Yn de tún fan de Fryske Akademy oan de Grienewei yn Ljouwert is woansdei 8 oktober de earste peal slein foar de nijbou. It giet eins om in kombinaasje fan nijbou, ferbou en restauraasje fan de monumintale gebouwen oan de Doelestrjitte. As earste wurde de fûneminten fan de nijbou oan de Grienewei lein. Oanslutend wurdt sealesintrum It Aljemint ferboud ta wurkplakken foar de meiwurkers fan de Akademy en wurdt de nijbou realisearre oan de Grienewei. As lêste wurde de âlde gebouwen oan de Doelestrjitte restaurearre. It giet om in projekt fan 7 miljoen euro. Continue reading “Earste peal Fryske Akademy”