28e Ynterfrysk Kongres: De Ferbinende Ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne

Fan 15-17 septimber hat it 28e Ynterfrysk Kongres plak yn Ljouwert en Dokkum. It tema fan it kongres is: De Ferbinende Ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne.

It Ynterfrysk Kongres wurdt organisearre troch de Fryske Rie en is dit jier yn gearwurking mei de ynternasjonale Konferinsje fan de Fryske Geasteswittenskippen, organisearre troch û.o. de Fryske Akademy, NHL Stenden Hegeskoalle en Ryksuniversteit Grins. Dielnimmers fan it Friezenkongres kinne harren oanslute by de publyksmiddeis fan 15 en 16 septimber. Op 17 septimber organisearret de Fryske Rie it sympoasium mei de titel De Ferbinende Ekonomy fan de Fryslannen troch de iuwen hinne.

Sprekkers

De haadsprekkers op it sympoasium fan 17 septimber binne binne û.o. Nelleke Ijssennagger van der Pluijm en Han Nijdam (Fryske Akademy), Pieter van der Valk (Universiteit Wageningen) en Ynze Salverda, Martin Cnossen en Otto Knottnerus.

Nei it sympoasium is der in ekstra program mei in rûnlieding troch de Bonefatiuskapel en oekumenyske meartalige tsjerketsjinst en de jûns sil der ôfsluten wurde mei muzyk.

De útnûging en it folsleine programma (FRY, NL, DE) is hjir te finen.

Lokaasje en opjefte

It sympoasium op sneon 17 septimber hat plak yn Dokkum, yn De Ijsherberg oan de Harddraversdijk 1.

Kosten dielnimmers Deiprogram 25 euro, ynklusyf jûnsiten en jûnsprogram 52,50 euro, koarting studinten 7,50 euro. It opjefteformulier is te finen yn de flyer.

Twadde Konferinsje fan de Fryske Geasteswittenskippen: Fearkrêft fan 14-16 septimber

Fan 14-16 septimber hat de Twadde Konferinsje fan de Fryske Geasteswittenskippen plak yn Ljouwert. It tema fan dizze ynternasjonale konferinsje is mei it tema ‘Fearkrêft’

Fearkrêft

It Frysk en de Fryske skiednis kent op ferskate mêden in grutte fearkrêft. Sa wiene de Friezen yn de midsiuwen by steat om har eigen bestjoer en eigen rjochtssysteem oerein te hâlden. De ferneamde Fryske Frijheid jildt as in prachtich foarbyld fan fearkrêft. Mar men kin ek tinke oan de 19e iuw, doe’t de Romantyk en de Fryske Beweging opkamen yn de kontekst fan it nije Keninkryk der Nederlannen. Dy ûntwikkelings ha in soad betsjutten foar de komst fan in standert grammatika, de stúdzje nei de Fryske taal en foar de Fryske literatuer. 

Fearkrêft fan it Frysk is ek hjoed-de-dei in wichtich tema. Hoe kin in lytse taal har steande hâlde yn in hieltyd globalisearjendere wrâld? Ek no sjogge wy ûntwikkelings, bygelyks binnen it ûnderwiis mei it ambisjeuze Taalplan 2030 en de opkomst fan technologyske tapassings lykas spraakwerkenning en –synteze foar lytse talen.

Men kin tinke oan de yntegraasje fan lytse of minderheidstalen yn it meartalich ûnderwiis, sawol binnen it foarskoalsk ûnderwiis as basis-, fuortset ûnderwiis en oant ûnderwiis oan folwoeksenen. De útdagings dêr’t lytse talen tsjinoan rinne as sy spraak- en/of taaltechnologyske tapassings ûntwikkelje wolle komme oan bod

Sprekkers

De haadsprekkers op de konferinsje fan trije dagen binne Barbara Gross (Free University of Bozen-Bolzano en Goethe-University Frankfurt), Jarich Hoekstra (Christian-Albrechts-Universität Kiel), Joep Leerssen (Universiteit van Amsterdam) en Odette Scharenborg (TU Delft). It folsleine programma is hjir te finen.

Publyksmiddeis en Akademydei

Op ‘e tongersdeitemiddei is der in publyksmiddei en op ‘e freedtemiddei is it de Akademydei en wurdt de 84ste Dies Natalis fan de Fryske Akademy fierd. Dy beide middeis binne fergees tagonklik (tagong foar de moarns ynklusyf drinken en middeisiten is €45,-). 

Organisaasje

De organisaasje fan de Konferinsje yn hannen fan de Fryske AkademyMercator European Research CentreNHL Stenden University of Applied SciencesUniversity Groningen en University Groningen / Campus Fryslân. Boppedat wurdt der gearwurke mei de Fryske Rie y.f.m. it Ynterfrysk Kongres mei in sympoasium op 17 septimber, yn Dokkum.

Lokaasje en opjefte

De konferinsje hat plak yn Ljouwert, yn it Westcord WTC Hotel yn Ljouwert. In passe-partout is €160,- of €100,- mei studintekoarting.

Op Conference on Frisian Humanities kinne jo jo (oant 1 septimber) opjaan foar de aktiviteiten en mear ynformaasje fine oer de konferinsje, sprekkers, programma, ensafh.

Minsken socht dy’t Noordwoldigers prate

Foto: Omrop Fryslân
De organisaasje fan it Zomerfestival Noordwolde siket minsken dy’t it oarspronklike Noordwoldigers noch sprekke. It giet om de streektaal of eins de koloniale tongfal. De festivalorganisaasje wol dit jier omtinken jaan oan it koloniale ferline fan Noardwâlde.

Der binne in grut tal anekdoates út dy tiid bewarre bleaun. It doel is om dizze te bewurkjen yn in ferhaal dat op 20 en 21 juny ferteld wurde moat yn it oarspronklike Noordwoldigers. De organisaasje hat sels socht nei doarpelingen dy’t har helpe wolle, mar hat gjin sprekkers fûn.

Boarne: Omrop Fryslân