Wittenskiplike biblioteek Fryske Akademy oer nei Tresoar

De biblioteekkolleksje fan de Fryske Akademy, ynklusyf dy fan it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen, wurdt woansdeitemiddei 26 maart oerdroegen oan Tresoar. Direkteuren dr. Hanno Brand (Fryske Akademy) en drs. Bert Looper (Tresoar) tekenje dêrta in ferklearring fan permaninte brûklien; de ûndertekening fynt plak yn de Gysbert Japicx-seal fan Tresoar.

“Mei de oerdracht oan Tresoar fan ús biblioteek, krije studinten, ûndersikers en minsken út ûnderwiis, makliker tagong ta dizze rikke boarnen, wêrûnder de tige spesjalistyske kolleksje oer meartaligens fan ús Mercator Kennissintrum”, sa seit Akademy-direkteur dr. Hanno Brand. Drs. Bert Looper is der ek tige wiis mei dat der no yn earste ynstânsje sa’n 200 meter boeken bykomt by Tresoar: “De Fryske Akademy draacht der sa ek oan by om Tresoar út te bouwen as takomstige wittenskiplike biblioteek fan Fryslân en moetingssintrum foar de UCF-community (University Campus Fryslân).”

Mear gearwurking
Yn 2006 hawwe de Fryske Akademy en Tresoar al in konvenant sletten, dêr’t se as doel mei hiene om mear mei-inoar gear te wurkjen. It tekenjen fan de ferklearring fan permaninte brûklien fersterket dat. Nei it útskiften fan dûbele eksimplaren en nei sanearring fan de kolleksje, bliuwt der by de Fryske Akademy allinne noch in hânbiblioteek yn har eigen ûnderkommen oan de Doelestrjitte. De beide Akademy-katalogy (algemien en Mercator) wurde konvertearre nei dy fan Tresoar.

De ferklearring fan permaninte brûklien wurdt woansdei 26 maart tekene by Tresoar. Akademy-direkteur dr. Hanno Brand sil dy middeis symboalysk begjinne mei de oerdracht, troch in ferhúsdoaze mei boeken oer de dyk te bringen nei drs. Bert Looper by Tresoar.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *