Nei it suksesfolle Nederlânsktalige Fryslânnûmer fan ‘een vrolijk weekblad’ is fan freed 13 april ôf it ienige echte ‘fleurich Frysk blêd’ fan Donald Duck te keap. Yn de Fryske Donald Duck ferskine yn totaal 9 yn it Frysk oersette strips. Yn de ferhalen falt op dat der in soad omtinken is foar sport en fansels komme grutte Fryske sporteveminten lykas it skûtsjesilen en de Alvestêdetocht foarby. It is dan ek gjin tafal dat de presintaasje fan it earste nûmer op freed 13 april plakfine sil yn Sportstad Heerenveen.
‘Omdat der yn de Fryske Duck in soad omtinken is foar ferskate Fryske sporten en sporteveneminten, like it ús in aardich idee om dêr yn de presintaasje wat mei te dwaan’, seit Koen Eekma, direkteur fan de Afûk. ‘Dêrom hawwe wy skoallen oanskreaun en binne sa’n 100 skoalbern útsocht om ta eare fan it ferskinen fan dizze spesjale Fryske Duck mei te dwaan oan in alternative Alvestêdetocht.’ Foardat de bern mei harren tocht útein sette sil earst it offisjele earste eksimplaar fan de Fryske Donald Duck op ludike wize troch Kommissaris fan de Keninginnne John Jorritsma útrikt wurde. It startskot foar de Alvestêdetocht wurdt jûn troch foarsitter Wiebe Wieling fan de Koninklijke Vereniging De Friesche Elf Steden. De ferskate sportive aktiviteiten wurde begelaat troch ferneamde Fryske (âld)sporters, dêrûnder Margot Boer, Foppe de Haan en Evert Wilstra.