Nije tekst fan ferlern Aldfrysk hânskrift fûn

Foto: Fryske Akademy
Akademy-ûndersiker Han Nijdam hat by syn ûndersyk yn it ramt fan it tarieden fan in nije edysje fan ‘e Aldfryske ynkunabel Freeska Landriucht (sa. 1485) in tekst fûn fan it ferlerne Aldfryske hânskrift Kodeks Unia. Dit foar it Aldfrysk wichtige hânskrift wie yn de sântjinde ieu yn it besit fan ‘e lânshistoarjeskriuwer fan Fryslân, Simon Abbes Gabbema (1628–1688), mar is nei syn dea ferdwûn. De ynhâld fan it hânskrift is bekend tanksy ôfskriften dy’t makke binne troch de gelearde Franciscus Junius (1589–1677). Mar Gabbema hat sels ek parten fan Unia oerskreaun.

Nijdam fûn in ferzy fan ‘e tekst ‘Oer de keningen Karel en Redbad’ út it Unia-hânskrift yn it eksimplaar fan ‘e ynkunabel Freeska Landriucht dat yn it besit west hie fan Gabbema sels. Yn dat eksimplaar hat Gabbema op ferskate plakken stikken tekst yn de marzje skreaun út oare Aldfryske hânskriften dy’t er yn syn besit hie, om de teksten sa mei elkoar te ferlykjen. De tekst oer Karel en Redbad yn Gabbema’s eksemplaar smyt in folsleinere Unia-ferzy op as oant no ta fia it ôfskrift fan Junius bekend wie. Continue reading “Nije tekst fan ferlern Aldfrysk hânskrift fûn”