Meindert Reitsma

Priisútrikking ferhalenwedstryd

Begjin dit jier skreaunen It Skriuwersboun en it Friesch Dagblad in ferhalenwedstryd út foar minsken o/m 25 jier âld. It ûnderwerp: ‘Freonskip en sosjale media’. Ut de ynstjoerde ferhalen hat de sjuery, besteande út Jaap Krol, Sigrid Kingma en Ate Grypstra, fjouwer ferhalen útkeazen. Se binne skreaun troch: Theuna Zwaga, Ijsbrand Drost, Geart Tigchelaar en Meindert Reitsma.

Op freed 15 juny oansteande om 20.00 oere is de priisútrikking. Yn de Gysbert Japixcseal fan Tresoar, yn Ljouwert.

De fjouwer bekroande ferhalen sille dêr troch de skriuwers sels foarlêzen wurde, de sjuery sil harren kar ferantwurdzje en der is in optreden fan Carolien Hunneman út Easterwâlde, mei eigen lietsjes yn it Frysk en it Stellingwerfs.

Elkenien is wolkom op dizze nijsgjirrige literêre jûn. As jim fan doel binne te kommen, dan graach even in mailtsje stjoere: skriuwersboun @ hotmail.com

 Scroll to top