De Ried fan de Fryske Beweging is wer teset mei de Fryske Reklame Priis: sokssawat as de Gouden Loekie foar Frysktalige reklame. Alteast, dat wie noch it gefal by de lêste útrikking op 20 maart 2012. De Ried wol it no wat breder lûke: ‘Hoe geane bedriuwen en organisaasjes om mei it Frysk? Brûke se ús taal op orizjinele wize yn nijsgjirrige reklame-uterings? Of krekt hiel gewoan yn ‘e deistige omgong? En hoe fine se it lykwicht dan tusken it brûken fan de eigen taal en it belûken fan minsken dy’t it Frysk net ferstean? Brûke se it Frysk ek skriftlik en drage se by oan de sichtberens fan it Frysk op`e dyk? Hokker bedriuwen, tinke jim, jouwe it goeie foarbyld?’ Dat stiet te lêzen op de fernijde webside fan de Fryske Reklame Priis.
In moaie reklame sil op himsels dus no net mear tarikkend wêze as de organisaasje – net-kommersjele ynstellings (lykas sikehûzen) komme likegoed yn de beneaming – it Frysk fierders net brûkt yn de skriftlike en mûnlinge kommunikaasje. Oarsom telt ‘Geveltsjefrysk’ no ek mei, mar dat is net genôch. It Frysk moat in wêzentlik ûnderdiel útmeitsje fan hoe’t in organisaasje him oppenearret. Dat boadskip wurdt meijûn oan de sjuery’t dy’t op it heden gearstald wurdt; de sjueryleden wurde meikoarten bekend makke. Continue reading “Nominearje in bedriuw of organisaasje foar de Fryske Reklamepriis 2015!”