Ynternasjonale Memmetaledei 2021

It is hjoed 21 febrewaris, dat wy fiere fansels Ynternasjonale Memmetaledei!

Dat dogge wy graach mei in kompilaasjefideo fan sprutsen tradysjes fan it Baskysk, Friulysk, Katalaansk, Sweedsk, Hongaarsk, Frysk en Iersk sjen. Dy fideo fan it NPLD, Network to Promote Linguistic Diversity is hjir te sjen. Spitigernôch is ús ynstjoering fan Dichter fan Fryslân Nyk de Vries net opnommen yn dy kompilaasje. Wy nûgje elkenien dêrom ek út te harkjen en sjen nei de Vries syn gedicht ‘Anne en Arie’.

Sûnt 2000 wurdt de Ynternasjonale Memmetaledei fierd om beide it ferskaat oan taal en kultuer en meartaligens te befoarderjen.