Unyk histoarysk damboerd smyt nij ljocht op komôf Frysk damspul

Frysk damje, ek wol ‘Oer Alles’ neamd, is in hiel âld spul. It wurdt al sûnt de santjinde iuw beoefene. It Fryske damspul wurdt spile op in boerd mei 100 fjilden en hat unike slachregels. Yn tsjinstelling ta it gewoane damjen meist by Frysk damje alle kanten op slaan: skean, rjochtút en oerdwers. 

Lineboerd

Oait bestie it damboerd út linen en net út fjilden. It lineboerd – dat noch hieltyd brûkt wurdt – komt oarspronklik út Noard-Afrika en ken deselde slachregels as it Frysk damjen. Mar wêr komt it fjildeboerd wei en hoe lang bestiet dat eins al? Konkreet bewiis op dizze fraach bleau út en dêrmei ek antwurd op de fraach wêr’t de oarsprong fan it Fryske damspul leit. Oant no ta… In unyk histoarysk spylboerd yn it Rijksmuseum, fersierd mei mear as 280 sulveren plaatsjes mei prachtige gravueres, blykt it ûntbrekkende puzelstikje te wêzen yn de skiednis fan it Fryske damspul.

Undersiker en leafhawwer fan it Frysk damjen Marten Walinga besocht it Rijksmuseum en kaam dêr in unyk histoarysk damboerd tsjin, datearre tusken 1600 en 1650 en ôfkomstich fan de Ljouwerter keunst- en antykhanneler A. C. Beeling. It bestean fan dit damboerd – dat op it iuwenâlde spylboerd Alquerque út it Midden-Easten liket – wie by Walinga al bekend, allinne fertelde it byskrift him no dat de slachregels fan dit damboerd eksakt oerien lykje te kommen mei de slachregels fan it Frysk damjen. 

Nei in yngreven ûndersyk docht bliken dat it boerd nei alle gedachten troch in Fryske sulversmid út Kollum makke is foar ien út de aadlike Botnia-famylje. Troch de datearring, it type boerdspul én de Fryske ôfkomst kin it net oars as dat dit damboerd it Frysk damjen yn syn alderearste foarm sjen lit. Mei dêrtroch wurdt ek oantoand dat de oergong fan it damboerd mei 64 fjilden nei it damboerd mei 100 fjilden in Fryske oarsprong hat en dizze kennis toant dêrnei wer oan dat it hjoeddeistige ynternasjonale damspul fan it Fryske damspul ôflaat is.

Foto: Tresoar

Publykslêzing en workshop Frysk damje foar jongerein

De útkomsten fan it ûndersyk presintearje we graach oan it publyk. Dêrom organisearje Tresoar en stichting WFD (World Championship Frisian Draughts) op 16 maaie om 20.00 oere yn Tresoar in publykslêzing dêr’t Marten Walinga oer de skiednis fan it Frysk damjen en de útkomsten fan syn ûndersyk yn fertelt. Yn de middei om 16.00 oere krije jongeren fan it fuortset ûnderwiis les yn Frysk damjen en spylje dêrnei online in toernoai. Mear ynformaasje oer de lêzing en workshop stiet op tresoar.nl ûnder aginda.

Tinksportkolleksjesintrum Tresoar

Tresoar – literatuermuseum, argyf en biblioteek Fryslân –  beheart boeken, tydskriften en argiven op it mêd fan de fjouwer grutte tinksporten skake, bridge, go en damje (wêrûnder Frysk damje). Ut it  Tinksportkolleksjesintrum wei fasilitearret Tresoar wittenskiplik ûndersyk, lykas it ûndersyk fan Marten Walinga nei it unike damboerd yn it Rijksmuseum. 

  • Datum: Tongersdei 16 maaie 2024
  • Tiid: Workshop foar jongerein om 16.00 oere, publykslêzing om 20.00 oere
  • Lokaasje: Tresoar, Boterhoek 1 yn Ljouwert
  • Kosten: fergees tresoar.nl/bezoeken/agenda

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *