Nij ferskynd by de Afûk: Spegelrinner fan Paul van Dijk

By de Afûk is ferskynd: de dichtbondel ‘Spegelrinner’ fan dichter en berneboekeskriuwer Paul van Dijk. It is de twadde dichtbondel fan de Warkumer skriuwer. Foar syn earste bondel ‘Famke fan snie’ krige Van Dijk yn 2022 de Douwe Tammingapriis, de priis foar it bêste literêre debút. De dichtbondel ‘Spegelrinner’ giet oer de simmer en de see, oer it no, de takomst en it ferline. Yn de gedichten – dy’t ryk oan bylden binne, licht fan toan en hjir en dêr wat surrealistysk – siket de haadpersoan yn ’e spegel nei himsels.

De foarmjouwing fan de bondel is fersoarge troch Monique Vogelsang. Op it omslach binne twa skuon te sjen wêrfan’t de eigener ferdwûn is, wylst syn skaad noch even hingjen bliuwt. In byld dat goed past by de nijsgjirrige gedichten yn dizze bondel.

Paul van Dijk is dichter, skriuwer en yllustrator. Syn wurk lit in grut ferskaat sjen: hy makket ferhalen, yllustraasjes en teäter foar bern en skriuwt gedichten en muzyk foar folwoeksenen.

De muzikale presintaasje fan ‘Spegelrinner’ fynt plak by ‘Kultuer yn ’e Keamer’ yn maart 2026 (datum noch net bekend), in evenemint organisearre troch De Paupers wêrby’t yn Warkumer húskeamers muzyk, poëzy en teäter te sjen en te hearren wêze sil.

De dichtbondel is te keap by de Afûk, mar ek by oare boekhannels rûnom yn Fryslân, û.o. by de Bruna yn Balk, Boekhuis Stumpel yn Warkum en Boekhandel Muizelaar yn Koudum.

Boekgegevens Spegelrinner