Nij projekt ‘Dêrom Frysk – Klassem!nt’ mei fergees lespakketten foar fuortset ûnderwiis

Afûk, Cedin en SJB Media komme mei it nije projekt ‘Klassem!nt’ foar skoallen yn it fuortset ûnderwiis. It betsjut in ferfolch én in ferdjippingsslach op de eardere en tige suksesfolle kampanje #dêromfrysk, dy’t yn febrewaris 2021 útein setten is. Klassem!nt hat as doel learlingen yn it fuortset ûnderwiis neitinke te litten oer wat taal foar harren betsjut en harren entûsjast te meitsjen om foar it Frysk as (eksamen)fak te kiezen. In rige portretten lit harren sjen hoe leuk en wichtich it Frysk is en hokker kânsen en mooglikheden it biede kin.

Dêrom Frysk – Klassem!nt

Dêrom Frysk is in bewustwurdingskampanje foar jongerein yn Fryslân dy’t antwurd jout op de fraach “Wêrom Frysk?”. Klassem!nt wurket oan dat belangrike part dat oan it fak Frysk learen foarôf giet: it lit learlingen yn it fuortset ûnderwiis neitinke oer wat taal foar harren betsjut. Doel is om de kommende jierren ta te wurkjen nei in gruttere groep eksamenkandidaten yn it fak Frysk.

Lisa Boersma, projektkoördinator ûnderwiis by de Afûk: “Prosintueel sjoen is de groep learlingen dy’t eksamen docht yn it Frysk net grut. Mei Dêrom Frysk wolle wy de learlingen bewust meitsje fan de foardielen fan it Frysk – en meartalichheid yn bredere sin – en geane dêrby djipper yn op emoasje en motivaasje.”

By Klassem!nt stiet in rige fan seis fideoportretten fan ‘gewoane’ Friezen sintraal. Ferhalen oer it Frysk dy’t ferwûnderje, werkenning oproppe en oansette ta in moai klassepetear tusken learlingen en dosinten. De learlingen ‘ranke’ de fideo’s op basis fan wat sy hearre en tinke nei oer de wearde fan in taal en it nut fan it Frysk. Sipke Jan Bousema, produsint fan SJB Media: “De doelgroep wurdt direkt en mjitber berikt fia de ynteraktive website, dêrtroch binne de oerwagingen fan learlingen ynsichtlik. Dat is handich, omdat wy mei dy ynformaasje de doelgroep op in letter momint fia de dosint noch better oansprekke kinne en sa komme ta in optimale aktivaasje.”.

Fergees lespakketten foar alle skoallen

Op 7 april binne nei alle fuortset ûnderwiisskoallen yn hiel Fryslân lespakketten tastjoerd wêrmei’t it ynteraktive projekt Klassem!nt op skoalle útfierd wurde kin. Dat kin binnen in les Frysk of bygelyks by it fak Maatskippijlear. Alles dat nedich is om dizze lessen te jaan, sit yn it lespakket dat sy fergees tasjoerd krije: fan lesbrieven en posters, oant in hantlieding mei stap-foar-stap útlis foar de dosint. Anna Marije Bloem, ûnderwiisadviseur by Cedin: “Foar de einopdracht krije alle learlingen in fotomapke wêrmei’t sy harren persoanlike portret meitsje kinne oer harren eigen taal. Dat leveret moaie persoanlike petearen op en begryp foar elkoars motivaasjes.”

Gearwurking Dêrom Frysk

Dêrom Frysk is in gearwurking tusken Afûk, Cedin en SJB Media en ûnderdiel fan Taalplan Frysk 2030. Ien fan de doelstellingen is dat it yn 2030 op alle fuortset ûnderwiisskoallen mooglik is om Frysk as eksamenfak te kiezen; dat is no mooglik op 13% fan alle skoallen. Mei Taalplan Frysk wurdt ynvestearre yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s.