Op it slotwykein fan Kulturele Haadstêd Donostia/San Sebastián yn Baskelân waard it Protocol to ensure linguistic rights presintearre en ûndertekene troch fertsjintwurdigers fan taalminderheden út hiel Europa wei. It ‘Protokol’ is in ynvintariaasje fan mei-inoar sa’n 185 maatregels dy’t oerheden en sprekkers fan minderheden nimme kinne om in minderheidstaal gelikense kânsen en ûntwikkelingsmooglikheden te jaan as de grutte steatstalen. It protocol is in inisjatyf fan Kontseilua, de Baskyske koepel fan taalorganisaasjes en fan Kulturele Haadstêd Donostia/San Sebastián. Fryslân wie by de ûndertekening fertsjintwurdige troch EBLT-foarsitter Froukje de Jong-Krap en troch Durk Gorter, lid fan de wittenskiplike advysried fan it protokol.
Yn in útferkochte Kursaal yn Donostia/San Sebastián waard it dokumint presintearre oan sa’n 600 belangstellenden út hiel Europa wei. It evenemint waard live útstjoerd op televyzje en ynternet troch de Baskyske omrop Euskal Telebista. Njonken sprekkers en hantekens wie der ek dûns en muzyk fan de ferneamde Baskyske txalaparta-band Oreka Tx. Continue reading “EBLT tekenet Protocol to Ensure Language Rights yn Kulturele Haadstêd Donostia/San Sebastián 2016”