De Ierske keunstner Dara McGee komt nei Fryslân. Yn de perioade maart- april sil de keunstner fiif wiken wurkje oan in performance keunstwurk fanút de âlde suvelfabryk yn Marrum. Hy sil ûnder oaren ûndersyk dwaan nei de maritime skiednis fan Fryslân en wol dy skiednis op in hiel eigen wize ferbyldzje troch dûns, sjongen en byldzjende keunst.
Fanút Fryslân sil keunstner Aukje Schaafsma fiif wiken yn Cornwall wurkje. Har plan ‘Grûn’ bestiet út in fideo performance ynstallaasje wêrby’t de sân minderheidstalen dy’t meiinoar oparbeidzje yn it TOSTA-projekt sintraal stean.
De einwurken sille toand wurde op it reizgjend TOSTA-festival dat fan maaie oant en mei septimber by de sân gearwurkjende TOSTA-regio’s delgiet en fan 1-4 septimber de Admiraliteitsdagen yn Dokkum oandwaan sil. De seis oare regio’s binne: Galisië, Wales, Ierlân, Skotlân, Baskelân en Cornwall. Continue reading “De TOSTA-keunstners binne bekend: Ierske keunstner Dara McGee komt nei Fryslân en Fryske keunstner Aukje Schaafsma giet nei Cornwall.”