Yn it ramt fan de Moanne fan it Fryske Boek organisearret Boeken fan Fryslân op sneon 30 maart in literêre jûn yn de eardere synagoge fan Ljouwert. Te gast binne Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja, Dichter fan Fryslân Eeltsje Hettinga, auteur fan it nasjonale boekewikegeskink Jan Siebelink en oersetter fan it boekewikegeskink Jetske Bilker. De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Asing Walthaus. Continue reading “Skriuwer en oersetter ‘Boekenweekgeschenk’, Dichter des Vaderlands en Dichter fan Fryslân op it poadium yn Ljouwert”
Tsead Bruinja is de nije Dichter des Vaderlands
Foar it earst hat in Frysk dichter it ta ‘Dichter des vaderlands’ skopt.
Fries om utens Tsead Bruinja fan Amsterdam giet – njonken syn nije ferplichtingen – gewoan troch mei dichtsjen yn it Frysk. Ek hat er plannen foar in blomlêzing fan poësij fan ‘alle yn Nederlân sprutsen en skreaune talen’.