Reduzum

Bernewrâld Reduzum no offisjeel meartalich

Op tongersdei 5 july kriget bernedeiferbliuw Bernewrâld yn Reduzum it sertifikaat ‘Bernedeiferbliuw foar meartalige ûntwikkeling.’ Op dizze dei sil net allinich it sertifikaat oerlange wurde, mar is der ek iepen hûs foar de âlden dy’t harren bern al op Bernewrâld hawwe. Bernewrâld hat nammentlik in nij ûnderkommen. De âlden kinne dy deis de nije romte besjen ûnder it genot fan in hapke en drankje. Dernêst is der op 14 july, fan 10:00 oant 15:00,  iepen hûs foar elkenien dy’t nijsgjirrich is. Foar de bern binne der in tal fan aktiviteiten, sa as in ranjakabouter en kin der sminkt wurde. De opfang fan Bernewrâld is begûn yn in wenhûs oan de Haadstrjitte, mar ferhuzet no nei de oare kant fan de dyk. Hjir hat in grutte ferbouwing west om in prachtich deiferbliuw te realisearjen. De bern krije mear romte, mar de opfang bliuwt lytsskalich! Bernewrâld is in Frysktalich bernedeiferbliuw en it Nederlânsk wurdt oanbean yn ôfbeakene taalaktiviteiten bygelyks troch in sjongferske, opsisferskes en it foarlêzen fan boekjes.

Sûnt 1 maaie 2008 hat bernedeiferbliuw Bernewrâld dwaande west mei it sertifisearringstrajekt. De fisitaasjekommisje skriuwt yn harren rapport it folgjende: “Wat opfalt is dat de liedsters, alles beneame wat sy sjogge, wat de bern dogge en wat sy tinke dat der mei in bern is.” Dat Bernewrâld it sertifikaat fertsjinne hat, docht bliken út wat de fisitaasjekommisje yn harren konklúzje seit: “Benammen it taalklimaat is sterk. De sfear yn de groep is posityf en feillich.” Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 120 en is noch altyd groeiende.

 Scroll to top