Byienkomst oer diversiteit en ynklusy yn Fryslân op 22 juny yn Tresoar

Wat it slavernijferline no mei ús docht. Byienkomst oer diversiteit en ynklusy yn Fryslân

We meie op 1 july dan wol betinke dat it 150 jier lyn is dat Nederlân de slavernij yn de eardere koloanjes ôfskafte, mar hoe wurket dat ferline noch altyd troch yn ús maatskippij? Oer dy fraach organisearret Tresoar op tongersdei 22 juny in temajûn, yn gearwurking mei opinyblêd De Moanne en FryslânDOK, dokumintêreplatfoarm fan Omrop Fryslân. Op dizze jûn wolle we ûndersykje hoe ynklusyf de Fryske maatskippij no echt is. Wurket it slavernijferline noch altyd troch yn ús hâlden en dragen ten opsichte fan minsken mei in ôfkomst fan de eardere wingewesten?

(ûn)lykwurdigens

De Moanne ferskynt healwei juny mei in edysje dy’t folslein yn it teken stiet fan dit tema ûnder de paraplu fan (ûn)lykwurdigens. Yn dizze edysje lêst ûnder mear in grut artikel mei in fraachpetear mei Jaleesa Schiphorst, wichtich adfiseur foar de Pier21-foarstelling Un dia nobo – Wan nyun dey – In nije dei en bestjoerslid Comité 30 juni / 1 juli Fryslân.

Jaleesa Schiphorst is ien fan de gasten op 22 juny. (Byld: omslach Moanne, foto: Linus Harms) 

slavernijferline yn Fryslân

FryslânDOK stjoert ein juny twa ôfleverings út wêryn’t sjoen wurdt nei de trochwurking fan it slavernijferline yn Fryslân. By de slavehannel tinke we gau oan VOC en WIC en ‘dus’ oan Amsterdam, mar ek yn Fryslân wennen keaplju dy’t oandielen hienen yn plantaazjes mei slavenarbeid, of seelju dy’t meiwurken oan it transport fan minsken of guod fan dizze plantaazjes. FryslânDOK praat mei ynwenners fan ús provinsje dy’t woartels ha yn dizze histoarje oer wat sa’n ferline noch altyd mei har docht. Boppedat sjogge de programmamakkers hoe’t de ekonoamyske machtsbasis dy’t yn de koloniale tiid lein waard, noch altyd hannels-ûngelikensens yn stân hâldt – wat bygelyks sichtber is yn it bakje kofje dat wy alle dagen drinke en dat noch altyd in produkt is fan ûnearlike hannel.


Byienkomst oer diversiteit en ynklusy yn Fryslân

Yn kafee De Gouden Leeuw fan Tresoar sjogge en harkje we nei dizze ferhalen en prate dêr fierder oer. De makkers fan De Moanne en FryslânDOK skowe oan, tegearre mei gasten dy’t yn harren ferhalen foarkomme, wêrûnder Jaleesa Schiphorst. Mei har en oaren prate we oer de hâlding dy’t de maatskippij oannimt ten opsichte fan dit tema en hoe’t de media hjir in rol yn spile ha en yn spylje kinne.

De byienkomst begjint om 20:00 oere en is fergees by te wenjen. Wol freegje we dy om in plak te reservearejen yn ferbân mei de beskikberheid. Reservearje kin hjir.

Nij lesmateriaal slavernijferline fan Fryslân beskikber

Dit jier is it 150 jier lyn dat Nederlân slavernij offisjeel ôfskafte. In soad Friezen assosjearje slavernij mei it westen fan Nederlân, mar dat kloppet net. Ek yn Fryslân binne nammentlik spoaren fan dizze pynlike skiednis te finen. Yn de kolleksjes fan Historisch Centrum Leeuwarden en Tresoar binne ferskate boarnen dy’t ús mear oer it Fryske slavernijferline fertelle. Fan 21 juny is op GeschiedenisLokaal Fryslân lesmateriaal by dy boarnen beskikber foar it basis- en fuortset ûnderwiis.

Slavernijferline fan Fryslân

It ôfskaffen fan de slavernij yn de Nederlânske koloanjes barde yn fazen. Yn 1814 waard de hannel yn slaven ferbean, yn 1860 de slavernij yn Nederlânsk-Ynje en yn 1863 de slavernij yn Suriname en it Karibysk gebiet. Mar echt frij wienen de ta slaaf makken net, want noch oant 1873 waarden se twongen om op de plantaazjes te wurkjen. Dit jier is it dus 150 jier lyn dat de slavernij yn Suriname en it Karibysk gebiet écht oer is.

Oant foar koart waard slavernij sjoen as in kwestje dêr’t Fryslân net folle mei te krijen hie, dat stêden as Amsterdam en Middelburg in gruttere rol spile hawwe yn it slavernijferline fan Nederlân. Mar ek yn ús provinsje fynst spoaren werom fan it slavernijferline. Gebouwen, monuminten en strjitnammen yn plakken as Ljouwert, Harns, Dokkum en Wolvegea, en argyfstikken en museale objekten yn ús argyfynstellingen en musea dogge tinken oan dit pynlike ferline.

Skilderij fan Fryske stedhâlders – te sjen yn it Stedhâlderlik Hôf Ljouwert (ôfbylding: Tresoar)

Slavernijferline tichter by Fryske learlingen

It is belangryk om de kennis en bewustwurding fan dit erfgoed yn ús direkte omjouwing te fergrutsjen. Dêrom hat it digitale boarneplatfoarm GeschiedenisLokaal Fryslân it inisjatyf nommen om – yn gearwurking mei NHL Stenden Hogeschool Ljouwert – it slavernijferline tichter by Fryske learlingen te bringen. Studinten fan de Pabo en de dosinte-oplieding Skiednis ûntwikkelen lessen, dêr’t learlingen ûndersyk yn dogge nei spoaren yn en histoaryske boarnen oer de omjouwing dêr’t se alle dagen yn rinne, fytse of scooterje.

Lansearring nij lesmateriaal

Al it nije lesmateriaal oer it Fryske slavernijferline wurdt woansdei 21 juny by in presintaasje lansearre en is dan beskikber foar alle ûnderwizers yn Fryslân. De presintaasje is yn Tresoar, fan 15.30 oant 17.30 oere. It programma begjint mei sprekkers oer it bewustwurden fan it slavernijferline yn Nederlân, Fryslân en it ûnderwiis. Ta beslút wurdt it nije lesmateriaal troch de studinten sjen litten.

Mear aktiviteiten by it ôfskaffen fan de slavernij binne te finen op de websiden fan Tresoar, Historisch Centrum Leeuwarden en Keramiekmuseum Princessehof.

Wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2023 fan start!

Bern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân kinne wer meidwaan oan de wedstriid Lytse Gysbert Japicxpriis 2023, dé priis foar it bêste Fryske gedicht.

dichtwedstriid

De dichtwedstriid is yn 2013 yn it libben roppen om Gysbert Japicx (Frysk skriuwer en dichter, 1603-1666) syn namme en syn wurk libben en yn eare te hâlden. Histoarysk sjoen hat Gysbert Japicx in grutte wearde foar ús provinsje, om’t er de grûnlizzer fan de skreaune Fryske taal is.

Foar skoallen is it mooglik om in online-lesprogramma te folgjen, mar ek is it mooglik om in edukatyf meiwurker út te nûgjen op skoalle om mei elkoar oan de slach te gean mei it meitsjen fan Fryske gedichten.

Nij is dat dit jier ek gedichten ynstjoerd wurde kinne dy’t makke binne yn de poëzywike, mei as tema ‘Freonskip’. Ek sille de skoallen meidwaan dy’t belutsen binne by it Tsjûkemarprojekt, in projekt dêr’t bern ynspirearre wurde troch har omjouwing en dêroer Fryske gedichten skriuwe. Koartsein: as it mar in Frysk gedicht is!

meidwaan
Gedichten kinne o/m 3 july yndividueel en as skoalle ynstjoerd wurde en kinne dan nei in foarseleksje nominearre wurde foar dizze bysûndere priis. De sjuery, dy’t dit jier bestiet út Tialda Hoogeveen (Berneboeke-ambassadeur Fryslân), Wybo Smids (Frysk akteur) en Tjitske van Dijk (skriuwster lesmateriaal Afûk), makket de kar fan it úteinlik winnende gedicht 2023.

Elbrich Ouderkerken: Winnaar Lytse Gysbert Japicxpriis 2021. Foto door Haye Bijlstra.

útrikking

De útrikking fan de Lytse Gysbert Japicxpriis is op 14 oktober 2023 yn de Martinitsjerke yn Boalsert en wurdt útrikt troch Petra van den Akker, wethâlder fan de gemeente Súdwest-Fryslân. De priis wurdt útrikt as ûnderdiel fan it programma fan de provinsjale Gysbert Japicxpriis, dé priis foar oarspronklik Frysk literêr wurk troch Deputearre Steaten fan Fryslân.

Sjoch foar mear ynformaasje, betingsten en oanmelde op www.tresoar.nl/lytse-gysbert

Dei foar Oarlochserfguod op 4 maaie yn Boalsert

Op tongersdei 4 maaie is Cultuurhistorisch Centrum De Tiid yn Boalsert it toaniel fan de healjierlikse Actie Niet Weggooien. De aksje is bedoeld om oandacht te freegjen foar erfguod út de Twadde Wrâldoarloch dat noch by minsken thús op ‘e souder leit. It giet dan benammen om foarwerpen, deiboeken, brieven, foto’s en/of oare dokuminten. Tresoar organisearret de dei mei it Fries Verzetsmuseum, Historisch Centrum Leeuwarden, Kazemattenmuseum Kornwerderzand, Stichting Missing Airmen Memorial Foundation (SMAMF), Cultuurhistorisch Centrum De Tiid en De Fryske Marren.

Yn petear mei saakkundigen

Saakkundigen fan dizze organisaasjes binne oanwêzich om mei it publyk yn petear te gean oer harren dokumint of foarwerp en se mear ynformaasje te jaan oer de histoaryske wearde dêrfan. Ek wolle sy graach safolle mooglik fan de eigner hearre oer it foarwerp/dokumint. Fan wa hat it west? Wat is it ferhaal der achter? Miskyn komt it foarwerp of dokumint yn oanmerking foar opname yn de kolleksje fan ien fan de ynstellingen. Dêroer sille de saakkundigen yn petear mei de eigner.

Net perfoarst ynleverje

It giet dus net allinnich om it skinken fan materiaal. Musea en argiven hantearje in sammelbelied en kinne allinnich foarwerpen en dokuminten bewarje dy’t dêr yn passe. De dei is dan ek benammen bedoeld om minsken bewust te meitsjen fan de histoaryske wearde fan materiaal út de Twadde Wrâldoarloch. As in foarwerp net opnommen wurdt yn de kolleksje fan ien fan de dielnimmende ynstellingen, kinne de saakkundigen meitinke oer in oare bestimming.

Foto: Tresoar

Brieven fan in fusilearre fersetsstrider

Eardere edysjes fan de Actie Niet Weggooien hawwe bysûnder materiaal opsmiten. Sa waard der by foarige edysjes de koffer mei brieven fan in fusilearre fersetsstrider oan syn leafste ynbrocht en in horloazje fan in piloat út Nij-Seelân.

Frijwilligers fan start mei it tagonklik meitsjen fan Fryske finzenisregisters

Yn it argyf fan Tresoar wurde ynskriuw- en kontrôleregisters fan finzenissen yn Fryslân bewarre. Dizze registers befetsje de ynskriuwingen fan fertochten/feroardielden en mear ynformaasje oer de finzenen, lykas it sinjalemint. Dy Fryske finzenisregisters binne al digitalisearre, mar noch net online beskikber. It is nammetlik bêst in put: mei elkoar binne sa’n 42.000 scans dy’t ynfierd wurde moatte.  

 Detailfoto’s fan de Fryske finzenisregisters (Foto’s: Tresoar, Haye Bijlstra)

Traliewerk
Om dizze registers foar elkenien tagonklik te meitsjen hat Tresoar op 13 april in nij projekt lansearre op it lanlike crowdsourcingsplatfoarm VeleHanden ûnder de namme ‘Traliewerk’. Frijwilligers kinne har oanmelde op de webside en dan oan de slach mei it ynfieren fan gegevens út de registers. It giet om sa’n 400 registers fan 25 ferskillende ynstellingen yn Ljouwert, It Hearrenfean, Snits en Harns út de perioade 1797 – 1921. 

Foar minsken dy’t net langer wachtsje kinne en benijd binne oft se kriminele foarâlden hiene: it is al mooglik om te ûntdekken oft in (fier) famyljelid fêstsitten hat. Yn de tentoanstelling Rjocht of Unrjocht? Wanhoop en woede om de Hogerhuis-zaak yn Obe by Tresoar fertelle we hoe’t it kriminele ferline fan famyljes útsocht wurde kin.

Trijelûk oer de biografy

Op de tiisdeis 18 april, 23 maaie en 27 juny organisearje de Stifting Freonen fan Tresoar, Tresoar en it Feitsma Fûns foar it Frysk in trijelûk oer de biografy. Jo binne fan herte wolkom om ien of mear fan de jûnen by te wenjen.

Oanmelde

Spektakulêre fynst by Tresoar set Eise Eisinga yn oar ljocht

Oer Eise Eisinga (1744-1828) is faak skreaun dat er in autodidakt wie. De bouwer fan it Planetarium yn Frjentsjer soe ‘in iensum sjeny wêze dat himsels wiskunde en astronomy learde’. In spektakulêre fynst yn de kolleksje fan Tresoar rekkenet foargoed ôf mei dit byld.

Yn de argiven ûntduts Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar, in hânskrift mei de summiere omskriuwing ‘Meetkonst van W.W. 4to’. Dêryn seach er wiskundige opjeften stean dy’t identyk binne oan opjeften yn Eisinga syn hânskriften.

De W.W. op de omskriuwing ferwiist nei Willem Wytzes, in wolkjimmersfeint. Hy wenne en wurke yn Frjentsjer en folge dêr wiskundelessen oan de universiteit. Wiskunde wie it iennige fak dat iepen stie foar studinten dy’t gjin Latyn koenen, it wienen spesjale kolleezjes dêr’t ek in wolkjimmersfeint oan meidwaan koe.

Fanwegen de oerienkomst tusken de opjeften fan Willem Wytzes en Eisinga, liket it logysk om oan te nimmen dat Willem Wytzes syn lessen oan Eisinga joech, op grûn fan wat er sels oan de universiteit fan Frjentsjer learde.

Opjeften út it hânskrift fan Eise Eisinga (swart-wyt-byld) en út it hânskrift fan W.W. (Foto Tresoar, Haye Bijlstra)

Yn syn biografy fan Eisinga skreau Dijkstra al dat in grut diel fan de opjeften dy’t Eisinga makke út oare boeken kamen en dat er les krige. Utsein dat yn it hânskrift fan Wytzes in pear Latynske termen ferfongen binne troch Nederlânske, is hast alles eksakt werom te finen yn Eisinga syn útwurkingen. Dêrmei wurdt dus dúdlik dat Eise Eisinga net yn isolaasje fan de universiteit wurke, mar der krekt fan profitearre. En dat is fansels in folle moaier en begrypliker byld fan it ferline, dan dat fan ien dy’t hielendal allinne him de wiskunde en astronomy eigen makke.

Nije roman: De wûndere leafde fan Emine en Einte fan Willem Verf

By de Afûk is ferskynd: De wûndere leafde fan Emine en Einte fan Willem Verf. De beide haadpersoanen út it boek Bûtenman en Bûtenfrou, Emine en Einte, dy’t elkoar troffen yn Istanbûl, op ’e flecht foar har ferline, binne ek de haadpersoanen yn dizze nije aktuele leafdesroman.

Emine wit dat Einte like fereale is op har as sy op him. Wêrom besiket er har dochs te ûntrinnen? Einte wrakselt mei de fraach: kin dat, mei dat, hat ien dy’t in moard ferswijt it rjocht om echt fan in oar minske te hâlden? Undertusken bringe hja bern grut, meitsje se suksesfol muzyk en wurde se meinommen troch de aktualiteit en de famyljeskiednis. Dit is it relaas fan in wûndere leafde – yn in boek dat ek prima te lêzen is foar wa’t Bûtenman & Bûtenfrou net ken.

Oer de auteur
Willem Verf debutearre yn 1982 mei de roman It bliuwt pielen. Yn 1984 krige er de Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân foar syn ferhalebondel In delgeande tiid. Mei de roman Tiid fan libjen hied er trije jier letter in protte sukses. Fierder hat Verf noch skreaun: It swijen net wurdich (2008), Bûtenman & Bûtenfrou (2013) en It sinfol bestean (2017).

Presintaasje
De presintaasje hat plak op sneon 11 maart om 15.00 oere yn it pop-up kafee ‘De Gouden Leeuw’ yn Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert. Nei in koarte yntroduksje troch de skriuwer sil Tet Rozendal in tal lietteksten dy’t ûnderdiel binne fan de roman foardrage, Jaap Louwes soarget foar de muzyk.

Boekgegevens
De wûndere leafde fan Emine en Einte
Auteur: Willem Verf
Utfiering: paperback
ISBN: 978 94 93159 43 3
Tal siden: 344
Ferkeappriis: € 26,50
websjop.afuk.frl

Nije tentoanstelling ‘Rjocht of Unrjocht? – Wanhoop en woede om de Hogerhuis-zaak’ yn Obe by Tresoar

Binne de trije bruorren Keimpe, Marten en Wybren Hogerhuis mei rjocht en reden feroardiele ta jierrenlange selstraffen of net? Op 16 febrewaris iepenet Obe by Tresoar de nije tentoanstelling ‘Rjocht of Unrjocht? – Wanhoop en woede om de Hogerhuis-zaak’. Yn de tentoanstelling wurdt dizze ferneamde rjochtsaak oer in ynbraak ‘weriepene’. Untdek de ins en outs oer de ynbraak mei bewizen en tsjûgeferklearringen en oardielje sels: binne de bruorren skuldich of ûnskuldich?

De bruorren Hogerhuis út Bitgum wurde yn 1896 feroardiele ta jierrenlange selstraffen. Keimpe, Marten en Wybren moatte seis, alve en tolve jier sitte yn de Ljouwerter Blokhúspoarte. Se binne oppakt as fertochten fan in ynbraak, mar binne se wol skuldich? De rjochtsaak ropt in soad fragen op en tsjûgen jouwe tsjinstridige ferklearringen. It folk is ferbjustere oer it fûnis. Woe justysje in foarbyld stelle? Spile it in rol dat de bruorren sosjalisten wienen? Wie der sprake fan klassejustysje? De saak krige sels lanlike bekendheid doe’t advokaat en sosjalistysk foarman Piter Jelles Troelstra him dermei bemuoide.

De tentoanstelling ‘Rjocht of Unrjocht? – Wanhoop en woede om de Hogerhuis-zaak’ is te sjen fan 16 febrewaris oant en mei 11 juny yn Obe by Tresoar, Heer Ivostraatje 1 yn Ljouwert.

Mear ynformaasje oer de tentoanstelling is te lêzen op tresoar.nl.

Boekpresintaasje Testament van de ziel by Tresoar: in fraachpetear mei Hylke Speerstra, Douwe Draaisma en Geert Mak 

Testament van de ziel fan Hylke Speerstra is koartby ferskynd by útjouwerij Atlas Contact. It is  Speerstra syn eigen oersetting fan syn boek Testamint fan de siel (Bornmeer, 2021) oer twa widners mei Fryske woartels dy’t inoar yn Kanada by in rodeo moetsje en inoar harren libbensferhalen fertelle. De oersetting fan it boek sil presintearre wurde op freed 10 febrewaris om 16.00 oere yn Tresoar.

De presintaasje wurdt stal jûn yn de foarm fan in fraachpetear. Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar, sil de skriuwer freegje nei syn motiven om it boek te skriuwen en de tûkelteammen by it oersetten. Fierders sitte Douwe Draaisma en Geert Mak ek oan tafel. Mak sil benammen frege wurde nei de wearde fan it fertellen fan ferhalen en fan oral history yn it algemien, wylst Draaisma ynterviewd wurde sil oer ûnder oare de (ûn)betrouberens fan it ûnthâld.

Nei it fraachpetear kin sawol de Fryske- as Hollânsktalige ferzje fan it boek kocht wurde en sit Hylke Speerstra klear om boeken te sinjearjen.

foto: Johan Brouwer

Boekpresintaasje Testament van de ziel

  • Datum: freed 10 febrewaris 2023
  • Tiid: 16.00 oere – ynrin fan 15.30 oere ôf
  • Plak: Tresoar – Bûterhoeke 1, Leeuwarden
  • Mear ynformaasje en oanmelde