Alfonsi

Grutte mearderheid Europeesk Parlemint wol mear stipe foar ‘bedrige talen’

It Europeesk Parlemint yn Straatsburch hat op woansdei 11 septimber mei in bysûnder grutte mearderheid foar it rapport Alfonsi oer ‘bedrige talen’ stimd. 645 Europarlemintariërs stimden foar mear maatregels om lytsere talen as it Frysk, it Baskysk, it Bretonsk, it Sámi en it Korsikaansk te stypjen. Mar 26 fan de 700 Europarlemintariërs stimden tsjin it rapport. Yn de Europeeske Uny wurde neffens it rapport mei-inoar tsientallen bedrige talen sprutsen.

De parskonferinsje fan rapporteur Alfonsi

It rapport fan de Korsikaanske Europarlemintariër François Alfsoni freget om mear stipe foar ûnderwiis en oare projekten yn lytse talen. Ek media en digitale inisjativen yn bedrige talen ha mear stipe nedich. Alfonsi fynt dêrom dat lytse talen de mooglikheid krije moatte om yn de nije beliedsperioade 2014-2020 mei te dwaan en te profitearjen fan alle programma’s en fûnsen fan de Europeeske Uny. Lytse talen en lytse taalprojekten falle no noch faak bûten de boat om ferskate redenen.
Lês mear…

 Scroll to top