Hoera! De Folkshegeskoalle bestiet dit jier mar leafst 75 jier! Dêrom is der in winaksje: stjoer dyn moaiste ferhaal yn en win in wykeintsje Skylge!
Winaksje: stjoer dyn moaiste ferhaal yn en win in wykeintsje Skylge!aksje
Wy binne op syk nei 75 jier oan ferhalen! Troch de jierren hinne is de Folkshegeskoalle op ferskate flakken feroare, groeid mar ek itselde bleaun. Fan it Folkshegeskoalle-gefoel yn de sliepsealen oant in fernijd, mar smûk Bopperom. It idee efter de Folkshegeskoalle is altyd itselde bleaun: wy wolle moetingen tusken minsken, persoanlike groei en edukaasje stimulearje.
Om it ferhaal fan 75 jier Folkshegeskoalle fertelle te kinnen, binne wy op syk nei jimme ferhalen. Freonskippen, mei-inoar ite, de bûnte jûn fan it Simmerkamp of in opbloeide românse: fertel it ús!
Win in wykein fuort! Stjoer dyn ferhaal op nei info@folkshegeskoalle.nl. It meast hertferwaarmjende oantinken wint twa nachten fuort yn ien fan ús moaie akkomodaasjes, ynklusyf moarnsiten!
Akkie Feenstra út Harns wurdt de nije direkteur fan Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge. Feenstra wurket no as senior kommunikaasje-adviseur by de Gemeente Ljouwert en lid fan it ekspertteam krisiskommunikaasje by Veiligheidsregio Fryslân. Earder wurke sy ûnder oaren by de gemeente Skylge. Sy folget yn oktober Jacqueline Spendel op, dy’t de Folkshegeskoalle ferlit om oan de slach te gean by it Fries Museum.
Akkie Feenstra bringt in soad ûnderfining mei op it mêd fan kommunikaasje, liedingjaan en belied. Sy wurket sûnt 2015 by de gemeente Ljouwert en wie dêrfoar ynterim teamlieder belied & regy en strategysk kommunikaasjeadviseur by de Gemeente Skylge. Earder wurke Feenstra yn ferskate kommunikaasjefunksjes yn de soarchsektor en wie sy wurksum yn it ûnderwiis en de hoareka.
Akkie Feenstra (Mitch de Pon)
Jitske de Hoop, foarsitter fan it bestjoer fan Folkshegeskoalle Schylgeralân: “Wy binne bliid mei Akkie Feenstra as belutsen en besiele nije direkteur. Njonken har ûnderfining bringt sy in breed netwurk mei, yn sawol de Fryske as de Skylger mienskip. Sy ken ek de identiteit en histoarje fan de Folkshegeskoalle út de perioade dat sy wenne en wurke yn Denemarken, dêr’t de folkshegeskoallen ûntstien binne.”
Akkie Feenstra: “Yn ús jierrenlange ferbliuw yn Denemarken, it lân fan Grundtvig en de Folkehøjskole, bin ik yn ‘e kunde kommen mei de Deenske tradysje om in jier op in højskole te wenjen. Folkshegeskoalle Schylgeralân stiet foar deselde idealen ek al giet it hjir om kursussen fan meardere dagen. Ik haw der in soad nocht yn om dy tradysje troch te setten en út te bouwen.”
De Hoop: “De Folkshegeskoalle bestiet dit jier alwer 75 jier en is noch hieltyd in ynspirearjend plak foar ûntwikkeling en moeting. Us organisaasje hat de ôfrûne jierren ûnder lieding fan Jacqueline Spendel, nettsjinsteande de Koroana-perioade, in moaie ûntwikkeling trochmakke. Wy binne as bestjoer grutsk op it team fan meiwurkers en frijwilligers en hawwe der alle betrouwen yn dat Akkie Feenstra yn ‘e mande mei harren dizze unike organisaasje én syn gasten bloeie litte kin.”
Oer de Folkshegeskoalle Folkshegeskoalle Schylgeralân fersoarget en organisearret kursussen fan mear dagen en aktiviteiten mei in edukatyf of (sosjaal)kultureel karakter. Dêrneist binne yndividuele gasten en groepen wolkom foar in ferbliuw. De akkomodaasjes binne boud op én yn de (fûneminten fan) bunkers fan de âlde Atlantikwall. De Folkshegeskoalle is in moetingsplak midden yn de bosk fan Hoarne, mei woartels yn de Fryske mienskip. De Folkshegeskoalle is as iennige noch oerbleaune folkshegeskoalle unyk yn Nederlân.
Bisto de direkteur dy’t past by in bysûndere organisaasje op in unyk plak? Dy’t belutsen, besiele en krêftdiedich is? En hasto affiniteit mei Skylge, de Fryske kultuer en toerisme? Lit it witte en sollisitearje nei de funksje fan direkteur fan de moaie Folkshegeskoalle Schylgeralân.
De filosofy fan de Folkshegeskoalle
In skoftke lyn joech de hjoeddeiske direkteur Jacqueline Spendel yn it ramt fan it 75-jierrige bestean in prachtich ynterview yn Terschelling Magazine. Se fertelt dêryn oer de filosofy fan de Folkshegeskoalle en hokker koers sy de ôfrûne jierren fearn hat.
Jacqueline sil ús yn oktober ferlitte om oan ‘e slach te gean mei in prachtige nije útdaging: It Fries Museum op Paad. It bestjoer fan de Folkshegeskoalle winsket har in soad gelok en sukses ta yn dy nije funksje en sil har positive en fleurige oanwêzichheid misse!
Wolsto in better byld krije fan wêr’t de Folkshegeskoalle foar stiet en fan it paad yn de ôfrûne jierren? Lês dan it hiele ynterview mei Jacqueline.
fakatuere
Reagearje kin oant en mei 11 july 2023. De earste petearen binne op freed 14 july 2023. Eventuele twadde petearen wurde pland yn de wike fan 17 july 2023.
It liket wol as giet de tiid oan ‘e ein fan it jier nóch flugger. Foardatst it witst, is it nije jier al útein set. Faak wurde der troch bedriuwen en fûnsen dan passende slogans betocht, yn de foarm fan goede foarnimmens of tema’s. De Folkshegeskoalle Schylgeralân jout dêr graach harren eigen slinger oan: 2023 roppe sy út ta It jier fan de Ienriedigens.
It jier fan de Ienriedigens: kursusoanbbod 2023
Krekt omdat der fan alles oan de hân is yn ‘e wrâld, wolle sy sunich wêze op de lytse, mar och sa wichtige dingen yn it libben: weardefolle moetings, stilte, elkoar in lústerjend ear biede, efkes hearlik laitsje en mei-inoar ûntspanne. It kursusoanbod foar 2023 jout dêr alle romte ta. Sy hoopje dan ek dat sy jimme yn it nije jier wer moetsje meie.
Foar no winsket it hiele tiim fan de Folkshegeskoalle jimme in ienriedich 2023 ta!
It hiele kursusoanbod foar 2022 stiet no op de webside fan de Folkshegeskoalle.
Sy hawwe wer in hiel útinoar rinnend programma yn ‘e oanbieding, mei fertroude gesichten en in tal nijkommers. Fia dizze link kinne jo it programma besjen.
De Folkshegeskoalle is tydlik ticht foar groepsaktiviteiten, mar losse gasten binne noch fan herte wolkom!
De Folkshegeskoalle Schylgeralân is wakker bliid dat sy wer gasten om harren hinne hawwe, dat sy fertroude en nije gesichten wolkom hjitte meie op it moaie plak by Hoarn, Skylge.
Der binne it kommende healjier nije kursussen – lykas de eigen workshop Spekstien – en in pear nije retrêtes. Dêrneist sjocht de Folkshegeskoalle út nei de populêre sjongwykeinen, kreative dagen en meditaasjegroepen. Der is genôch te kiezen foar elkenien út it programma!
Ek sûnder kursus is der alle romte foar in noflik ferbliuw op de Folkshegeskoalle. Ien fan de apparteminten is noch frij tusken woansdei 25 augustus en moandei 6 septimber.
It ôfrûne wykein stiene de trije dialekten fan Skylge sintraal op de de Fryske Folkshegeskoalle.
Taalkundich ûndersiker Siebren Dyk fan de Fryske Akademy fergelike de trije dialekten fan Skylge meielkoar oan de hân fan klanken en wurden. Griet en Cor van der Pol liezen en songen yn it Westers by it hurdfjoer. Continue reading “In wykein fan Skylger dialekten”
De Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge bestiet 70 jier en fiert dat ûnder oaren mei 4 bysûndere temajûnen yn bûtenteater De Rondte. Op dy jûnen stean Lytse Talen sintraal. Der wurdt gearwurke mei ferskate kulturele partners, oan de fêste wâl en op Skylge.
Identiteit en folkskultuer spylje in wichtige rol op de Folkshegeskoalle, 70 jier ferlyn oprjochte as in moetingsplak om de Fryske kultuer fuort te sterkjen en mei-inoar te dielen. Taal as drager fan dy identiteit en kultuer is in hieltyd weromkommend tema op Folkshegeskoalle. It jubileumprogramma is ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd Leeuwarden-Fryslân 2018 en Lân fan Taal. We fiere it jubileum mei ús eigen gasten en ek seker mei alle eilanners en badgasten fan Skylge. Continue reading “Jubileumfiering mei lytse talen op de Folkshegeskoalle Schylgeralân”
De Nederlandse Taalunie en de provinsje Fryslân binne fan doel om tegearre belied te ûntwikkeljen foar de Frysk-Nederlânske mingtalen yn Fryslân. Yn tsjinstelling ta it Frysk en it Stellingwerfsk (Nedersaksysk) binne dy mingtalen troch de Nederlânske oerheid net erkend ûnder it Europeesk Hânfest foar regionale talen en talen fan minderheden.
Datum en tiid: sneon 7 oktober 2017, 09.00-13.30 oere
Plak: Aerden Plaets, Dominee Schulingstraat 4-6, Alde Biltsyl
Tagong en opjefte: de tagong is fergees, mar opjefte yn it foar is wol needsaaklik. Dat kin o/m freed 29 septimber fia mw. Margje Wolthuizen (e-mail: mwolthuizen@fryske-akademy.nl of tel. (058) 233 69 24).
De mingtalen dêr’t wy it oer hawwe binne it Biltsk, it Stedfrysk (Boalserters, Dokkumers, Franekers, Harlingers, Liwwadders, Snekers, Starumers, Kollumers), Pompsters, en de talen fan de eilannen Skylge (Aasters, Mezlâns en Westers), it Amelân en Skiermuontseach. It Hylpers is taalkundich besjoen gjin mingtaal, mar wurdt fanwegen it belied fan de provinsje Fryslân meinommen yn dizze ynvintarisaasje.
Yn de gearkomste wolle wy de winsken en noeden fan taalbrûkers, organisaasjes en minsken yn it wurkfjild ynvintarisearje en redendiele mei politisy en amtners oer hoe’t dat taalbelied der útsjen moat.
De fiertalen fan it sympoasium binne Nederlânsk< Frysk en alle boppeneamde taalfariëteiten.
Yn de tsjerke fan Hoorn wurd op sneintemiddei 11 oktober in bysûnder jubileum fiere. It is dat wykein de 25ste kear dat op de Folkshegeskoalle Schylgeralân it sjong wykein Kom & Sjong organisearre wurdt. It is dit jier 25 jier lyn, dat Atze Reidinga en Koop Scholten werris mei de ‘âldere generaasje’ fan 40+ ers de lieten út de bondels Jan Pierewiet en De Stem van Allard sjonge woenen. Op de Folkshegeskoalle (FHS) yn Hoarne waard in wykein regele mei as muzikale lieding Hindrik van der Meer.
It wie in grut sukses, dat no noch wurdt mei itselde konsept wurke. Frysk en oare talen komme oan bod, de fiertaal is yn haadsaak Frysk, mar ek net-Frysk praters fiele har yn de wykeinen thús. Koarûnderfining is net nedich, nocht oan sjongen bringt de dielnimmers bijelkoar. Yn de rin fan de jierren hat de muzikale lieding nêst Hindrik van der Meer yn hannen west fan û.o. Willem Zijlstra & Clara Vogt; Jelle Bangma-trio; Nanne Kalma & Ankie van der Meer; Claartje van Dokkum mei efterienfolgens Meindert Bosklopper, Rob Faltin en no mei Jelma Wiegersma. Continue reading “Jubileumkonsert 25 jaar Kom & Sjong op Folkshegeskoalle ‘Schylgeralân’”