Yn in waarm mar smûk Theater De Bres is op tongersdeitejûn 18 juny de winner bekendmakke fan de Fryske Essaywedstriid fan It Skriuwersbûn en Tresoar. Nei in ynlieding troch de foarsitter fan It Skriuwersbûn, Ammerins Moss-de Boer, dy’t yngie op it wêrom fan de priis en weromseach op de foarige edysje, yn 1994, wie it earst tiid foar in moai stik muzyk fan Bennie Huisman om yn de sfear te kommen. De sjuery, Abe de Vries, Doeke Sijens en Jelma Knol, hat mei nocht de 20 jildige ynstjoerings lêzen en levere in útwreidsk sjueryraport ôf, dat foarlêzen waard troch Jelma Knol. De trije finalisten, Anna Bilker, Josephine Wernsen en Tamara Feddema, liezen dêrnei harren essays foar. Fan de trije essays, oer grammatika en ûnregelmjittige tiidwurden, it lûd fan mychhimmels en de rauwe needsaak fan it skriuwen sels, kaam úteinlik dat fan Tamara Feddema as winner út de bus. Sy wûn de 500 euro. De bekendmakking waard dien troch it presintearjen fan de nijste Ensafh., dêr’t Tamara foar op it omkaft stiet.
F.l.n.r.: Josephine Wernsen, Tamara Feddema en Anna Bilker. Foto: Sjieuwe Borger.
De winnende essays en it sjueryrapport binne nei te lêzen yn de nije Ensafh., dy’t te keap is fia de eigen website of yn de Afûk-winkel.
Op woansdei 16 septimber begjint it nije stúdzjejier fan de Skriuwersfakskoalle, de oplieding foar wa’t literêre teksten yn it Frysk skriuwe wol. Wa’t kennis meitsje wol mei de skoalle is op woansdeitejûn 2 septimber fan 19.00 oant 21.30 wolkom by in fergeze yntroduksjeles by Tresoar yn Ljouwert.
De Skriuwersfakskoalle is in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en de Schrijversvakschool, en biedt trajekten foar sawol begjinnende as betûfte skriuwers. De basis is in mearjierrige dieltiidoplieding mei in fêst kurrikulum, mei lesblokken yn Skriuwtechniken en dêrnei yn sjenres as proaza, poëzy, essay en toaniel. Dêrneist binne der losse kursussen dy’t ek tagonklik binne foar belangstellenden bûten de skoalle.
Studinten krije twawykliks les fan skriuwers as Arjan Hut, Albertina Soepboer en Bouke Oldenhof, en wurkje dêrnjonken selsstannich oan opdrachten. Yn de lessen wurdt it wurk mei-inoar besprutsen en leare studinten inoar opbouwende feedback te jaan.
foto fan Jessie Jansen Fotografie
Oanmelde en mear ynformaasje
De fergeze yntroduksjeles is op woansdei 2 septimber by Tresoar yn Ljouwert. Oanmelde kin fia skriuwersfakskoalle@tresoar.nl. Ynskriuwe foar de lessen kin oant en mei 9 septimber. It nije stúdzjejier start op 16 septimber. Mear ynformaasje oer it folsleine lesoanbod, data en lesjild is te finen op www.skriuwersfakskoalle.frl.
Lit dyn wurden dûnsje, fjochtsje, ferrasse en wurd ien fan de tsien dichters by de Fryske Poëzyslam. Nim it mei dyn ferpletterjende foardracht fol poëtyske hichtepunten op tsjin oare Fryske dichters.
It publyk kiest yn trije rondes de bêste slammer. Winsto – neist ivige rom – de prachtige wikselbeker én 500 euro?
Doch op 25 juny mei oan de Fryske Poëzyslam by Tresoar.
School zonder tranen – Brieven van de familie Troelstra aan Paul Geheeb, 1904-1906 is gearstald troch Sieger Vreeling, dy’t yn 2024 en 2025 as Fellow fan Tresoar ûndersyk die nei Nynke fan Hichtum.
Yn syn ûndersyk lies Vreeling de brieven dy’t Sjoukje Bokma de Boer (Nynke fan Hichtum) en Piter Jelles Troelstra skreaunen oan de Dútske pedagooch Paul Geheeb, direkteur fan de foarútstribjende kostskoalle yn Haubinda dêr’t harren soan Jelle twa jier ferbleau.
‘Dy earme jonge,’ tocht Vreeling geregeld by it lêzen. ‘Dan bist in jier as trettjin en sitst op in jongeskostskoalle yn Dútslân. Fier fan hûs, kenst de taal net…’
De brieven jouwe in oangripend byld fan harren opfiedingsidealen, harren soargen op harren soan Jelle en de maatskiplike ideeën fan har tiid. Se litte sjen hoe’t Nynke har soan mist, mar ek hoe’t se har twivels, sûnens, houlik en idealen mei in soad iepenheid bepraat. De korrespondinsje lit sa net allinnich in kwetsbere mem sjen, mar ek in frou mei sterke oertsjûgingen oer opfieding en minsklikens.
Vreeling foarsjocht de brieven fan taljochting en histoaryske kontekst, en ûndersocht de persoanen, plakken en ideeën dy’t deryn foarkomme. Sa ûntstiet in ynkringend portret fan in húshâlding tusken idealen en werklikheid – én in weardefolle nije blik op twa bekende Friezen.
School zonder tranen ferskynt by Uitgeverij Verloren en is fan 7 novimber ôf te krijen by de boekhannel.
Grutte audiokolleksje fan samler fan Fryske folksferhalen op 2 novimber online
Skriuwer en wittenskipper Ype Poortinga (1910-1985) sammele yn de jierren 1970 en 1980 in fracht oan Fryske folksferhalen. Mei syn Dafke gie er jierrenlang alle wiken by fertellers yn de provinsje del om ferhalen op bân op te nimmen. Foar dit ambisjeuze projekt krige er geregeld help fan ûndersiker Jurjen van der Kooi (1943-2018). Soest harren de Fryske bruorren Grimm neame kinne.
Sa’n twatûzen ferhalen binne yn sân mânske boeken ferskynd mei moaie titels as It fleanend skip, De held en de draek en It gouden skaakspul. Alle audio-opnames dy’t Poortinga makke fan de ferhalefertellers binne ek bewarre bleaun. Dy lizze by Tresoar. Se binne de ôfrûne tiid troch it Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) digitalisearre en komme op 2 novimber online beskikber. Sa krije mear as hûndert Fryske fertellers fan folksferhalen harren stimmen werom.
De feestlike lansearring fan de audiokolleksje fan Poortinga fynt plak op snein 2 novimber yn Tresoar. Ta gelegenheid dêrfan organisearje Tresoar en it FFAA dan in ferhalemiddei. Fertellers fan no – Aggie Meijer, Alexander Moto, Tamara Feddema en Kees de Vries – litte priuwkes út de ferhalen fan Poortinga hearre. Arjan Sterken, religywittenskipper en leafhawwer fan de ferhalen fan Poortinga, fertelt oer syn ûndersyk nei ferteltradysjes. De presintaasje is yn hannen fan Willem de Vries (ek wol Willem Wâldpyk). Kom del en lit dy meinimme yn de wûndere wrâld fan de mearkes, grappige teltsjes en sêgen!
Fryslân is in lân fan ferhalefertellers. Fan generaasje op generaasje waarden ferhalen oer de natuer, duvels, dieren, spûken en tsjoenders winterdeis by it hurdfjoer dield. Benammen ‘op de heide’ wie in grutte rykdom oan ferhalen te finen. Stoere, sterke en spannende, mar ek oandwaanlike ferhalen as ferdivedearjend jûnspraat. Ferhalen mei titels dy’t nijsgjirrich meitsje: ‘de jongfeint dy’t syn siel fuortstjoerde’, ‘de frou út de reinwettersbak’, ‘de ierdmantsjes dy’t in kreas frommes sjen woenen’ en ‘wêrom’t de earrebarre op ien poat stiet’.
(flnr) Erik de Boer, Arjan Hut (presintator), Gabriëlle Terpstra, Eelke Veltman, Sigrid Kingma, Marije de Lange, Jetze de Vries, Alexander Moto, Aggie Meijer, Meindert Talma en Kesanova. Foto: Natalia Balanina
De Frysk/Biltske dichter Aggie Meijer stie mei Kesanova (Kees de Vries) yn de finale fan de tredde edysje fan de Fryske Poëzyslam. Yn in spannend duel namen se om bar de mikrofoan om it publyk mei har wurdkeunsten te ferlieden.
Nei’t it publyk yn it smûke Kafee De Gouden Leeuw mei blommen har foarkar foar de winner oanjûn hie, die bliken dat Aggie mei in minym ferskil ta slamkampioen útroppen wurde koe. Neist ivige rom krijt se in wikselbokaal, in sjek fan 500 euro en in bosk blommen.
Tsien dichters dienen mei oan de slam: neist de finalisten wienen dat Alexander Moto, Eelke Veltman, Erik de Boer, Gabriëlle Terpstra, Jetze de Vries, Marije de Lange, Meindert Talma en Sigrid Kingma. Nei de earste ronde gienen seis troch nei de twadde ronde en dêrfan twa nei de finale. Dichter fan Fryslân Arjan Hut wie de presintator.
Tresoar en de Freonen fan Tresoar stimulearje in nije generaasje ûndersikers fan de Fryske skiednis, literatuer, kultuer en/of letterkunde. Mei inoar hawwe sy it Tresoar Fellowship ynsteld. Elk jier wurdt in stipendium beskikber steld oan in jonge akademikus út binnen- of bûtenlân. Dêr kin in ynnovatyf ûndersyksprojekt fan maksimaal trije moannen mei stipe wurde. Kandidaten fan alle dissiplines en nasjonaliteiten binne wolkom. Alle ynteressearren foar de 2026-ronde kinne fan no ôf in útstel yntsjinje.
Utstellen meie yn it Frysk, Nederlânsk of Ingelsk opsteld wurde en moatte foar freed 7 novimber 2025 per mail stjoerd wurde nei ynfo@tresoar.nl.
Mear ynformaasje oer it Fellowship is te finen fia de link ûnder dit berjocht. Ast fragen of opmerkings hast, noegje wy dy út foar in online ynformaasjegearkomste foar de Fellowship 2026 op tongersdei 3 july 2025 om 16.00 oere.
Betingsten
De Tresoar Fellow is in ôfstudearre akademikus dy’t heart by in nije generaasje ûndersikers (dat wol sizze ôfstudearre nei 1 jannewaris 2015)
Fan de Fellow wurdt ferwachte dat hy/sy fernijend ûndersyk docht nei in (diel)ûnderwerp út ien fan de haadtema’s fan Tresoar (sjoch hjirûnder) en dêrby aktyf gebrûk makket fan de kolleksje fan Tresoar
De Fellow jout in publykslêzing yn Tresoar
De Fellow skriuwt in artikel oer de resultaten fan it ûndersyk en biedt dat oan by ien fan de Fryske wittenskiplike tydskriften, lykas Us Wurk of De Vrije Fries
By dizze en oare publikaasjes dy’t fuortkomme út it fellowship wurdt fermelding fan it Tresoar Fellowship ferwachte
Haadtema’s
Tresoar ûntwikkelet syn kolleksje fan in oantal haadtema’s út:
Fryske skiednis
Fryske literatuer
Fryske kultuer
It ûnderwerp fan de Fellow slút by ien fan de boppesteande tema’s oan. Tresoar en de Freonen fan Tresoar kinne in foarkar foar ien fan de tema’s útsprekke.
Stipendium
Tresoar en de Freonen fan Tresoar stelle yn ’e mande in bedrach fan € 12.000 bruto beskikber as honorarium foar de útkiesde fellow. Dêrnjonken kinne reis- en ferbliuwskosten yn rekken brocht wurde oant in maksimum fan € 1500. It stipendium kin takend wurde as in zzp-fergoeding oan de fellow sels (derfan útgeand dat dy as zzp-er oantsjutten wurde kin) of as in fergoeding foar it detasjearjen oan de wurkjouwer fan de fellow (as dy ree is dêroan mei te wurkjen).
Kritearia
Kandidaten foar de Fellow wurdt frege in eigen útstel yn te tsjinjen, dêr’t de relevânsje foar ien fan neamde haadtema’s dúdlik yn ûnderboud wêze moat. In ûnôfhinklike sjuery gearstald troch de beide finansiers sil út de ynstjoerde útstellen in kar meitsje. De sjuery let dêrby op de neikommende kritearia:
a. Kwaliteit ûndersiker, dat moat bliken dwaan út in cv en in publikaasjelist
b. De helberens fan it projekt
c. It ynnovative en kreative karakter
d. Oft it ûnderwerp oansprekkend is foar in breder publyk
e. Wittenskiplike relevânsje fan it útstel
f. Maatskiplike relevânsje fan it útstel
Fasiliteiten
Tresoar stelt ûnder de normale kantoaroeren in fleksplak ta beskikking as dat winsklik is en biedt ûndersyksfasiliteiten yn argiven
Fan Tresoar út wurdt in begelieder/kontaktpersoan oanwiisd
Mear ynformaasje
Mear ynformaasje oer de fellowship en de ynformaasjegearkomste op tongersdeitemiddei 3 july is te finen by Tresoar.
Op freed 27 juny 2025 organisearret Tresoar in literêr sympoasium mei as tema Lêze is willewurk. Fan 14.30 oant 16.15 oere is der in ôfwikseljend programma mei sprekkers én muzyk.
De sprekkers op it sympoasium binne Alderik Blom, Joke Corporaal, Alex Riemersma en Joop Koopmans. Muzyk is der fan Janneke Warringa, Peter van der Zwaag en Andrea Meijer.
Yn it programma is ek omtinken foar Jelle Krol (spesjalist Fryske Literatuer Tresoar), dy’t dit jier mei pensjoen sil. Jelle Krol hat earder sit hân yn it bestjoer fan it EBLT.
Do bist fan herte útnûge om it sympoasium by te wenjen!
Reservearje hjir in sitplak (maks. 2 tickets de man)
Programma
14.00 oere
Ynrin mei kofje/tee
14.30 oere
Start programma
16.15 oere
Offisjele programma ôfrûn
16.15 – 17.15 oere
Neisit
Lokaasje
Doopsgezinde Gemeente Leeuwarden, Wirdumerdijk 18, Ljouwert
Komst mei de auto? Dan kinst parkeare yn Parkeergarage Zaailand.
Komst mei de fyts? Der is in fytsestalling op it Zaailand
Yn de Nationale Boekenweek (12-23 maart) komt skriuwer Durk van der Ploeg op sneon 22 maart moarns nei de Afûk winkel ta. Hy sil fertelle oer syn boeken, op fersyk foarlêze en syn wurk sinjearje. Ek is der romte om fragen te stellen. Tresoar-direkteur Arjen Dijkstra sil de moarn oan inoar prate.
Kom op sneon 22 maart yn ’e kunde mei de skriuwer en syn oeuvre. Durk van der Ploeg (Hoogkarspel, 1930) is ien fan de produktyfste Fryske skriuwers. Hy debutearre yn 1952 en skreau tal fan romans, ferhalen, gedichten en essay’s. Dêrfoar waard him yn 2011 de Gysbert Japicxpriis takend. Ek wûn er yn totaal 21 kear in Rely Jorritsmapriis.
Programma sneon 22 maart 10:30 oere – ynrin en kofje mei wat lekkers 11:00 oere – fraachpetear mei Durk 12:00 oere – sinjearje en boekferkeap 12:30 oere – ein programma Frije ynrin, oanmelde is net nedich.
Spesjaal foar de Boekenweek is de Afûk winkel dizze sneon de hiele dei iepen, fan 10:30 oant 17:00 oere!
Yn de Nationale Boekenweek (12-23 maart) komt skriuwer Durk van der Ploeg op sneon 22 maart moarns nei de Afûk winkel ta. Hy sil fertelle oer syn boeken, op fersyk foarlêze en syn wurk sinjearje. Ek is der romte om fragen te stellen. Tresoar-direkteur Arjen Dijkstra sil de moarn oan inoar prate.
Kom op sneon 22 maart yn ’e kunde mei de skriuwer en syn oeuvre. Durk van der Ploeg (Hoogkarspel, 1930) is ien fan de produktyfste Fryske skriuwers. Hy debutearre yn 1952 en skreau tal fan romans, ferhalen, gedichten en essay’s. Dêrfoar waard him yn 2011 de Gysbert Japicxpriis takend. Ek wûn er yn totaal 21 kear in Rely Jorritsmapriis.
Programma sneon 22 maart 10:30 oere – ynrin en kofje mei wat lekkers 11:00 oere – fraachpetear mei Durk 12:00 oere – sinjearje en boekferkeap 12:30 oere – ein programma Frije ynrin, oanmelde is net nedich.
Spesjaal foar de Boekenweek is de Afûk winkel dizze sneon de hiele dei iepen, fan 10:30 oant 17:00 oere!
It Keninklik Frysk Genoatskip (KFG) bestiet yn 2027 200 jier. Om dat te fieren komt it KFG mei in jubileumboek mei dêryn biografyen fan 200 Fryske froulju dy’t libbe hawwe tusken 1827 en 2027. De ôftraap wie tongersdei 19 desimber, oanslutend op in lunchlêzing troch Els Kloek yn Tresoar. Sy ynspirearre it KFG. De haadredaksje is yn hannen fan Tialda Hoogeveen. It stribjen is om it boek op 8 maart ’27, Ynternasjonale Frouljusdei, te presintearjen.
Els Kloek is troch har boeken 1001 vrouwen uit de Nederlandse geschiedenis en 1001 vrouwen in de 20ste eeuw foar it KFG it grutte foarbyld foar in soartgelyk projekt yn Fryslân. Fan no ôf stiet op koninklijkfriesgenootschap.nl in list mei 100 froulju, mei in oprop oan it publyk foar oanfoljende nammen. Sjoen it grutte sukses fan it wurk fan Kloek yn Nederlân, ferwachtet it KFG dat it projekt wis oanslaan sil. It is in kâns om froulju it plak yn de skiedskriuwing te jaan dy’t se fertsjinje.
Yn it boek wurde biografyen opnommen fan 200 froulju dy’t tusken 1827 en 2027 in wichtich part fan harren libben yn Fryslân wenne hawwe of in dúdlike (famylje)bân mei Fryslân hiene. It boek wurdt twatalich. Oft in biografy yn it Frysk of it Nederlânsk opnaam wurdt hinget ôf fan de oanbelangjende frou. De biografyen wurde ferdield oer tal fan maatskiplike tema’s. Sa wurdt de gearhing ferdúdliket en wurde frouljusmienskippen sichtber. Tresoar is út namme fan it KFG de pinfierder fan it projekt en is fan plan nei 2027 it projekt ek digitaal in plak te jaan.
Tialda Hoogeveen by it portret fan fersetsfrou en skriuwer Tiny Mulder. Foto: Natalia Balanina.
Nije rykdom oan ynformaasje It KFG befoarderet it ûndersyk nei en de belangstelling foar de Fryske skiednis en kultuer. It KFG-bestjoer hat it idee foar it boek fan genoatskipslid Alex Riemersma omearme om’t it genoatskip oant no ta benammen omtinken jûn hat oan manlju. Ek yn it KFG sels hawwe manlju lang oan it roer stien. Pas yn 2023 bestie it KFG-bestjoer foar it earst út mear froulju as manlju. It KFG-bestjoer beskôget dit projekt dan ek as in lytse ynhelslach. It sjocht dit projekt tagelyk as maatskiplik weardefol. Omtinken foar froulju yn de Fryske kontekst sil liede ta in nije rykdom oan ynformaasje en in better begryp fan de histoaryske ûntwikkelingen yn Fryslân.
Skiednissen opdûkelje Tialda Hoogeveen is skriuwer, sjoernalist en Berneboekeambassadeur. Se wie oant foar koart einredakteur fan ‘de Moanne’ en hat histoaryske boeken skreaun as als De geur van hooi en Alstublieft, mevrouw! Een geschiedenis van de Nederlandse dienstmeisjes. Hoogeveen: “Geweldich dat der op sa’n grutte skaal omtinken komt foar froulju dy’t wichtich west binne foar Fryslân. It liket my in moaie reis om de takom jierren mei in hiel team skiednissen fan froulju op te dûkeljen en wrâldkundich te meitsjen, sadat se sichtber wurde foar in grut publyk. It boek is hooplik in begjin fan in fierdere reis nei oare publikaasjes lykas dokumintêres, podcasts, artikels of biografyen.”