Twadde printinge foar Ien tel de ierde stil fan Arjan Hut


Fan de dichtbondel Ien tel de ierde stil fan Arjan Hut is in twadde printinge ferskynd. De bondel, dy’t foar it earst útkaam yn 2023, waard skreaun yn de perioade dat Hut Wâlddichter wie fan de gemeente Achtkarspelen — in tiid fan coronalockdowns, mûlkapkes en jûnsklokken. By him thús oan de Delistrjitte, by Tresoar, yn ’e trein fan Ljouwert nei Bûtenpost, ûnderweis yn ’e bus nei Surhústerfean, op it Skriuwersarkje fan Rink van der Velde en op ’e camping yn De Pomp.

As in knipperjende tried rint it tema tiid troch Ien tel de ierde stil. Der is in winsk om de tiid te manipulearjen. “Wie it mar wer as froeger”, bromt in man op it terras. Op De Feanhoop rint in klok fiif minuten foar, krekt genôch foar in suver einleaze kuiertocht nei de dunen. In hovenier rint troch de dreamen fan in doarp. Yn ferkiezingstiid litte we de ierde los. Noch in heale minút om wat te sizzen oer in nije oarloch. Mar stoppet de tiid dan echt? Ek de tiid sels docht raar. Alde simmers wurde yn mânske skuorren bewarre. Nachts skynt de sinne en dy liket op in bijekoer. Yn it poldertsjuster lekt de Molkwei oer de terpen.

Ien tel de ierde stil is de sechsde dichtbondel fan Arjan Hut. Lêzers priizgje de krêftige byldspraak, de emosjonele djipgong en de ferrassende tagonklikheid.

De parse oer de bondel: ‘Yn in skitterende styl, dêr’t perspektyf en tiid oan ien tried wei ferspringe, observearret de dichter skerp’. (Albertina Soepboer, LC 06-09-2023)

Sûnt 2023 is Arjan Hut Dichter fan Fryslân. Yn dy rol set er him yn foar poëzij, ûnderwiis en literêre projekten yn ’e provinsje.

Boekgegevens

  • Ien tel de ierde stil
  • Auteur: Arjan Hut
  • Utfiering: paperback
  • ISBN: 978 949 3318083
  • Tal siden: 60
  • Ferkeappriis: € 17,50
  • websjop.afuk.frl

Nij ferskynd by de Afûk: Spegelrinner fan Paul van Dijk

By de Afûk is ferskynd: de dichtbondel ‘Spegelrinner’ fan dichter en berneboekeskriuwer Paul van Dijk. It is de twadde dichtbondel fan de Warkumer skriuwer. Foar syn earste bondel ‘Famke fan snie’ krige Van Dijk yn 2022 de Douwe Tammingapriis, de priis foar it bêste literêre debút. De dichtbondel ‘Spegelrinner’ giet oer de simmer en de see, oer it no, de takomst en it ferline. Yn de gedichten – dy’t ryk oan bylden binne, licht fan toan en hjir en dêr wat surrealistysk – siket de haadpersoan yn ’e spegel nei himsels.

De foarmjouwing fan de bondel is fersoarge troch Monique Vogelsang. Op it omslach binne twa skuon te sjen wêrfan’t de eigener ferdwûn is, wylst syn skaad noch even hingjen bliuwt. In byld dat goed past by de nijsgjirrige gedichten yn dizze bondel.

Paul van Dijk is dichter, skriuwer en yllustrator. Syn wurk lit in grut ferskaat sjen: hy makket ferhalen, yllustraasjes en teäter foar bern en skriuwt gedichten en muzyk foar folwoeksenen.

De muzikale presintaasje fan ‘Spegelrinner’ fynt plak by ‘Kultuer yn ’e Keamer’ yn maart 2026 (datum noch net bekend), in evenemint organisearre troch De Paupers wêrby’t yn Warkumer húskeamers muzyk, poëzy en teäter te sjen en te hearren wêze sil.

De dichtbondel is te keap by de Afûk, mar ek by oare boekhannels rûnom yn Fryslân, û.o. by de Bruna yn Balk, Boekhuis Stumpel yn Warkum en Boekhandel Muizelaar yn Koudum.

Boekgegevens Spegelrinner