Stjoer in brief nei steatssekretaris Dekker!

Boarne: It Nijs
Sa as jo witte bin it nuodlike tiden foar Omrop Fryslân. Wy moatte dêrom steatssekretaris Dekker it belang fan Omrop Fryslân safolle mooglik ûnder de oandacht bringen bliuwe. Neist it tekenjen fan de petysje, kin jo ik in opskerpbrief stjoere! De Ried fan de Fryske Beweging hat sa’n brief klear lizzen.

Dizze brief kin jo hjir downloade, dan hoege jo de brief allinnich noch mar út te printsjen, te ûndertekenjen en op te stjoeren,

It leafst foar 1 novimber 2015!

Fryslân kin net sûnder selsstannige omrop

Foto: Omrop Fryslân

Omrop Fryslân sil opgean yn ien grutte regionale omrop foar Noard-Nederlân. Dat alteast is it plan dat de direksjes fan alle regionale omroppen yn ús lân betocht ha en oanbean ha oan steatssekretaris Dekker.

De meiwurkers fan Omrop Fryslân binne it net iens mei dizze plannen en meitsje har grutte soargen. Wy fine dat de omrop hoe dan ek folslein ûnôfhinklik bliuwe moat yn de takomst. Neffens de direksjes soe ús redaksje selsstannich bliuwe kinne, mar wy tinke dat dizze ûntjouwing it begjin fan de ein fan ús autonomy is, en de folgjende stappen – it fierder opjaan fan ynhâldlike eigen sizzenskip – no gau fierder om de hoeke komme sille.

Ien fan de belangrykste redenen foar de oprjochting yn 1988 fan in selsstannich Radio Fryslân wie om ús eigen Fryske taal brûke te kinnen en ús eigen Fryske kultuer op de bêst mooglike manier foar it fuotljocht bringe te kinnen, mei in eigen stjoerder. Al hast tritich jier bringt de Omrop dat Frysk en dy kultuer by jo thús yn de keamer. It skûtsjesilen, de alvestêdetochten, kulturele eveneminten, dokumintêres, skoaltelevyzje, aktueel nijs en ferdivedaasje, allegear yn it Frysk of in Fryske streektaal.

Continue reading “Fryslân kin net sûnder selsstannige omrop”