Stifting Frysktalige Berneopfang (SFBO)

SFBOStifting Frysktalige Berne-opfang (SFBO) is it ynformaasje-, kennis- en stipepunt op it mêd fan meartaligens en taalstimulearring yn de foarskoalske perioade.

Ut ûndersiken op universiteiten oer de hiele wrâld docht bliken dat bern der baat by hawwe om har op jonge leeftyd mear as ien taal eigen te meitsjen. Meartaligens befoarderet de talige ûntwikkeling, mar ek de sosjale en yntellektuele ûntwikkeling. Om dy foardielen goed te benutten is it fan belang om te soargjen dat de talen inoar net bekonkurrearje, mar oanfolje. Dat jildt benammen yn sitewaasjes dêr’t sprake is fan in mearderheids- en in minderheidstaal. De fûstregel is dan: konsekwint taalgebrûk en goed omtinken foar de minderheidstaal.

Yn in meartalige omjouwing is it echt nedich om mei in bewust taalbelied te wurkjen. Oars komme de foardielen fan meartaligens net goed ta har rjocht en wurde de bern yn it slimste gefal net meartalich, mar healtalich.

SFBO helpt liedsters yn it pjuttewurk en de berne-opfang by it foarmjaan fan taalbelied en by it útfieren yn de praktyk. Persoanlik en saakkundich.

Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO)
Postbus 298
8901 BB  LJOUWERT
058-2348525
E ynfo @ sfbo.nl
W www.sfbo.nl