digitale taalhelpmiddels

Platfoarm Fryske taalhelp-apps en games online

Sûnt 9 maaie kin elkenien op www.taalhelp.frl terjochte foar Fryske taalhelp-apps, taalgames en oare digitale taalhelpmiddels. De webside jout in handich oersjoch fan fergeze digitale taalhelpmiddels foar elkenien dy’t flaterfrij Frysk skriuwe wol.

De webside www.taalhelp.frl is mei ûntwikkele op basis fan in ûndersyk troch de Provinsje Fryslân dêr’t út bliken die dat der ferlet wie fan mear omtinken foar it bestean fan Fryske digitale taalhelpmiddels. Taalhelp.frl is ûnderdiel fan in bredere kampanje wêrby’t neist de lansearring fan it online platfoarm ek ynset wurde sil op tillefyzjereklames en in bannerkampanje op populêre Fryske websiden.

Taalhelp.frl is in inisjatyf fan de Afûk yn gearwurking mei Omrop Fryslân en BWH Ontwerpers yn opdracht fan de Provinsje Fryslân.

 Scroll to top