Ynternasjonale Memmetaledei 2021

It is hjoed 21 febrewaris, dat wy fiere fansels Ynternasjonale Memmetaledei!

Dat dogge wy graach mei in kompilaasjefideo fan sprutsen tradysjes fan it Baskysk, Friulysk, Katalaansk, Sweedsk, Hongaarsk, Frysk en Iersk sjen. Dy fideo fan it NPLD, Network to Promote Linguistic Diversity is hjir te sjen. Spitigernôch is ús ynstjoering fan Dichter fan Fryslân Nyk de Vries net opnommen yn dy kompilaasje. Wy nûgje elkenien dêrom ek út te harkjen en sjen nei de Vries syn gedicht ‘Anne en Arie’.

Sûnt 2000 wurdt de Ynternasjonale Memmetaledei fierd om beide it ferskaat oan taal en kultuer en meartaligens te befoarderjen.

EBLT, Mercator en Slieker Film presintearje Bûtendyk, Anti en Evò ce Esù op Ynternasjonale Memmetaaldei

Bûtendyk, ôfbylding fia Noorderkroon

Op freed 21 febrewaris, de Ynternasjonale Memmetaaldei fan de Feriene Naasjes, presintearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen EBLT, Mercator Europeesk Kennissintrum en Slieker Film mei elkoar de priiswinnende Fryske film Bûtendyk. Dizze film fertelt it bysûndere ferhaal fan Tsjerk Visser út Wierum, de 91-jierrige heit fan makkers Geertrui en Sjoukje Visser, dy’t noch eltse wike op it fiskersskip fan syn soan de see op giet. De film hat de priis foar bêste amateurfilm wûn fan de Noorderkroonkompetysje fan it Noordelijk Film Festival. Njonken Bûtendyk presintearje EBLT, Mercator en Slieker Film noch twa oare koarte films út Baskelân en Puglia yn Súd-Italië.
Continue reading “EBLT, Mercator en Slieker Film presintearje Bûtendyk, Anti en Evò ce Esù op Ynternasjonale Memmetaaldei”