Meiwurkers Omrop Fryslân stride foar selsstannich bestean

De meiwurkers fan Omrop Fryslân begjinne moandei mei aksjes foar it behâld fan in selsstannige Omrop. It giet om radio- en televyzjespots mei de slogan “Ús taal, Ús Omrop”. Meiwurkers meitsje har slim soargen oer wa’t yn de takomst bepaalt wat der op de Omrop útstjoerd wurdt.

Der leit no in plan wêryn’t Omrop Fryslân mei RTV Noord en RTV Drenthe ûnder ien bestjoer komt. De meiwurkers binne benaud dat dit ta skea gean sil fan it Frysk en wolle dat de omrop folslein selsstannich beslute kin oer programmearring en ynset fan middels.

Omrop Fryslân is in publike omrop dy’t útstjoert yn de twadde offisjele rykstaal, it Frysk. Om de Fryske taal en kultuer libben te hâlden, hat de Omrop in alsidiger programmearring as oare regionale omroppen. Sa stjoert Omrop Fryslân berneprogramma’s út, dokumintêres, wurdt skoaltelevyzje makke en dramaproduksjes. Dat allegear yn it Frysk.

Boarne: Omrop Fryslân

Facebookside ‘Omrop Fryslân selsstannich’ op 5000 likes

In Facebookside dy’t pleitet foar de selsstannichheid fan Omrop Fryslân hat al mear as 5000 likes krigen. Minsken dy’t de side stypje, fine dat Omrop Fryslân net opgean moat yn in noardlik kluster mei RTV Noord en RTV Drenthe.

Dat is wol it plan fan ROOS, de oerkoepeljende organisaasje fan regionale omroppen. Dy tinkt dat der mei klustering fan regionale omroppen 17 miljoen besparre wurde kin. De plannen fan Roos betsjutte lanlik in ferlies fan tusken de 150 en 180 banen, by de Omrop ûngefear 15.

Ek de partijen yn Provinsjale Steaten binne kritysk oer it besunigings- en reorganisaasjeplan fan ROOS.

Klik hjir foar de Facebookside fan Omrop Fryslân selsstannich!