Konvenant foar bachelor Frysk

De Ryksuniversiteit Grins (RUG), it ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW), it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes (BZK) en de provinsje Fryslân hawwe op 10 july in konvenant tekene dat it fan septimber 2026 ôf wer mooglik makket om in folslein bachelorprogramma Frysk te folgjen yn Grins. 

Taal libbet as er sprutsen, lêzen en bestudearre wurdt. Yn ûnder oare de Twadde Keamer en troch de KNAW is geregeld wiisd op it belang fan ûnderwiis en ûndersyk nei de Fryske taal en kultuer op universitêr nivo. Yn de ôfrûne jierren stie dat ûnder druk. Deputearre Eke Folkerts: “It Frysk kin net sûnder in akademyske kop. Mei it konvenant ynvestearje wy as oerheid mei-inoar yn it lêste part fan de trochgeande learline. Dêrmei jouwe wy ynfolling oan ús mienskiplike soarchplicht én oan de ôfspraken út de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. ’ 

It akademygebou fan de Ryksuniversiteit Grins. Ofbylding fan Ildigo, fia Pixabay

Bachelorprogramma

It nije bachelorprogramma Fryske taal en kultuer set yn septimber 2026 útein by de Letterenfakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins. Dekaan Thony Visser: “We zijn heel blij met de opzet van dit volwaardige, duurzame en toegankelijke bachelorprogramma. Hiermee krijgt de Friese taal en cultuur weer een meer prominente plek in het wetenschappelijk onderwijs.” 

Yn de bachelor bestudearje takomstige studinten de Fryske taal en kultuer, mar ek it lânskip en de maatskippij fan Fryslân. It bachelorprogramma Frysk rjochtet him net allinnich op it oanlûken fan ‘haadfakkers’, mar ek op in gruttere groep byfakstudinten. Visser: “Ons doel is om zo veel mogelijk studenten in aanraking te laten komen met de wetenschappelijke beoefening van deze prachtige taal en rijke cultuur. We introduceren daarom naast het bachelorprogramma ook een universitaire minor. Deze minor is voor alle studenten van de hele universiteit toegankelijk.” 

Offisjele taal

Frysk is in offisjele taal yn Nederlân. Yn de wet stiet dat it Ryk en de provinsje Fryslân in mienskiplike ferantwurdlikheid en soarchplicht hawwe foar de Fryske taal en kultuer. Ienris yn ‘e fjouwer jier meitsje Ryk en provinsje Fryslân dêrom ôfspraken oer hoe’t se mei-inoar de Fryske taal en kultuer beskermje en befoarderje kinne. Yn de lêste edysje (de BFTK 2024 -2028) binne ek ôfspraken makke oer de middels dy’t beskikber steld wurde foar de ûntwikkeling en it behâld fan in bachelor Frysk. Yn neifolging fan makke ôfspraken presintearje de partijen op 10 july it “Konvenant oangeande de gearwurking tusken it Ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip, it Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, Provinsje Fryslân en de Ryksuniversiteit Grins foar de organisaasje, befoardering en it yn stân hâlden fan in folweardich, duorsum en tagonklik wittenskiplik bachelorprogramma Fryske taal en kultuer”. 

Trochrinnende learline

It bachelorprogramma dat op 10 july presintearre wurdt en it byhearrende ûndersyk meitsje de trochrinnende learline Frysk kompleet. Dy learline stiet sintraal yn Taalplan Frysk 2030, it projekt dêr’t provinsje Fryslân mei ûnderwiis- en taalynstellings wurket oan in sterker plak fan it Frysk op alle ûnderwiisnivo’s. Fan de foarskoalske opfang oant en mei de earste- en twaddegraads learare-opliedings fan NHL Stenden en it wittenskiplik ûnderwiis. 

Studinten kinne nei it ôfsluten fan it akademyske bachelorprogramma ynstreame yn in masterprogramma yn de rjochtingen skiednis, media stúdzjes, taalwittenskippen, erfgoed en fansels de akademyske learare-oplieding Frysk. Visser: “Voor het koesteren en bevorderen van academisch talent op het gebied van de Friese taal en cultuur willen we regelmatig promotietrajecten en postdoctorale projecten inrichten. Dit doen we natuurlijk zo veel mogelijk in samenwerking met andere onderwijs- en kennisinstellingen die het Fries bevorderen.” 

Tresoar en Fries Museum wurkje gear by syktocht nei tekeningen Wybrand de Geest

Yn 2025 organisearret it Fries Museum in tentoanstelling oer Wybrand de Geest en syn twa soannen Julius en François. Syn album amicorum (freoneboek), dat yn besit fan Tresoar is, mei dêrby net ûntbrekke – mar it is net folslein. Der binne 22 tekeningen út it album skuord of snien. Foar dizze nije tentoanstelling sykje Tresoar en Fries Museum nei de sprekwurdlike spjelde yn in heaberch: slagget it om op syn minst ien fan de ûntbrekkende tekeningen werom te finen?

Op it earste gesicht is it in hiel gewoan boekje, it album amicorum fan Wybrand de Geest út 1611. Mar dit is net in ‘gewoan’ album amicorum, mar in keunstnersalbum, en dy binne safolle seldsumer as alba amicorum fan studinten. Yn Nederlân binne der mar in pear. Dêrom is it spitich dat safolle tekeningen út it album fan Wybrand de Geest misse. Wat noch wól yn it keunstnersalbum te sjen is, binne teksten yn ferskillende hânskriften en sa no en dan in tekening yn inket en ferve. De achterbleaune rântsjes papier ferriede dat sa’n 22 tekeningen ûntbrekke. Nei alle gedachten binne de tekeningen fan ûnder oare Wybrand syn broer Gilles de Geest út it album snien om’t se jild opsmieten. Sûnder har kontekst binne se miskien by samlers en yn museale kolleksjes kaam.

Statussymboal

In album amicorum (freoneboek) wie yn de 16de en 17de iuw foaral populêr by studinten dy’t foar har stúdzje ferskillende universiteiten oandienen. Yn elke universiteitsstêd fregen se har heechleararen, meistudinten en oare nijsgjirrige minsken wat by te dragen oan har album, lykas in motto, gedicht of sitaat. Adellike jonges keazen foar de foar de hân lizzende kombinaasje fan in tekene famyljewapen en har namme. Foarbylden dêrfan binne noch oanwêzich yn it album fan Wybrand de Geest, wierskynlik om’t dizze heraldyske tekeningen net oan de man brocht wurde koenen. Ymplisyt dokumintearren de studinten mei har album har reis lâns de Europeeske universiteiten en moetingen ûnderweis. Ien kear thús droegen de skriftlike bewizen dêrfan by oan it prestiizje fan it album én de besitter.

Bydrage út 1615 fan Wouter Crabeth, keunstskilder, mei in lyts rantsje fan de missende tekening.
Boarne: Tresoar

Reis nei Rome

De yn Ljouwert berne Wybrand Simonsz. de Geest gie begjin 17de iuw nei Utrecht, om dêr syn oplieding ta skilder ôf te meitsjen. Dêr moat er besletten hawwe om ta te jaan oan syn langstme om troch te reizgjen nei Rome. Elke keunstner mei wat ambysje moast yn dy tiid de antike wrâld mei eigen eagen sjoen hawwe. It duorre jierren foardat er fia Parys en Aix-en-Provence ek echt yn Rome arrivearre en troch syn album amicorum is bekend mei watfoar studinten en kollega-keunstners er ûnderweis omgie. Sa liet Gerrit Vredeman in Frânsk ferske en in tekening fan syn wapen achter. Henrick Jans yllustrearre syn wurden mei in lizzende liuw, miskien wol om Wybrand de Fryske haadstêd net ferjitte te litten. Mathijs Harings skreau dat er in ruter op it hynder achterliet, mar dy tekening ûntbrekt: it is ien fan de twaentweintich tekeningen dy’t ferdwûn binne. Net earder as om 1620 hinne kaam Wybrand werom nei hûs, dêr’t er de meast frege portretskilder fan syn tiid waard, mei de Fryske Nassaus as syn belangrykste klanten.

Sykje mei!

Slagget it ús om op syn minst ien fan de ûntbrekkende tekeningen werom te finen yn in samling of printekabinet yn Nederlân of op in oar plak yn de wrâld en tentoan te stellen? De nammen en hannen fan de keunstners binne bekend, de ôfmjittingen fan de lestich te mjitten blêden binne likernôch 148 x 192 mm en guon blêden drage it wettermerk fan in ‘narrenkap’. Sykje mei ús mei: alle tips binne wolkom! Mail nei m.stoter@friesmuseum.nl.

Twa nije bysûndere skinkingen oan Tresoar

Tresoar hat dizze simmer twa bysûndere skinkingen krigen: dokuminten fan de eardere Frjentsjerter Universiteit en in unyk foto-album mei foto’s fan Sigarefabryk “De Nijverheid” yn Dokkum. Dy autentike dokuminten heakje nije ynformaasje ta oan it ferhaal fan Fryslân en binne dêrom in prachtige oanfolling op de kolleksje fan Tresoar.

Dokuminten fan de Frjentsjerter Universiteit

It echtpear Ferenc Postma en Margriet Gosker hat Tresoar in tal dokuminten skonken dy’t mei de skiednis fan de Frjentsjerter universiteit ferbûn binne. Twa stikken slane op Elias Wigeri (1730 -1791). It earste is syn beneaming yn 1755 ta bûtengewoan heechlearaar yn it Romeinske rjocht oan dizze akademy. It twadde stik, ûndertekene troch steedhâlder prins Willem V fan Oranje, is de beneaming fan Wigeri ta professor honorarius. Dêrmei waard er frijsteld fan it jaan fan kolleezjes. De oarkonde is opbrocht mei in fraai oranje siden lint.

It echtpear skonk ek argivalia dy’t te krijen hawwe mei Paul Ernst Jablenski (1693 -1757). Dy professor út Frankfurt waard beneamd as heechlearaar yn de teology oan de Frjentsjerter universiteit, mar seach úteinlik ôf fan syn beneaming fanwegen bestjoerlike kwestjes.

Postma hat in ymposante kolleksje hânskriften en boeken sammele op it mêd fan teology en tsjerkeskiednis, yn it bysûnder printwurk fan de Universiteit fan Frjentsjer. Hy hat in grut tal Frjentsjerter printingen, brieven fan Frjentsjerter professoaren en objekten dy’t te krijen hawwe mei Hongaarske studinten dy’t yn Frjentsjer studearren. Koartlyn skonk it echtpear Postma-Gosker noch in oarkonde út 1778 en twa seldsume sulveren tinkpinningen út 1785 oan Museum Martena.

Foto: Haye Bijlstra, Tresoar

Tresoar hat in grutte kolleksje op it mêd fan de skiednis fan de universiteit fan Frjentsjer. Dy bestiet út de eardere akademybiblioteek, mei hûnderten bannen en it argyf fan de eardere ûnderwiisynstelling.

Fotoalbum fan Sigarefabryk “De Nijverheid” yn Dokkum

Van Drukkerij Horstman yn Assen hat Tresoar in unyk foto-album krigen. It album befettet prachtige foto’s fan Sigarefabryk “De Nijverheid” yn Dokkum, oprjochte yn 1904. Dat bedriuw anneks gruthannel fan de firma S. Bouma wie fêstige yn it pakhûs mei deselde namme oan it Grootdiep. Bouma liet yn 1933 in filla foar himsels bouwe njonken it fabryk, oan it Suderbolwurk. It album, dat net datearre is, is makke foar de bou fan de filla. De foto’s, makke troch fotograaf Breitschat fan Kollum, jouwe in hierskerp byld fan it bedriuwsproses yn it fabryk.

Foto: Haye Bijlstra, Tresoar

Skinking oan Tresoar

Mocht ien in skinking dwaan wolle oan Tresoar, dan is it ferstannich om yn it foar kontakt op te nimmen mei de kolleksjefoarmers. Sy kinne beoardielje oft it materiaal oanslút by de besteande kolleksje, dy’t as kearntema Fryslân hat.

Kontaktgegevens: collectievorming@tresoar.nl

Spektakulêre fynst by Tresoar set Eise Eisinga yn oar ljocht

Oer Eise Eisinga (1744-1828) is faak skreaun dat er in autodidakt wie. De bouwer fan it Planetarium yn Frjentsjer soe ‘in iensum sjeny wêze dat himsels wiskunde en astronomy learde’. In spektakulêre fynst yn de kolleksje fan Tresoar rekkenet foargoed ôf mei dit byld.

Yn de argiven ûntduts Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar, in hânskrift mei de summiere omskriuwing ‘Meetkonst van W.W. 4to’. Dêryn seach er wiskundige opjeften stean dy’t identyk binne oan opjeften yn Eisinga syn hânskriften.

De W.W. op de omskriuwing ferwiist nei Willem Wytzes, in wolkjimmersfeint. Hy wenne en wurke yn Frjentsjer en folge dêr wiskundelessen oan de universiteit. Wiskunde wie it iennige fak dat iepen stie foar studinten dy’t gjin Latyn koenen, it wienen spesjale kolleezjes dêr’t ek in wolkjimmersfeint oan meidwaan koe.

Fanwegen de oerienkomst tusken de opjeften fan Willem Wytzes en Eisinga, liket it logysk om oan te nimmen dat Willem Wytzes syn lessen oan Eisinga joech, op grûn fan wat er sels oan de universiteit fan Frjentsjer learde.

Opjeften út it hânskrift fan Eise Eisinga (swart-wyt-byld) en út it hânskrift fan W.W. (Foto Tresoar, Haye Bijlstra)

Yn syn biografy fan Eisinga skreau Dijkstra al dat in grut diel fan de opjeften dy’t Eisinga makke út oare boeken kamen en dat er les krige. Utsein dat yn it hânskrift fan Wytzes in pear Latynske termen ferfongen binne troch Nederlânske, is hast alles eksakt werom te finen yn Eisinga syn útwurkingen. Dêrmei wurdt dus dúdlik dat Eise Eisinga net yn isolaasje fan de universiteit wurke, mar der krekt fan profitearre. En dat is fansels in folle moaier en begrypliker byld fan it ferline, dan dat fan ien dy’t hielendal allinne him de wiskunde en astronomy eigen makke.

Ried fan Europa kritysk yn 7e rapport

De Ried fan Europa hat it sânde rapport fan de Committee of Experts (ComEx) publisearre, oer it neilibjen fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen troch Nederlân. De Ried fan Europa stelt dat it brûken fan Frysk, Nedersaksysk, Limboarchsk, Jiddysk en Romanes fersterke wurde moat. It rapport sjocht posityf nei de ûntwikkelings om it Papiamintu/o te erkennen en ropt op ta it taheakjen fan “taal” yn Nederlânske wetten oangeande lykweardige behanneling.

Kritysk

De ComeX hat noed oer it Frysk yn it ûnderwiis, benammen op de basisskoalle, en oer de ûntwikkelings op ‘e universiteit. Boppedat wiist de ComEx derop dat it Nedersaksysk en Limboarchsk op gjin inkeld ûnderwiisnivo in fêst plak hawwe. Oangeande it Frysk, ropt de ComEx op om drekst oan de slach te gean om de situaasje yn de rjochtbank te ferbetterjen, sadat it rjocht om it Frysk te brûken garandearre wurde kin. Wat media oangiet, ropt de ComEx op om it Nedersaksysk en Limboarchsk ta te heakjen oan ‘e Mediawet.

It gebou fan de Ried fan Europa yn Straatsburch

Rapportaazje

De útfiering fan it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen wurdt periodyk hifke. De Comex hat dizze simmer op besite west om nei te gean oft Nederlân foldocht oan alle ôfspraken yn it Hânfêst en oft der sprake is fan foar- of efterútgong.

It folsleine rapport is hjir te finen.

Ljouwert krijt universiteit mei hûnderten studinten

Fryslân krijt wer universitêr ûnderwiis. De University Campus Fryslân yn Ljouwert wurdt de 11e fakulteit fan de Ryksuniversiteit Grins. Der komme 5 oant 10 masteropliedingen en in University College yn Ljouwert mei plak foar hûnderten studinten. Professor Jouke de Vries wurdt mei yngong fan 1 maaie beneamd ta dekaan fan de fakulteit. De universiteit wol gearwurkje mei de besteande hegeskoallen yn Ljouwert.

Deputearre Jannewietske de Vries is bliid mei de komst fan de universiteit, 200 jier nei de sluting fan de universiteit yn Frjentsjer.

Boarne: Omrop Fryslân