlange. Alle bern hawwe in Frysk Pitesekje mei in Tomke-kado en in Sinteklaaskado fan Ferrassingspyt krigen. Continue reading “Pjutteboartersplak ‘It Boartersplak’ yn Ternaard is sertifisearre as pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling”

MBÛ-ers helje sertifikaten Frysk

Yn it selskip fan deputearre De Vries waarden de sertifikaten útrikt

 

 

 

 

 

 

 

Sûnt 2009 kinne kursisten fan ferskate opliedings fan it MBÛ in sertifikaat Frysk ferstean/sprekken helje. Dit skoaljier hawwe 15 kursisten fan ferskillende MBÛ-grienopliedings fan it  AOC Friesland op It Hearrenfean dat sertifikaat behelle.

Op 21 maaie krigen de kursisten it sertifikaat “Frysk ferstean yn de beropssitewaasje” of “Frysk ferstean en prate yn de beropssitewaasje” útrikt troch deputearre mefr. Jannewietske de Vries.

Om yn oanmerking te kommen foar sa’n sertifikaat moast in portfolio gearstald wurde, dêr’t kursisten yn oantoane, middels bewizen, dat hja it Frysk ferstean, as ek sprekke kinne.
De Provinsje hopet mei it stypjen fan sa’n provinsjaal sertifikaat dat it Frysk in struktureel en fêst plak krijt binnen it curriculum fan de MBÛ’s yn Fryslân. No is it faak noch sa dat de opliedings ûnfoldwaande omtinken jouwe oan meartaligens en it Frysk.