Bilts

Tige kritysk rapport Ried fan Europa oer neilibjen Hânfêst Minderheidstalen troch lidsteat Nederlân

It haadkantoar fan de Ried fan Europa yn Straatsburch

It haadkantoar fan de Ried fan Europa yn Straatsburch

It fyfde rapport fan de Ried fan Europa oer it neilibjen fan it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen troch lidsteat Nederlân is tige kritysk fan toan. De Council of Europe yn Straatsburch is, om te begjinnen, tige ûntefreden oer de ynformaasje dy’t Nederlân oanlevere. Dy wie fierstente let – mear as in jier nei de deadline – en boppedat ek nochris ‘tige beheind’ as it giet om de oanlevere ynformaasje. Yn it troch Nederlân oanlevere steatsrapport stie nammentlik allinnich de fyzje fan de Ryksoerheid. Organisaasjes dy’t har dwaande hâlde mei minderheidstalen en sels in offisjeel advysorgaan as Dingtiid hiene gjin inkelde ynbring yn it rapport dat Nederlân ein ferline jier ynlevere by de Ried fan Europa.

It doel fan it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen – yn Nederlân fan krêft sûnt maart 1998 – is om Ryksoerheid en de erkende minderheden te stimulearjen om mei-inoar de erkende minderheidstalen sa effektyf mooglik te beskermjen en te promoatsjen. Dêrfoar is, om te begjinnen, soksawat nedich as in strukturele dialooch tusken Ryksoerheid en minderheden as Friezen, Nedersaksen en Limburgers. De Ried fan Europa frege Nederlân yn har foarige rapport yn 2012 al om wurk te meitsjen fan sa’n dialooch, mar kin no oars net as konklúdearje dat dêr neat fan op de hispel kaam is.

It komitee fan ministers fan de Ried fan Europa formulearre op woansdei 14 desimber de folgjende oanrikkemendaasjes oan lidsteat Nederlân:
1.) Meitsje in gearhingjend belied foar de ymplemintaasje fan it Hânfêst yn gearwurking mei de sprekkers fan de minderheidstalen.
2.) Soargje der foar dat de feroaringen yn de media net liede ta minder oanbod yn regionale en minderheidstalen
3.) Fersterkje it ûnderwiis yn it Frysk op alle ûnderwiistypes, sadat de Friezen har eigen taal goed lêze en skriuwe kinne
4.) Jou it Limburchsk en it Nedersaksysk de status fan in gewoan skoalfak en soargje foar in grutter ûnderwiisoanbod yn dy talen.
5.) Nim ek maatregelen foar de beskerming en de promoasje fan it Romanes en Yiddysk.
Lês mear…

 Scroll to top