Fryske kandidaten Europeesk Parlemint wolle opkomme foar minderheidstalen yn Europa

Noch in pear dagen en dan kinne wy stimme foar de Europeeske ferkiezings op 6 juny. Op de kandidatelisten stean ek in oantal Fryske kandidaten. Trije kandidaten op kânsrike plakken, listlûker Anja Haga fan de ChristenUnie, om Raquel García Hermida-Van Der Walle fan D66 (#2) en Sjoerd Wijnsma fan it CDA (#5), gongen op tongersdei 23 maaie yn Kafee de Gouden Leeuw yn petear mei petearlieder Onno Falkena en fansels it oanwêzige publyk. Wat wolle sy foar Fryslân berikke yn de EU? En sjogge se ek kânsen om de posysje fan minderheidstalen te fersterkjen? De jûn waard organisearre op 23 maaie troch it EBLT yn gearwurking mei it Mercator Europeesk Kennissintrum.

Minderheidstalen op de aginda

De Fryske kandidaat-Europarlemintariërs Anja Haga (CU), Raquel Garcia Hermida-van der Walle (D66) en Sjoerd Wijnsma (CDA) wolle harren alle trije yn Brussel ynspanne foar it Frysk en oare minderheidstalen. As it oan harren leit krije minderheidstalen in fêst plak op de Europeeske aginda en as it heal kin ek in eigen begruttingspost. Ek soe it makliker wurde moatte foar lytse organisaasjes en ek foar lytsere talen om jild oan te freegjen foar projekten. Dat is no in toer, omdat projekten yn lytse talen konkurrearje moatte mei oanfragen foar projekten yn grutte steatstalen. 

f.l.n.r.: Onno Falkena, Anja Haga (CU), Sjoerd Wijnsma (CDA), Raquel Garcia Hermida-van der Walle (D66). Foto: EBLT

Ferskillen

Mar ferskillen tusken de kandidaten binne der ek. Wylst Wijnsma pleitet foar in ‘realistyske green deal’ mei helbere doelen foar boeren en mobiliteit, wolle Haga en Garcia Hermida-van der Walle fol faasje foarút mei it Europeeske belied op it mêd fan bioferskaat en klimaat. It EBLT helle de trije gadingmakkers nei kafee De Gouden Liuw yn Ljouwert foar in goed petear oer it Frysk, lânbou, mobiliteit en polarisaasje. Op dizze moeting yn in goed besocht kafee koe ek it publyk frijút fragen stelle oan de trije kandidaten.    

Europeeske ferkiezings

Op 6 juny binne de ferkiezings foar it Europeesk Parlemint. Nederlân kin dy dei kieze foar 31 Europarlemintariërs, dy’t foar fiif jier in sit hawwe sille. Stimburo’s binne tongersdei 6 juny iepen tusken 7:30 en 21:00 oere.  

Sjoch foar mear ynformaasje op: https://www.rijksoverheid.nl/onderwerpen/verkiezingen         


Ferslach fan 23 maaie

Yn de taheakke is it folsleine ferslach te lêzen.

Ynspiraasjesesje: De Wylde Boerinne revisited – in âld ferhaal op ’e nij ferteld

Op 6 juny organisearret Lingotell in ynspiraasjesesje foar boppeboulearlingen fan it fuortset ûnderwiis, studinten, dosinten en oare belangstellenden. Dy middeis wurdt yn Tresoar it ferhaal de Wylde Boerinne op ‘e nij ferteld. Dat wurdt dien mei presintaasjes en workshops fan Froukje Sijtsma (Ferhalemakker), Annalies Outhuijse (Makker fan histoaryske escaperooms), Ypy Zysling (Regisseur) en Douwe Kootstra (Folksferhalekenner).

Wylde boerinne

It ferhaal fan ‘De wylde boerinne’ is no, in iuw sûnt de útjefte, noch hieltyd aktueel. Wa tinkt net gelyk oan De Rijdende Rechter by twa buorlju dy’t bakkelje oer in stik grûn? Mar yn Holtrops ferhaal rint de kwestje wol hiel heech op. De buorlju, de boerinne út de titel, en de boer njonken har, dogge der alles oan om de grutste boer te wurden. Uteinlik kostet it harren alles. Ferskillende ferhalemakkers ha der troch de tiid al mei te set west, lykas in harkspulmakker, in striptekener, in regisseur, en der is sels in audiotoer fan. Wat makket dat dit ferhaal noch hieltyd oansprekt, en hoesa is it wichtich dat dizze ferhalen ferteld wurde bliuwe? Hokfoar keuzes wurde makke by it omfoarmjen fan it oarspronklike ferhaal?

programma

  • 12:30-12:45 | Ynrin, registraasje, kofje/tee
  • 12:45-13.15 | Ynlieding – Froukje Sijtsma – Ferhalemakker
  • 13.20-13.50 | Workshop 1 – Annalies Outhuijse – Makker fan histoaryske escaperooms
  • 13:50-14.20 | skoft
  • 14.25-14:55 | Workshop 2 – Ypy Zysling – Regisseur
  • 15.00-15.30 | Workshop 3 – Douwe Kootstra – Folksferhalekenner

opjaan

  • Wêr: De Gouden Leeuw, Tresoar, Ljouwert
  • Foar wa:
    • boppeboulearlingen fan it fuortset ûnderwiis
    • studinten
    • dosinten
    • oare belangstellenden
  • Wannear: 6 juny 2024 fan 12.30 oant 15.30 oere.
  • Tagong: fergees.
  • Oanmelde oant en mei 31 maaie fia: lingotell@fryske-akademy.nl

organisator Lingotell

Lingotell is in ynnovatyf, op minsken rjochte en foarútstribjend projekt, dat rjochte is op in echte feroaring yn hoe’t ferhalen beheard en wurdearre wurde. Dat wurdt dien út it prinsipe wei dat ferhalen ûnderdiel binne fan ús kultureel erfguod. Troch it fertellen fan in ferhaal yn eigen taal fersterket net allinne de Europeeske minderheidstaal , mar ek ús takomst as ûnderdiel fan Europa.

Lingotell ferkent hoe’t autochtoane en minderheidstalen ferterke wurde kinne troch de keunst fan it neifertellen. Dêrfoar wurde ferhalen op ‘e nij ûntwerpe en op ‘e nij definiearre. Dy ferhalen binne rjochten it Frysk, Súdsamysk en de Romatalen. It projekt hat as doel dy minderheidstalen te fersterkjen en ek it kultureel erfguod fan de mienskippen te beskermjen.

Lingotell is in lytsskalich gearwurkingsprojekt mei Sijti Jarnge (Noarwegen), Fryske Akademy en Mercator European Research Centre (Nederlân), and Pro Progressione (Hongarije).