Anne-Goaitske Breteler skriuwt Frysk Kadoboek 2025

Anne-Goaitske Breteler (Dokkum, 1996) opgroeid oan de foet fan ’e seedyk yn de noardeasthoeke fan Fryslân, is antropolooch, auteur en tentoanstelling- en podcastmakker. Yn 2018 ferskynde har non-fiksje debút De traanjagers en yn 2020 har Fryske berneboek In nuvere nacht. Yn 2024 kaam har twadde non-fiksje boek út: De laatste dagen van de dorpsgek.

Anne-Goaitske Breteler: “Ik fyn it fantastysk en in hiele eare dat ik it Kadoboek 2025 skriuwe mei. It wurdt in non-fiksje boek oer de broers en susters Zwart (fjouwer yn totaal), dy’t harren hiele libben op in pleats yn Moddergat wenne ha. De lêste Zwart is fiif jier lyn stoarn en sûnt dy tiid wurdt de pleats net mear bewenne en fertutearzet de boel. Dat fenomeen wol ik graach oan ’e oarder bringe yn it Kadoboek.”

Anne-Goaitske Breteler. Foto: Tryntsje Nauta

Oprop

As der minsken yn Fryslân binne dy’t de famylje Zwart út Moddergat goed kend ha en ferhalen oer harren diele wolle mei Anne-Goaitske Breteler, dan kin dat fia har e-mailadres:contact@agbreteler.nl. Alle ynformaasje en foto’s binne wolkom!

Fryske Boekewike fan 8 o/m 16 novimber 2025

It Kadoboek 2025 wurdt presintearre op freed 7 novimber by de ôftraap fan it Frysk Boekefeest yn de Kanselarij yn Ljouwert. It Kadoboek is de hiele Boekewike fan 8 o/m 16novimber fergees te krijen by oankeap fan teminsten € 15 oan Fryske boeken. It Kadoboek wurdt útjûn yn gearwurking mei útjouwerij Afûk.

It Kadoboek is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten en projekten fan Boeken fan Fryslân op www.boekenfanfryslan.frl.

Anita Terpstra skriuwt Frysk Kadoboek 2023

Anita Terpstra (Hallum, 1974) skriuwt it Frysk Kadoboek 2023. Terpstra: “Ik bin ferrast en fereare dat ik frege waard foar it Kadoboek fan 2023. It is foar my in grut kado om it te skriuwen en ik hoopje dat in soad lêzers der wille oan belibje sille. Ik kin noch neat oer de ynhâld fertelle, behalve dat it ûnderwerp grif in soad Friezen oansprekke sil.”

foto: Jacob van Essen

Yn 2009 debutearre Anita Terpstra (mei it famyljedrama ‘Nachtvlucht’. De thriller levere har in nominaasje op foar de Schaduwprijs, foar it bêste thrillerdebút. Har boeiende boek ‘Samen’ (2016) waard nominearre foar de Gouden Strop. Neist suksesfolle thrillers skreau Anita Terpstra ‘The Challenge’, in spannend boek foar jongeren, yn it ramt fan it lêsbefoarderingsprogramma LêsNo. Ferline jier ferskynde fan Terpstra it famyljeportret ‘Al mijn moeders’, in konfrontearjende oade oan sân generaasjes froulju fan De Harkema.

Fryske Boekewike yn novimber 2023

It Kadoboek wurdt presintearre op freed 3 novimber by de ôftraap fan it Frysk Boekefeest. It Kadoboek is dêrnei de hiele Fryske Boekewike, fan sneon 4 novimber o/m snein 12 novimber, fergees te krijen by oankeap fan in Frysk boek. It Kadoboek fan 2023 wurdt útjûn yn gearwurking mei útjouwerij Afûk.

Yn 2022 skreau Ferdinand de Jong it Kadoboek. Dêrfan gienen der yn de Fryske Boekewike 1.500 eksimplaren oer de toanbank yn boekhannels rûnom yn Fryslân. It Kadoboek is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân.

Ferdinand de Jong skriuwt Frysk Kadoboek 2022

Skriuwer Ferdinand de Jong (Oranjewâld, 1969) skriuwt it Frysk Kadoboek 2022. Yn 2010 ferskynde fan him syn earste roman ‘Guozzeflecht’. Twa jier letter krige hy de Rink van der Velde priis foar syn roman ‘It dak fan ’e wrâld’. Syn lêste roman ‘De tredde perioade’ (2018) is ek yn it Nederlânsk ferskynd.

Ferdinand de Jong: “It is fansels prachtich as je frege wurde om it Kadoboek te skriuwen. It foardiel fan in Kadoboek is dat lêzers ek ris wurk fan in skriuwer ûnder eagen krije dêr’t se oars net daliks in boek fan keapje as lêze soenen. De útdaging is dan fansels om in boek te skriuwen dat krekt dy lêzers ferliedt om mear fan jo wurk te lêzen.”

Ferdinand de Jong, foto: Jacob van Essen

Fryske Boekewike yn oktober 2022

It Kadoboek wurdt presintearre op freed 28 oktober 2022 mei it Frysk Boekefeest, dat spesjaal op fersyk fan de Kadoboek-skriuwer diskear yn Oranjewâld plakfine sil.
De Fryske Boekewike set takom jier útein mei it Boekefeest yn Oranjewâld op freedtejûn 28 oktober. It Kadoboek is dêrnei de hiele Boekewike fan 29 oktober o/m 6 novimber fergees te krijen by oankeap fan in boek. It Kadoboek fan 2022 wurdt útjûn in gearwurking mei útjouwerij Bornmeer.

Ilja Leonard Pfeijffer yn it Frysk

It nasjonale Boekenweekgeschenk wurdt yn 2022 skreaun troch Ilja Leonard Pfeijffer. De Fryske oersetting wurdt makke toch Jetske Bilker. Yn de nasjonale Boekenweek, 5 o/m 13 maart takom jier, is de Fryske oersetting fergees te krijen by oankeap fan in Frysk boek.
It Kadoboek en de Fryske oersetting fan it nasjonale Boekenweekgeschenk binne beide in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten en projekten fan Boeken fan Fryslân op de fernijde webside: www.boekenfanfryslân.frl.