Ferhalewedstriid Boeken fan Fryslân

Stifting Boeken fan Fryslân (BFF) skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it BoekSimmerBoekfeest dat op 21 juny yn Drachten holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal, fan 500-600 wurden te skriuwen yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen. It tema foar it feest en dus ek it ferhaal is ‘Sinnekear’ (Zonnewende).

De winner wurdt pas op it feest sels bekend makke en hy/sy mei dan syn of har ferhaal foardrage foar it publyk. Dat betsjut dus fuort in live-optreden mei oare Fryske skriuwers dy’t dêr jûns al stean om in koart ferhaal hearre te litten. Dêrneist kriget de winner in boekepakket en wurdt it ferhaal publisearre. Ynstjoeringen moatte op syn lêst freed 14 juny binnen wêze op it e-mailadres info@boekenfanfryslân.nl en foarsjoen wêze fan namme en kontaktgegevens.