It Skriuwersboun

It Skriuwersboun komt op foar de kollektive en yndividuele belangen fan har leden en de Fryske skriuwers yn it algemien en levert in bydrage oan it ferbetterjen fan it literêre klimaat. It Skriuwersboun docht dit troch kontakten te ûnderhâlden mei organisaasjes as Tresoar en de provinsje Fryslân.

Ien kear yn de trije moanne is der in literêr kafee. Ut en troch is der in sprekker of in tema, mar it is benammen de gelegenheid om, mei in gleske wyn of oars wat, op ideeën te kommen, ûnderfinings út te wikseljen, te hottefyljen en te rabjen mei kollega-skriuwers. Twa kear yn it jier is der in ledegearkomste, dêrneist wurde temagearkomsten, lêzingen en wurkwykeinen op priemmen set.

Lid binne (oankommende) skriuwers, oersetters, wittenskippers, leararen, sjoernalisten, publisisten, kritisy, stipers fan ’e Fryske literatuer, ensfh. It ledejild is € 25,- it jier.

It Skriuwersboun
Postbus 1311
8900 CH Ljouwert
E skriuwersboun @ hotmail.com
W http://skriuwersboun.nl/