Oprop oan skriuwers: wa wol yn de Skriuwersarke?

Yn 2026 sil de Skriuwersarke, dy’t earder tahearde oan skriuwer Rink van der Velde, wer beskikber wêze foar in skriuwer dy’t yn alle rêst dwaande wêze wol mei Fryske literatuer (of literatuer yn in oare streektaal fan Fryslân). De arke leit op in prachtich plak yn in petgat oan de Drachtster Heawei en is eigendom fan It Fryske Gea.

Ofsjoen fan de kosten foar iten, drinken en oare persoanlike kosten, is it ferbliuw yn de Skriuwersarke fergees. De skriuwer tekenet in hierkontrakt mei It Fryske Gea, mar de hier wurdt betelle troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD). 

Oars as oare jierren is de arke no ek beskikber yn ’e maitiid en by ’t hjerst en by ’t winter. Skriuwers kinne har opjaan foar ien wike yn ’t jier. Der is yn 2026 maksimaal plak foar 15 skriuwers.

De arke is beskikber yn de neikommende perioaden:

  • 1 febrewaris – 24 april 2026
  • 20 july – 7 augustus 2026
  • 19 oktober- 31 desimber 2026

Eardere ûnderfiningen

Remco Kuiper siet fiif kear yn de Skriuwersarke. Lês syn ûnderfiningen. 

Karen Bies siet yn 2024 yn de Skriuwersarke. Lês har ûnderfiningen.

Opjefte

Belangstellenden kinne har oant 1 jannewaris 2026 skriftlik oppenearje by Antje Postma, skriuwersarke@flmd.frl. Dêrby moat neist de wike dy’t de foarkar hat, ek oanjûn wurde wat de skriuwer fan doel is te dwaan. As de Skriuwersarke al fersein is yn de periode fan de foarkar, dan wurdt kontakt opnaam om te besjen wat de fierdere mooglikheden binne. 

In kommisje út it bestjoer fan de Stifting FLMD makket de kar watfoar skriuwers fan de arke gebrûk meitsje kinne.

Boekpresintaasje Oekraynsk berneboek ‘Maia en har freonen’ –

Op tongersdei 21 april fynt de presintaasje plak fan Maia en har freonen, in berneboek út Oekraïne, oersetten fia it Ingelsk nei it Frysk troch Tialda Hoogeveen. De tastânkomming fan it boek is in unikum: alve Fryske útjouwers hawwe harren mei-inoar ynsetten foar dizze útjefte, ûnder de flagge fan Boeken fan Fryslân en nimme ek de ferkeap fan it boek mei-inoar op harren.

Opbringsten ferkeap Fryske útjefte foar UNICEF-Oekraïne

De folsleine opbrinst fan de ferkeap fan it boek giet nei UNICEF-Oekraïne, dy’t har ynset foar bern dy’t yn Oekraïne achterbleaun binne. It boek fynt net allinne syn wei nei de Fryske lêzers, mar is ek oersetten yn in soad oare talen, sadat it no te lêzen is yn Sweden, Letlân, Dútslân, it Feriene Keninkryk, Poalen, Estlân en Yslân. Yn Fryslân is it ynisjatyf rom sponsore troch: de Provinsje Fryslân, Stichting FLMD, Douwe Kalma Stifting, Ried fan de Fryske Beweging, Tony Feitsma Fûns, Arjen Witteveen Fûns en Drukkerij Van der Eems.

Krimoarloch

De skriuwster fan it Oekraynske boek Larysa Denysenko, sy ferbliuwt op it stuit noch yn Oekraïne, hat it boek yn ‘e tiid fan de anneksaasje fan de Krim skreaun. It boek is yn Oekraïne net mear te krijen, mar stiet troch de Europeeske útjouwers wer rûnom yn de belangstelling.

Utnûging boekpresintaasje

De presintaasje fan it boek sil plakfine yn de bibleteek fan Snits, op tongersdei 21 april 2022.

Adres: Wijde Noorderhorne 1.
Oanfang: 16.30 oere.
Minsken dy’t belangstelling hawwe foar it bywenjen fan de presintaasje, kinne harren opjaan by de bibleteek fan Snits fia: sneek@BMF.nl.