Wy litte de stúdzje Frysk net samar gean

De stúdzje Fryske Taal en Kultuer stiet swier ûnder druk. Troch werstrukturearring oan de Ryksuniversiteit Grins  en oare regeljouwing fan de steatssekretaris  liket it derop dat de haadfakfêstiging ‘Friese Taal en Cultuur’ opdûkt wurde sil. Wat oerbliuwt is in stúdzje Frysk dy’t, as soe it om in frjemde taal gean yn stee fan om de twadde Rykstaal, ûnderbrocht wurde sil yn de oplieding Europese Talen en Culturen. De formaasje sil dêrby werombrocht wurde fan 3ft nei 0,9 ft. Noch net iens in folsleine baan. Yn dat gefal kin net mear ynstien wurde foar in kwalitative wittenskiplike oplieding Fryske taal dy’t foar takomstige studinten oantreklik is. Yn dy konstruksje sil in universitêre oplieding Fryske taal en kultuer net lang oerein holden wurde kinne en is de kâns grut dat de stúdzje Fryske Taal folslein ferdwynt. De RUG nimt dizze maatregels omdat der te min studinten ynstreame om de stúdzje te folgjen. Dat is in streekrjocht gefolch fan in maatregel dy’t de steatssekretaris nommen hat. It kolleezjejild foar in twadde universitêre stúdzje is enoarm omheech gien en berint foar de stúdzje Fryske taal en kultuer  € 7500,-. Dat kinne in soad studinten net betelje. Fóár it ferheegjen fan it kolleezjejild wie de ynstream goed, omdat in soad studinten de stúdzje Fryske taal en kultuer  der as twadde stúdzje by diene.

It Nederlânske regear hat in ferplichting om de stúdzje te behâlden. Wy sille mei dy stipe yn ’e rêch alles ynsette om de haadfêstiging Fryske Taal en Kultuer oerein te hâlden. Wy freegje elkenien om de petysje www.redfrysk.nl te tekenjen.

It Frysk hat as twadde Rykstaal yn Nederlân krekt as de Nederlânske taal beskate rjochten en dat jildt ek foar de universitêre stúdzje Fryske taal en kultuer . De Minister of steatssekretaris fan Underwiis hat, lykas fêstlein, primêre, eksklusive ferantwurdlikheid foar it oerein hâlden fan in universitêre haadfakfêstiging Fryske taal en kultuer  en kin dêr dus op oansprutsen wurde. It ferdwinen fan dizze haadfakfêstiging is in oantaasting fan de besteande posysje fan de Fryske taal en dêrmei yn striid mei de ynternasjonale ferplichtings en ferdraggen dy’t Nederlân op him nommen hat. De ôfspraken en ferdraggen oangeande de wittenskiplike stúdzje moatte neikommen wurde troch de BA/MA-struktuer fan de oplieding te garandearjen, mei genôch formaasje om libbensfetber te bliuwen. Wurde yn De Haach en oan de Universiteit de ôfspraken út ’e wei gien, dan sil in belangrike ympuls foar de Fryske taal en it Fryske kulturele libben ferdwine. Dat betsjut net allinnich in ferlies oan status (dy’t foar in minderheidstaal fan grut belang is), mar ek dat yn de takomst gjin wittenskippers, skriuwers, dosinten ensafuorthinne mear oplaat wurde. Koartsein: it is in oanslach op it (ynter)nasjonale ymmateriële kulturele erfskip dat de Fryske taal fertsjintwurdiget en it bringt in ferlies foar alle Nederlanners tewei. De universiteit wol de foarnommen maatregels allinnich oanpasse as oare ferantwurdliken (primêr it Ryk) foar ekstra finansiering soargje.

De foar de haadfêstiging ferantwurdlike bewâldsman hat oant no ta net witte litten dat er maatregels nimme wol om de haadfêstiging oerein te hâlden. Dat wie foar ús de oanlieding om in petysje op te stellen: www.redfrysk.nl. In petysje dy’t dúdlik makket dat wy net allinnich steane. Yn in pear wike binne sa’n lytse 4050 hantekenings set en dat sûnder omtinken fan de lanlike media. In tal promininte Friezen hawwe har stipe ek útsprutsen.

Foppe de Haan, fuotbaltrener
Lutz Jacobi, lid Twadde Keamer, PvdA
Sander de Rouwe, lid Twadde Keamer, CDA
Mary Looman-Struijs, boargemaster Skarsterlân
Piet Adema, boargemaster Achtkarspelen
Anton Barske, boargemaster Stein
Jan Hoekema, boargemaster Wassenaar
Hans Konst, deputearre provinsje Fryslân
Jouke van der Zee, Steatelid Fryslân, PvdA
Jos van der Horst, Steatelid Fryslân, SP
Ömer Kaya, Steatelid Fryslân, PvdA
Pieter Buisman, Steatelid Fryslân, PVV
Nynke Laverman, sjongster

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *