Dizze wike is it Sichtberensakkoart Frysk / Fryske taal ûndertekene troch minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes Hanke Bruins Slot en deputearre Sietske Poepjes.
sichtberens Frysk
It akkoart, as oanfolling op ‘e BFTK 2019-2023, makket it Frysk sichtberder yn ‘e iepenbiere romte en yn kommunikaasje-uterings. Sa wurde paadwizers yn iepenbiere romten yn Rykskantoaren yn ’e provinsje Fryslân twatalich en wurdt ek de tydlike bebuording en oare iepenbiere tydlike ynformaasjefoarsjenning om Rykswegen hinne twatalich. Boppedat ser it ministearje fan Ynlânske saken en Keninkryksrelaasjes Ryksbreed yn op it better foarljochtsjen oer it brûken fan ’e Fryske taal yn kommunikaasje- uterings út ’e Ryksoerheid wei.
De Fryske mbû-ynstellingen Aeres, ROC Friesland College en ROC Friese Poort sette yn ’e mande mei de Afûk en provinsje Fryslân de skouders ûnder it Frysk. Alle partijen sille sa mei-inoar it plak fan it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis fersterkje. De partijen hawwe de ambysjes en de dêrby hearrende doelen en wurksumheden fêstlein as ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030. Om dy ôfspraken te bekrêftigjen, setten fertsjintwurdigers fan de ferskillende ynstellingen fan ’e moarn harren hantekening ûnder it konvenant ‘Mei-inoar sette wy de skouders ûnder it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis’.
Deputearre Sietske Poepjes is ynnommen mei de plannen: ‘It middelber beropsûnderwiis is in wichtige ûnderwiissektor yn Fryslân. Sawat 70% fan alle ynwenners yn Fryslân mei in (berops)diploma hat in mbû-eftergrûn. It grutste part fan de mbû-studinten yn Fryslân sil wenjen en wurkjen bliuwe yn de regio. Krekt dêrom is it wichtich om binnen harren beropsoplieding goed omtinken te hawwen foar de meartalige sitewaasje yn Fryslân, mei dêrby in grutte rol foar de Fryske taal.’
Frysk yn it bedriuwslibben
It belang fan it Frysk docht ek bliken út resint ûndersyk fan E&E advies (2020) nei de posysje fan it Frysk yn it bedriuwslibben. Wurkjouwers jouwe oan dat by 54% fan de bedriuwen meiwurkers faak oant hiel faak yn kontakt komme mei it Frysk yn relaasje ta de klanten. Sa’n 76% fan de bedriuwen jout ek oan dat sy it ferstean fan it Frysk troch harren wurknimmers wichtich fine. Dêrmei hat it Frysk yn it ekonomysk ferkear in wichtige posysje.
Studinten sille yn harren mbû-oplieding op ferskillende wizen yn ’e kunde komme mei it Frysk. Sa wurkje de studinten oan taalbewustwêzen en taalhâlding oan ’e iene kant en oan taalfeardichheden Frysk oan ’e oare kant. De eigen beropspraktyk fan de yndividuele studint stiet dêrby sintraal.
Taalplan Frysk 2030
Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Semko, SFBO en de provinsje Fryslân. Mei it Taalplan Frysk wurdt ynvestearre yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s.
Fan ’e wike ferskine tagelyk by de Fryske útjouwerij Afûk en by de Faeröerske útjouwerij Bókadeild Føroya Lærarafelags twa bysûndere nije boeken. ‘De Beam’ is de Fryske titel fan it oarspronklik Faeröerske printeboek TRÆIÐ, skreaun en tekene troch Bárður Oskarsson. ‘Tije – drongurin og rottumaðurin’ is de Faeröerske titel foar it oarspronklik Fryske (foar)lêsboek ‘Tije’, skreaun en tekene troch Mirjam van Houten.
Fan it NPLD (Network to Promote Linguistic Diversity) út, dêr’t deputearre Sietske Poepjes it foarsitterskip krekt fan oerdroegen hat, hat Fryslân bannen mei ferskate regio’s op it mêd fan taal. Sa kaam it dat de earste bûtenlânske wurkbesite fan Arno Brok as Kommissaris fan de Kening him yn maart 2019 nei de Faeröer eilannen brocht om dêr de kulturele en ekonomyske bannen mei Fryslân oan te heljen. By in gearkomste mei Hanna Jensen, de Faeröerske minister fan kultuer en edukaasje dêr’t ek Niels Jákup Thomsen fan Bókadeild Føroya Lærarafelags útnûge wie, ûntstie it idee fan in ‘book-swap’. Kommissaris Brok seach fuortendaliks de mooglikheden.
In moanne letter, op de berneboekebeurs yn Bologna, socht útjouwer Ernst Bruinsma fan de Afûk foar it earst kontakt mei útjouwer Niels Jákup Thomsen. Dêr moete hy ek de skriuwer Bárður Oskarsson. It gesprek krige in ferfolch op de Buchmesse yn Frankfurt en dêr waard definityf de ôfspraak makke om in boek fan elkoar út te jaan. De Afûk keas foar it priiswinnende boek ‘De beam’ fan skriuwer en yllustrator Bárður Oskarsson (Tórshavn, 1972) en Thomsen keas mei syn team ‘Tije’ út fan skriuwer en yllustrator Mirjam van Houten (Beetstersweach, 1977). Bysûnder oan beide titels is (ek) dat de skriuwers multytalinten binne en sels de yllustraasjes foar harren boek makke hawwe.
It NPLD, Network to Promote Linguistic Diversity, hat op 1 desimber in nij bestjoerformaasje krigen,
mei Agustina Vilaret González as nije foarsitter. Njonken González hawwe William Cisilino en Bethan Webb sit.
Lês hjir mear.
Dêrmei komt der nei trije jier in ein oan it foarsitterskip fan deputearre Sietske Poepjes:
It EBLT wie ôfrûne freed oanwêzich by de ûndertekening fan it nije Bestjoersakkoart Fryske Taal en kultuer troch minister Ollongren, kommissaris Brok en taalskipper Poepjes. Foar in wiidweidige analyze fan alle 55 siden is it noch te betiid. It EBLT is wiis mei de foarútgong, mar hat ek noch wol in pear winsken en suggestjes.
De tiende oktober van 2018 zal in de geschiedenis van et Nedersaksisch, de perveensies Drenthe, Grunningen, Overiessel, de Gelderse regio’s Aachterhoeke en Veluwe en de regio Stellingwarf in Zuudoost-Frieslaand een biezunder plak kriegen. Veur menister Ollongren en toegelieke uut naeme van de Nedersaksische overheden verklaorde siktaoris-generaol drs. Maarten Schurink van Binderlaanse Zaeken et Nedersaksisch tot een volweerdige, zelsstaandige tael. Dat gebeurde op een grote bi’jienkomst mit meraokels veul geneudigden in et perveensiehuus in Zwolle. Daoronder veul warkers, bestuurders en adviseurs van de taelinstituten in de verschillende Nedersaksische regio’s. Continue reading “Nedersaksisch erkend as volweerdige, zelsstaandige tael”
Op 9 novimber 2017 wie it EBLT oanwêzich by it kongres fan it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD) en Centre Maurits Coppieters yn Brussel. It tema fan it kongres wie “The Current Challenges for Minority Languages in today’s complex societies”, ferdield yn trije ûnderdielen, nammentlik migraasje en mobiliteit, ekonomy, en ûnderwiis.
Yn it iepeningswurd fan presidint Sietske Poepjes neamde sy de Brexit en de situaasje yn Kataloanië. It docht bliken dat de belangen fan naasjesteaten noch hieltiid boppe dy fan de regio’s en de minderheden lizze. Neffens frou Poepjes is gjin ien taal wichtiger as de oare, en moat elkenien de eigen taalidentiteit binnen in naasje hâlde kinne. Se neamde ek it belang fan it Minority SafePack Initiative, dat noch hieltiid in soad hântekenings nedich hat. It inisjatyf kin hjir tekene wurde.
Michael Teutsch, DG edukaasje, jongerein, sport en kultuer fan de Europeeske Kommisje, neamde de fokus op grinsregio’s foar de kommende jieren, en it ûntwikkeljen fan bettere learmetoades foar meartalige skoalklassen.
By Tresoar yn Ljouwert wie op 26 septimber in grutte manifestaasje as startsinjaal foar it Minority SafePack Initiative. Tagelyk waard it inisjatyf troch de Deputearre Steaten fan Fryslân en Fryske leden fan it Europeesk Parlemint ûndertekene yn Brussel. Deputearre Sietske Poepjes, kommissaris fan de Kening Arno Brok en Europarlemintslid Jan Huitema wiene dêrby, en ek noch Europarlemintariërs út Roemenië, Hongarije en Itaalje. Troch in live-ferbining koe it tekenjen folge wurde by Tresoar.
Yn Ljouwert wie de manifestaasje organisearre troch it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT), yn gearwurking mei de Federal Union of European Nationalities (FUEN), de Ried fan de Fryske Beweging en it Mercator Kennissintrum. Siart Smit fan Lân fan Taal trape de reeks koarte praatsjes ôf, mei de boadskip ek de wille fan meartaligens te ûnderstreekjen.
Pier Bergsma fan de Ried fan de Fryske Beweging en Cor van der Meer fan Mercator holden harren stikje yn it Frysk. Henk Bloemhoff liet it Stellingwerfs troch de seal klinke. Nina Peckelsen fan jongereinorganisaasje YEN wie by de start fan de kampanje yn Roemenië west en fertelde koart oar har ûnderfining. Mei de YEN Bustoer sil der yn’t koart yn Ljouwert ek wer omtinken foar it SafePack frege wurde.
Froukje de Jong, foarsitter fan it EBLT, hold har praatsje yn it Bildtsk. Mei in selskip fan Tryater, ûnder leiding fan Ira Judkovskaja, kamen Russysk en Ljouwerters oan bod. Bildtske sjonger Hein Jaap Hilarides soarge foar muzikaal intermezzo. Sa waard it in werklik meartalich evenemint.
Underwilens hiene de gasten de mooglikheid om te plak it inisjatyf te tekenjen. Yn de Europeeske Uny binne der sa’n 50 miljoen minsken dy’t ta in minderheid hearre. Om harren te stypjen is it Minority SafePack Initiative ûntston. It moat sa folle mooglik ûndertekeners hawwe om jildich te wêzen: op syn minst ien miljoen. Yn Nederlân leit dy drompel op 19,500. Der is noch oan’t april 2018 de mooglikheid om te tekenjen op www.boargerinisjatyf.nl.
Op papier doge de ôfspraken oer it Frysk, yn ‘e praktyk hâldt gjinien him der lykwols oan. De konklúzje fan DINGtiid orgaan foar de Fryske taal is dan ek dat der in ‘Taalskipper’ nedich is. Immen dy’t stjoert op eigenerskip en it neikommen fan de ôfspraken. Deputearre Sietske Poepjes joech ferline jier oan dy rol graach yn te foljen. DINGtiid soe graach sjen dat provinsje Fryslân no mear foarm en ynhâld oan dy rol jout.
In der Landesvertretung Schleswig-Holstein in Berlin fand auf Einladung der Minderheitenbeauftragten des Ministerpräsidenten des Landes Schleswig-Holstein, Renate Schnack, und des Beauftragten der Bundesregierung für Aussiedlerfragen und nationale Minderheiten, Hartmut Koschyk, der Auftakt für einen regelmäßigen deutsch-niederländische Austausch zu Fragen der Friesischen Volksgruppe statt.
Neben den Mitgliedern des Beratenden Ausschusses für Fragen der friesischen Volksgruppe in Deutschland und den in den Niederlanden lebenden Westfriesen wurden Vertreter des deutschen und des niederländischen Parlaments sowie der Regierung beider Länder sowie Vertreter von Nichtregierungsorganisationen eingeladen.
Dem politischen Gespräch mit anschließendem kulturellem Austausch war die Sitzung des Beratenden Ausschusses für Fragen der friesischen Volksgruppe in Deutschland, vorangegangen, die Bundesbeauftragter Koschyk leitete. Die Sitzungen des Beratenden Ausschusses sind Basis des politischen Dialogs und Austausches untereinander.
Der Ausschuss setzt sich aus Vertretern des Bundesministeriums des Innern, je einem Mitglied des Frasche Rädj/Friesenrat Sektion Nord e. V., der Friisk Foriining, des Nordfriesischen Vereins, des Seelter Buundes, dem Direktor des Nordfriisk Instituuts und je einem Vertreter der Länder Niedersachsen und Schleswig-Holstein zusammen. In seiner gestrigen Sitzung beschlossen die Ausschussmitglieder darüber hinaus die Aufnahme je eines Vertreters des Friesenrats Sektion Ost e.V., des Interfriesischen Rates, des Minderheitensekretariats und der Beauftragten der Bundesregierung für Kultur und Medien als ständige Mitglieder.
Die Aufnahme eines Vertreters des Interfriesischen Rates soll der Bedeutung der friesischen Volksgruppe Rechnung tragen. Die Friesen in Deutschland und den Niederlanden haben ihre gemeinsamen Interessen und ihren Wunsch nach grenzüberschreitender Vernetzung und Kooperation in der sogenannten Klockrieser Erklärung des Interfriesischen Rates – der gemeinsamen Dachorganisation der niederländischen Westfriesen und der deutschen Ost- und Nordfriesen – bereits im Jahr 2014 zum Ausdruck gebracht und einen entsprechenden Appell an die Länder Schleswig-Holstein und Niedersachsen sowie die niederländische Provinz Friesland gerichtet.
Sowohl in Deutschland als auch in den Niederlanden ist die friesische Volksgruppe als nationale Minderheit im Sinne des Rahmenübereinkommens zum Schutz nationaler Minderheiten und die friesische Sprache als Minderheitensprache nach der Europäischen Charta der Regional- oder Minderheitensprachen anerkannt. Schutz und Förderung der friesischen Volksgruppe und der friesischen Sprache sind deshalb ein gemeinsames Anliegen Deutschlands und der Niederlande. Continue reading “Hartmut Koschyk: Friesische Volksgruppe ist wichtige Brücke zwischen Deutschland und den Niederlanden”