Tige kritysk rapport Ried fan Europa oer neilibjen Hânfêst Minderheidstalen troch lidsteat Nederlân

It haadkantoar fan de Ried fan Europa yn Straatsburch
It haadkantoar fan de Ried fan Europa yn Straatsburch

It fyfde rapport fan de Ried fan Europa oer it neilibjen fan it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen troch lidsteat Nederlân is tige kritysk fan toan. De Council of Europe yn Straatsburch is, om te begjinnen, tige ûntefreden oer de ynformaasje dy’t Nederlân oanlevere. Dy wie fierstente let – mear as in jier nei de deadline – en boppedat ek nochris ‘tige beheind’ as it giet om de oanlevere ynformaasje. Yn it troch Nederlân oanlevere steatsrapport stie nammentlik allinnich de fyzje fan de Ryksoerheid. Organisaasjes dy’t har dwaande hâlde mei minderheidstalen en sels in offisjeel advysorgaan as Dingtiid hiene gjin inkelde ynbring yn it rapport dat Nederlân ein ferline jier ynlevere by de Ried fan Europa.

It doel fan it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen – yn Nederlân fan krêft sûnt maart 1998 – is om Ryksoerheid en de erkende minderheden te stimulearjen om mei-inoar de erkende minderheidstalen sa effektyf mooglik te beskermjen en te promoatsjen. Dêrfoar is, om te begjinnen, soksawat nedich as in strukturele dialooch tusken Ryksoerheid en minderheden as Friezen, Nedersaksen en Limburgers. De Ried fan Europa frege Nederlân yn har foarige rapport yn 2012 al om wurk te meitsjen fan sa’n dialooch, mar kin no oars net as konklúdearje dat dêr neat fan op de hispel kaam is.

It komitee fan ministers fan de Ried fan Europa formulearre op woansdei 14 desimber de folgjende oanrikkemendaasjes oan lidsteat Nederlân:
1.) Meitsje in gearhingjend belied foar de ymplemintaasje fan it Hânfêst yn gearwurking mei de sprekkers fan de minderheidstalen.
2.) Soargje der foar dat de feroaringen yn de media net liede ta minder oanbod yn regionale en minderheidstalen
3.) Fersterkje it ûnderwiis yn it Frysk op alle ûnderwiistypes, sadat de Friezen har eigen taal goed lêze en skriuwe kinne
4.) Jou it Limburchsk en it Nedersaksysk de status fan in gewoan skoalfak en soargje foar in grutter ûnderwiisoanbod yn dy talen.
5.) Nim ek maatregelen foar de beskerming en de promoasje fan it Romanes en Yiddysk.

De Ried fan Europa makket him soargen oer it Frysk op skoalle. Ek op trijetalige skoallen is it oanpart oeren dat Frysk jûn wurdt oan de lege kant, sa skriuwt de Committee of Experts fan de Ried. Yn kombinaasje mei it feit dat it fuortset ûnderwiis mar ien jier ien oerke Frysk jout soarget dat der foar dat in soad Friezen de eigen taal ûnfoldwaande lêze en skriuwe kinne kinne. De kommisje fan saakkundigen is ek besoarge oer gemeentlike weryndielings. De fúzjes fan plattelânsgemeentes mei stêden liede yn de praktyk gauris ta situaasjes dat it Frysk yn de praktyk folle minder brûkt wurdt. De oerheden – en de Ryksoerheid foarop – soene dêr better om tinke moatte. Frijwat skoallen beheine it Frysk ta ien les fan 30 oant 40 minuten yn ‘e wike. Dy wurde faak brûkt foar it ferstean fan it Frysk en it sjen nei skoal-televyzje. Dizze praktyk is neffens de Ried fan Europa yn striid mei de ferplichtings dy’t Nederlân oangien is yn it ramt fan it Hânfêst. Dêr stiet nammentlik dat in ‘substantiëel part fan it ûnderwiis’ yn de minderheidstaal jûn wurdt.

Omtinken foar Biltsk en Papiamentu

Yn it rapport jout de Ried fan Europa ek wiidweidich omtinken oan twa talen dy’t op dit stuit hielendal noch net erkend binne troch it Ryk. De kommisje fan saakkundigen freget Nederlân mei klam om gau helderheid te jaan oer de status fan it Biltsk. De gemeente it Bildt hat earder dit jier, mei stipe fan de provinsje, it Ryk frege om de taal offisjeel te erkennen. Dy erkenning moat der ta liede dat de taal ek yn de nije gemeente Waadhoeke goed beskerme bliuwt. It Ryk docht der ek goed oan om noch in kear goed nei it Papiamentu te sjen. It Papiamentu is de earste taal op it eilân Bonaire. Dat eilân is sûnt 10 oktober 2010 yntegraal ûnderdiel fan Nederlân en dêrmei is it Papiamentu de facto in minderheidstaal yn Nederlân wurden, konstatearje de eksperts. Sy freegje it Ryk dêrom om hjir de kommende jierren dúdlikheid oer te jaan.

Nederlân soe der ek goed oan dwaan om der foar te soargjen dat alle Nederlanners mear begryp en tolerânsje krije foar de minderheidstalen yn it lân troch hjir omtinken oan te jaan yn ûnderwiis en media. Dat is nedich, want neffens de Committee of Experts wite in soad Nederlanners mar in bytsje fan it ferskaat oan regionale en minderheidstalen en harren bydrage oan de kulturele rykdom fan it lân. Wat helpe kinne soe is sokssawat as in strukturele dialooch tusken Ryksoerheid en sprekkers en fertsjintwurdigers en minderheidstalen. Dy dialooch is der faak wol yn de gemeentes en de provinsjes dy’t it oanbelanget, mar ûntbrekt op nasjonaal nivo.

Soargen oer Frysk by de rjochtbank

Op guon ûnderdielen is de posysje fan it Frysk, yn fergeliking mei it foarige rapport yn 2012, net foarút- mar achterútbuorke, sa skriuwt de Committee as Experts. Neffens de Ried fan Europa wie doe it gebrûk fan it Frysk by de rjochtbank noch goed regele. No is it in punt fan soarch, want by de Rechtbank Noord-Nederland is it folle minder wis as yn it ferline by de rjochtbank Ljouwert dat minsken dy’t foarkomme moatte ek Frysk prate kinne. It feit dat der op dit stuit mar ien erkende rjochtbanktolk Frysk is neamt de Ried fan Europa ‘problematysk’. Itselde jildt foar de praktyk dat ‘Fryske’ saken mei Fryske belanghawwenden ek wolris foarkomme moatte yn Grins of Assen, wêrtroch it wer dreger wurdt om Frysk te praten. De Nederlânske autoriteiten wurde dêrom oproppen om praktyske maatregels te nimmen om it rjocht om Frysk te brûken by de rjochtbank te garandearjen.

It foel de Committee of Experts by harren besite oan benammen de stêd Ljouwert ek op dat it Frysk mar amper sichtber is yn it strjitbyld fan de Fryske haadstêd. As it giet om strjitnammen, weiwizers, it Ljouwerter stasjon mar ek om offisjele oerheidsdokuminten en promoasjemateriaal soene de korrekte Fryske nammen folle mear brûkt wurde kinne. De Ried fan Europa tocht yn 2012 noch dat Nederlân op dit mêd foldie oan de kriteria fan it Hânfêst, mar is dêr no fan weromkommen. De Nederlânske autoriteiten krije sadwaande it fersyk om der foar te soargjen dat de Fryske geografyske nammen mear en better te sjen binne yn it strjitbyld.

By har ûndersyk nei de situaasje yn Nederlân is de Ried fan Europa ek in pear ljochtpuntsjes tsjinkommen. De kommisje fan saakkundigen is bygelyks wiis mei de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK), ek al omdat dy yn de beskriuwingen de domeinen en ûnderwerpen fan it Hânfêst folget. Ek de wet ‘Gebruik Friese taal’ fan 2014 en de wet dy’t in part fan it ûnderwiisfoech nei de provinsje delegearret wurde sjoen as lytse stapkes foarút.

Plasterk reagearret

Minister fan ynlânske saken Ronald Plasterk reagearret yn in taheakke brief op de krityk yn it rapport. De minister seit ta dat hy sprekkers fan minderheidstalen tenei better belûke sil by de gearstalling fan it periodike rapport fan it Ryk oer it Hânfêst. Ek kundiget de minister oan dat hy fan doel is om yn de twadde helte fan 2017 in sympoasium oer regionale talen, taalbelied en taalpromoasje yn teory en praktyk te organisearjen. Oer it Biltsk skriuwt Plasterk: “Ik ferwachtsje dat ik by steat wêze sil om letter dit jier in beslút te nimmen oer de oanfraach foar de erkenning.” Plasterk mei wol opsjitte, want it jier 2016 is hast ôfrûn…..

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *