De folgjende edysje fan Liet International is op 1 desimber 2012 yn de Asturyske havenstêd Gijón/Xixón. It regear fan de autonome regio Asturias makke de datum ein febrewaris buorkundich op it Asturyske sjongfestival Premiu al Meyor Cantar. Sawol de Premiu al Meyor Cantar as Liet International wurde dit jier organisearre yn de Asturyske kultuertimpel Laboral Ciudad de la Cultura, in lyts eintsje bûten it sintrum fan Gijón/Xixón. De Premiu al Meyor Cantar, dy’t live útstjoerd waard troch de Asturyske omrop RTPA, waard wûn troch de formaasje Asturiana Mining Company mei de tonada “Si nun conoces Val.Louta”. In tonada is in lied yn de tradisjonele styl fan Asturië en begjint meastentiids a capella of allinnich mei de begelieding fan in drum. It is dit jier foar it earst dat Asturië mei in tonada meidocht oan Liet International.
De winnende tonada waard opfallend genôch skreaun troch de Amerikaanske muzikant en songwriter Michael Lee Wolfe, dy’t al 27 jier yn Asturië wennet en wurket. De Asturiana Mining Company krige de priis fanwege de kwaliteit fan it lied en de treflike live útfiering, dy’t ek in soad bijfal krige yn de seal. It nivo fan de Premiu al Meyor Cantar wie heech. Under de fiif finalisten wienen mar leafst twa eardere dielnimmers oan Liet International: sawol Alfredo González (2009) as de band Xera (2010) fertsjintwurdigen Asturië al in kear. Mar de sjuery – mei Onno Falkena as Fryske fertsjintwurdiger – makke dit kear in oare kar en joech de foarkar oan de Asturiana Mining Company. Alhoewol’t Liet International ein dit jier yn Gijón/Xixón is, mei de band dochs op reis. De band krige nammentlik in útnoeging om mei te dwaan oan in muzykfestival op Korsika op 19 maaie.
Continue reading “Liet International nei Asturië en Korsika”