De Fryske Akademy giet op it mêd fan taalûndersyk en minderheidstalen in lange gearwurking oan mei de Sineeske Universiteit fan Nanjing. Der is yn Ljouwert in oerienkomst tekene tusken de Akademy en it China Center for Linguistic and Strategic Studies (CCLASS), it ûndersykssintrum fan de Universiteit fan Nanjing.
De twa ûndersyksynstellingen wolle yntinsiver wurkje oan kennisútwikseling en mienskiplik ûndersyk op it mêd fan taalfariaasje, taalbelied en minderhedeproblematyk. De gearwurking wurdt koordinearre troch twa sosjolinguisten, dr. Zhang Jingwei (CCLASS) en dr. Hans Van de Velde (Fryske Akademy). Dêrneist binne prof. dr. Xu Daming (CCLASS/Universiteit van Macau) en drs. Cor van der Meer (Mercator Research Centre fan de Fryske Akademy) hjirby behelle.
“Beliedsmakkers yn rûnten fan it Sineeske regear binne tige goed op ’e hichte fan it Europeeske taalbelied oangeande minderheden en steane hieltyd mear iepen om fan ús te learen”, seit Hans Van de Velde, dy’t neist syn Akademy-funksje it Sineesk-Europeeske ûndersyksnetwurk ILCI koördinearret en as gastprofessor ferbûn is oan de Universiteit fan Nanjing. “Us rol leit benammen yn it trenen fan Sineeske studinten yn it kritysk dwaan fan ûndersyk. Dêrneist wolle wy ús tapaste kennis en ekspertise op it mêd fan minderheidstalen nei Sina oerbringe.” Konkreet wurdt der tocht oan it oerbringen fan it type ûndersyk dat it kennissintrum Mercator útfiert nei de situaasje fan Europeeske minderheidstalen yn oerheidsbelied en ûnderwiis.