Ried fan de Fryske Beweging

De Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB) is de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Ried is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje. It is in stifting, dêr’t in tal organisaasjes by oansletten binne.

De Ried wurket mei in Deistich Bestjoer en sa’n 10 wurkgroepen fan riedsleden en frijwillige meiwurkers. Alle kommisjes beoarderje selsstannich in beskate taak. De nammen fan de kommisjes sizze faaks genôch oer wêr’t se mei dwaande binne. Foar in part strike de aktiviteiten mei it belied en de doelstellings fan de provinsje Fryslân; faak binne se dêr ek in oanfolling op.

Dêrnjonken is de Ried mei-organisator fan de Fryske Reklamepriis en rikt hja ien kear yn ‘t jier de Fear yn ‘e Broek út. De Ried is aktyf op it ynternet. Sa is de Ried te finen op Facebook, Hyves en Twitter. Ek hat de Ried ferskate siden om minsken yn de kunde komme te litten mei it Frysk, lykas www.itnijs.nl, www.goedfrysk.nl, www.fryskprinteboek.nl, www.fryskebeweging.nl

Sjoch op de webside fan de Ried fan de Fryske Beweging foar mear ynformaasje, opjêfte as freon of om stiper te wurden.