Fryske jongeren sette harren yn foar mear Frysk by it stimproses

22 novimber is it wer tiid om nei de stimbus ta te gean. Mar wêrom is de stimpas eins folslein yn it Nederlânsk? Oer dy fraach bûgden de studinten fan Yung Frysk harren de ôfrûne wiken. Dat late allinnich mar ta mear fragen: wat wurdt der eins dien mei it Frysk yn de stimproseduere? En wa bepaalt dat?

ûndersyk

Om dy fragen te beäntwurdzjen gienen de studinten op ûndersyk út. Dat ûndersyk begûn op de website fan de Ryksoerheid, mar al gau sochten se kontakt mei it Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en mei de ferskillende Fryske gemeenten. Dêrneist ynterviewden se prof. dr. Arjen Versloot, de ynterim-heechlearaar Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins, en Jan Koster, foarsitter fan DINGtiid, it advysorgaan foar de Fryske taal. Fierder ûndersochten se de miskien noch wol wichtichste stim fan allegear, en gie it Yung Frysk-team de strjitte op yn Fryslân om te hearren hoe’t de Friezen sels tinke oer it (net) brûken fan de Fryske taal yn de stimproseduere.

soad mooglikheden om mear te dwaan mei it Frysk

De studinten hawwe harren ûndersyk yn in fideo fêstlein. Dêrby kamen se der al gau achter dat gemeenten in hiel soad mooglikheden hawwe om mear te dwaan mei it Frysk, mar dat dat op it stuit noch net bart. En dat wylst neffens prof. dr. Versloot taal krekt in middel is om in bân ta stân te bringen tusken de sprekker en de harker of de lêzer. “In hiel grut part fan de Friezen is Frysktalich en fielt him ek thús yn dy taal. Dus har oansprekke yn dy taal fersterket ek de bân as mienskip, as maatskippij, en ferkiezingen binne út soarte in middel om yn de maatskippij nije besluten te nimmen mei-inoar, en dêr wolle je elkenien by behelje. Dan is it wol sa ‘aardich’ om de Frysktaligen ek dúdlik te meitsjen dat se der by hearre, dat sy ek diel binne fan dy polityk.”

Frysktalige stimpas

Nei harren ûndersyk hawwe de studinten oan in oantal boargemasters in Frysktalige stimpas oerhandige, as in symboalysk advys om mear mei it Frysk te dwaan yn de stimproseduere.

Yung Frysk

Yn it projekt Yung Frysk fan de Afûk wurkje mbû- en hbû-studinten fan ferskate mediaopliedingen deroan om mear Frysk ûnder de jongerein te krijen. Yn de online omjouwing, bygelyks op Instagram, TikTok en YouTube, mar ek yn de fysike omjouwing, bygelyks om it stimloket hinne en by it stimproses.

Ynspiraasjemiddei ‘Wy binne mbû’ mei lansearring Yung Frysk fideorige en Bookzines mei persoanlike ferhalen

Op woansdei 5 oktober wurdt de earste grutte byienkomst holden fan de programmakommisje ‘Wy binne mbû’, yn it libben roppen om mear omtinken te kreëarjen foar de identiteit en kulturele ferskiedenheid fan it Fryske wurkfjild yn it middelber beropsûnderwiis. In ynspirearjende middei yn Neushoorn oer Frysk en meartaligens yn it mbû; foar dosinten, ûnderwiismakkers en elkenien dy’t dêrby belutsen is. Dy middeis wurde ek twa nije projekten lansearre: de fideorige ‘Yung Frysk – Ik bin mbû’ én de persoanlike ferhalerige ‘Yung Frysk – Bookzines’.

Omdat it grutste part fan de mbû-studinten yn Fryslân wenjen en wurkjen bliuwt, is it foar harren persoanlike en profesjonele ûntwikkeling wichtich om binnen de beropsoplieding omtinken te hawwen foar de meartalige situaasje yn Fryslân, mei dêrby in grutte rol foar de Fryske taal. Dêrom hawwe mbû-ynstellingen Aeres, ROC Friesland College en ROC Friese Poort yn ’e mande mei de Afûk en de provinsje Fryslân harren ambysjes, doelen en wurksumheden datoangeande fêstlein as ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030.

De programmakommisje is ûntstien nei’t op 17 desimber 2021 de fertsjintwurdigers fan de fiif dielnimmende ynstellingen harren hantekening setten hawwe ûnder it konvenant ‘Mei-inoar sette wy de skouders ûnder it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis’. De programmakommisje ûntwikkelet de kommende jierren alderhande programma’s en aktiviteiten, dêr’t dizze ynspiraasjemiddei de earste grutte byienkomst fan is. Der binne al mear as 50 oanmeldingen ynkommen fan dosinten Boargerskip en Frysk, teamlieders, ûnderwiiskundigen en direksjeleden út it Fryske mbû.

Lansearring fideorige ‘Yung Frysk – Ik bin mbû’

‘Ik bin mbû’ is in nij multymediaal projekt oer it beropsûnderwiis yn Fryslân. Yn de koarte fideoportretten wurde ferhalen presintearre fan studinten fan Aeres, ROC Friese Poort en ROC Friesland College. Ferhalen dy’t skaaimerke wurde troch dynamyk, passy, wrakseling en sukses binnen de oplieding of harren berop/sektor. De fideo’s sammelje nijsgjirrige beropsrelatearre ferhalen oer mbû-studinten en bringe tagelyk de opliedingen en meartalichheid moai yn byld. De fideo’s soargje foar in gruttere sichtberheid fan talen foar de studinten, sadat it ek gewoaner wurdt om de eigen memmetaal te brûken binnen en bûten de skoalle. Tagelyk bringje se it grutte ferskaat oan opliedingen yn byld dy’t studinten folgje yn Fryslân en wêrmei’t hja de Fryske ekonomy fersterkje. De earste fideo wurdt op dizze ynspiraasjemiddei presintearre en giet oer it belang fan it Frysk binnen de soarch.

Lansearring ferhalerige ‘Yung Frysk – Bookzines’

Fan oktober ôf komt der alle moannen in ‘Bookzine’ út fan Yung Frysk; in projekt om it lêzen ûnder jongeren te befoarderjen. Want mei lêzen wurkest oan dyn konsintraasjeskills, empaty en ferbyldingskrêft. Alle moannen in nij en echt persoanlik libbensferoarjend ferhaal fan in studint, yn it Frysk, Ingelsk of Nederlânsk, opskreaun troch talintfolle skriuwers. De ferhalen slute oan by werkenbere tema’s lykas seksualiteit, earmoede en freonskip, en meitsje de maatskiplike tema’s besprekber yn de klasse en dêrbûten. De Bookzines kinne útteard wurde ta in poster mei in grutte quote, om op te hingjen yn ’e skoalle en sa de sichtberens fan taal en ferhaal te fergrutsjen. Op de ynspiraasjemiddei wurde de Bookzines fan oktober en novimber presintearre. De Bookzines binne dêrnei te bestellen fia websjop.taalplan.frl, mar ek beskikber as digitale ferzje én as audiobestân.

Ynspirearjend programma

Neist de twa grutte projekten dy’t lansearre wurde, is der yn it programma fierder in presintaasje fan it ûndersyk ‘Krenten uit de pap’ fan E&E advies: in ûndersyk nei it brûken fan de Fryske taal by bedriuwen en de mearwearde dêrfan foar de regionale ekonomy. Ek kinne minsken meidwaan oan dielsessys oer bygelyks: it yntegrearjen fan it Frysk by it fak Boargerskip, de Fak-Taal-Formule en de keppeling tusken it kardiel Frysk en praktykopdrachten. Boppedat is der in sneak preview te sjen fan de foarstelling ‘Bijke’ troch Pier21. In foarstelling dy’t de studinten de kommende moannen besykje sille en dy’t se brûke sille om rûnom yn de provinsje petearen te fieren oer ‘samenzijn en alleen zijn’.

Tiid en plak

Woansdei 5 oktober 2022, om 15.00 oere (ynrin fan 14.30 oere ôf), yn de Neushoorn, Ruiterskwartier 41, Ljouwert