De Ried fan de Fryske Beweging is de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. It lêste nijs dêroer fine jim op de hiemside.
De Ried hat inkele websiden om minsken yn de kunde komme te litten mei it Frysk. De foarnaamsten binne www.itnijs.frl en www.startside.frl.
De Ried is ek wakker warber op sosjale media, lykas Facebook en Twitter. Dêrnjonken wurdt it tydskrift De Nije útjûn, dat fjouwer kear yn it jier ferskynt.