Yn septimber is in hantekenaksje fan it Europeesk boargerinisjatyf ûnder de namme Minority SafePack Initiative (MSPI) fan start gien (sjoch ús berjocht oer it evenemint hjir). Dy aksje hat as doel om foarinoar te krijen dat minderheden en minderheidstalen yn Europa mear omtinken krije en better beskerme wurde. Der binne yn Europa sa’n 50 miljoen minsken yn in grut ferskaat oan lannen dy’t in minderheidstaal prate. Dêr heart Fryslân ek by. Mei-inoar wolle we dat yn de Europeeske Uny net allinnich offisjele talen of dominante kultueren der ta dogge, mar dat ek rekken holden wurdt mei taalminderheden. Dêrfoar is in hantekenaksje opset, om sa de Europeeske Uny oan te trúnjen om lytse talen lykas it Frysk te stypjen en de rjochten fan taalminderheden yn de EU fuort te sterkjen.
RFFB, FUEN, EBLT en Mercator wolle op de Ynternasjonale Memmetaaldei op 21 febrewaris ynsette op de hantekenaksje MSPI om minderheden en talen fan minderheden mear omtinken te jaan. Wy freegje jimme om op woansdei 21 febrewaris 2018 yn aksje te kommen. Dat kin troch omtinken te freegjen foar dat ferskaat oan talen en kultueren yn berjochten en/of aksjes. Dat kin ek hiel goed troch it hâlden fan hantekenaksjes. It soe moai wêze as op dy dei de ynstânsjes dy’t meidogge in ‘hantekenburo’ foar eigen studinten, âlden en faaks ek noch oaren regelje. Der moatte yn Nederlân 19.500 hantekens komme. Dy ha we noch net!
Gewoan thús tekenje kin fansels ek: