Biltse taal presintearre yn Intergroup Minorities yn it Europeesk Parlemint

Yntergroup_2016It Bilts, Frysk en it Nedersaksysk stiene op 10 maart 2016 op de wurklist fan de Intergroup Minorities yn it Europeesk Parlemint yn Straatsburch. EBLT-foarsitter en ‘native speaker’ Froukje de Jong hie de eare om foar de alderearste kear it ferhaal fan it Bilts te fertellen oan in ynteressearre groep fan mear as tritich Europarlemintariërs, fraksjemeiwurkers en lobbyïsten. De Ingelsktalige presintaasje fan De Jong waard simultaan oerset yn it Spaansk, Poals en Hongaarsk. It Bilts is foar de Intergroup nijsgjirrich, omdat de gemeente It Bildt yn febrewaris by it Ryk it fersyk yntsjinne om it Bilts op te nimmen yn it Europeesk Hânfêst fan Regionale en Minderheidstalen. Ut namme fan de Intergroup wie Europarlemintariër Nils Torvalds, in Sweedsktalige Fin, dêrby oanwêzich.

It Bilts waard presintearre as ‘in minderheid yn in minderheid’, mar dêrby ek de aktuele oanlieding: Troch de gemeentlike weryndieling wurdt it Bilts yn 2018 in minderheidstaal yn eigen gemeente. Foar in lykwichtich taalbelied yn de nije trijetalige gemeente Waadhoeke is it fan belang dat ek it Bilts erkend wurdt, sa lei Froukje de Jong út. Yn it publyk sieten ek in pear Friezen: Europarlemintariër Jan Huitema (VVD) fan Makkingea komplimintearre de Fryske delegaasje mei harren presintaasje. Ek FUEN-lobbyïst Frank de Boer wie by de gearkomste oanwêzich.
Continue reading “Biltse taal presintearre yn Intergroup Minorities yn it Europeesk Parlemint”

Prevînsy Frysland steunt anfraag erkinning Bildtse taal

Nils Torvalds, Lutz Jacobi en Sietske Poepjes in de Aerden Plaats
Nils Torvalds, Lutz Jacobi en Sietske Poepjes in de Aerden Plaats

Op frijdeg 19 febrewary diende gemeente ’t Bildt de anfraag foor erkinning fan ’t Bildts as minderhydstaal in. Kamerlid Lutz Jacobi nam de anfraag op Ouwe-Syl in ontfangst as fize-foorsitter fan de Kamerkemissy fan Binnenlandse Saken. Gemeente ’t Bildt fraagt minister Ronald Plasterk ’t Bildts toe te foegen an de list fan beskermde talen. De prevînsy Frysland steunt deuze anfraag en set him in foor de erkinning fan ’t Bildts.

Meertalighyd
De anfraag gaat over ’t erkinnen fan ’t Bildts onder part II fan ’t Europees Hândfest foor regionale talen of talen fan minderheden. ’t Hândfest beskermt deuze talen. In ’n steunferklaring an minister Plasterk benadrukt de prevînsy ’t belang fan de erkinning fan ’t Bildts binnen ’t taalbelaid fan Fryslând. ”In de prevînsy Frysland is fan ouds ’n diep besef fan meertalighyd anwezig. Dat geldt niet alleen foor ’t Frys en ’t Nederlâns. Ok de streektalen in Frysland bepale met de idintiteit fan de inweuners en binne fan groate kulturele weerde,” licht deputeerde Sietske Poepjes toe.

De prevînsy stimuleert ’t brúkken fan streektalen in ôfstimming met de betreffende gemeente. Poepjes: “Dermet geve wy gehoor an de roep út de gemeenskap en de poalityk om ôns blik te ferbreden naar ôns aigen kulturele rykdom.” Continue reading “Prevînsy Frysland steunt anfraag erkinning Bildtse taal”