Steun Slieker: Help Fryslân haar filmhuis behouden

“Op 12 maart heeft Slieker Film de deuren gesloten om de verspreiding van het coronavirus tegen te gaan. Van een goedbezocht filmtheater met bomvolle programmering naar lege zalen en een uitgeschakelde projector. De toekomst van het belangrijkste Friese filmtheater komt in gevaar sinds er van de ene op de andere dag geen films meer worden vertoond en daarmee inkomsten zijn droog gevallen. Het scenario dreigt te ontstaan dat Friesland geen filmtheater meer heeft waar de filmbeleving het beste voelbaar is.”

Al in stikmannich jierren hat EBLT foar de Memmetaaldeifilm plak by Slieker. Dizze gearwurking wurdt tige wurdearre, en no’t de takomst fan Slieker gefaar rint, wolle wy graach de oprop om Slieker te stypjen diele. Stypje kin hjir.

Koroanawurdlist

Foto: Pete Linforth (Pixabay)

De Fryske Akademy hat in wurdlist opsteld mei frekwinte wurden dy’t te meitsjen hawwe mei de koroanaútbraak.

Advys
De list wol advys jaan oer de skriuwwize fan de nije wurden dy’t yn ferbân mei de koroanakrisis ûntstien binne. De wurden yn de list binne stavere neffens de regels dy’t de Provinsje Fryslân yn 2015 fêststeld hat.

De list jout foar it Frysk it advys om corona yn it Frysk as koroana te skriuwen, omdat de lange oo yn in wurdlid dêr’t de klam op falt yn ‘e regelal gau as oa útsprutsen en dêrom ek mei oa skreaun wurdt. De skriuwwize koroana slút sadwaande oan by de stavering fan wurden as soan, gewoan, ammoanium, begoania.

De wurdlist is hjir te finen.