Fryslân nimt ôfskied fan Tomke

Tys & Teske wurde nije Fryske pjuttefreontsjes

Wa ken ’m net? Dat mantsje altyd blier mei syn krol yn it hier? Enoarme oantallen pjutten kamen yn ’e rin fan ’e jierren yn ’e kunde mei Tomke, mar nei 30 jier komt der in ein oan it Tomke-projekt. Sa waard hjoed yn in parsekonferinsje troch Tomke sels bekend makke. It hommels ferstjerren fan Tomke syn geastlik heit en tekener Luuk Klazenga oardel jier lyn foarme de oanlieding om it fuortbestean fan it projekt yn de hjoeddeistige foarm op ’e nij te besjen. Yn oparbeidzjen mei belutsenen en ferskate pedagogysk professionals is ûnder lieding fan de Afûk in nij konsept foar foarskoalske edukaasje ûntwikkele: Tys & Teske. Krekt as by Tomke sille in hiel soad ferhalen, aktiviteiten en oare produkten fan Tys & Teske net allinne foar de profesjonele pjutte-opfang makke wurde, mar likegoed geskikt wêze yn de thússituaasje.

It Tomke-projekt ûntstie yn de jierren ’90 út in ferlet fan Frysktalich materiaal foar pjutten. ‘By in twatalige ûntwikkeling sa’t wy dat hjir yn Fryslân hawwe, is it lizzen fan in sterke taalbasis belangryk’, sa seit Hieke Rienstra, projektkoördinator foarskoalsk by de Afûk. ‘Dy twatalige basis wurdt lein yn de earste fjouwer jier fan in bern. Krekt yn de earste jierren is it dêrom nedich om de taalûntwikkeling te stimulearjen, yn de thússituaasje mar ek by de opfang. Dêrby is ekstra omtinken foar in minderheidstaal sa as it Frysk nochris ekstra belangryk.’

It Platfoarm Lêsbefoardering Fryslân inisjearre it Tomke-projekt. Der waard in Tomke-wurkgroep gearstald wêryn’t Afûk (algemiene koördinaasje), FERS (út namme fan de biblioteken fan Fryslân), Omrop Fryslân, Cedin en Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) gearwurken en meielkoar soargen foar promoasje en fersterking. Yllustrator Luuk Klazenga waard frege om in jonkje te tekenjen en sa ferskynde yn 1996 it alderearste Tomke-boekje.

It giele tydskriftke soe dêrnei jierliks yn de Fryske Foarlêswike útdield wurde oan alle pjutten yn Fryslân. Yn ’e rin fan ’e jierren waarden geandewei mear produkten fan en oer Tomke ûntwikkele: telefyzje-aventoeren, ferhalen en boeken yn alle tema’s, edukative materialen, in website, in app, hânpoppen en gean sa mar troch.

Al dy jierren joech Luuk Klazenga foarm oan Tomke, hûntsje Romke, Kornelia en Yana Yu. ‘It hommels ferstjerren fan Luuk yn 2024 rôp de fraach op hoe no fierder mei Tomke’, fertelt Rienstra. ‘Ferskate opsjes passearren de revu, mar nei in soarchfâldich proses, wêryn’t wy de belutsenen om it Tomke-projekt hinne mar ek foaral de doelgroep fan pedagogysk professionals befrege hawwe, hawwe wy besluten om gjin nij Tomke-materiaal mear te ûntwikkeljen en yn te stekken op de ûntwikkeling fan in nije line.’

Tys & Teske: in nije line mei suksesfolle aspekten fan Tomke

By it ûntwikkeljen fan Tys & Teske is gebrûk makke fan kennis, ferlet en winsken fan in groep pedagogysk professionals dy’t ek as testgroep funksjonearre. De fierder noch te ûntwikkeljen ferhalen, aktiviteiten en materialen sille oansette ta foarlêzen en (Frysk) praten, ta boartsjen en dreamen. ‘Wy wolle de suksesfolle aspekten fan Tomke graach behâlde, mar mei nije karakters en in nije, frisse útstrieling dy’t oanslút by it ferlet fan de pedagogysk professionals en minsken thús, en dy’t fansels foaral soarget foar in
soad taalwille by jonge bern!’

Op de fraach wêrom’t der keazen is foar twa karakters seit Rienstra: ‘De twa karakters, in jonkje en in famke, hawwe elk in eigen persoanlikheid. Teske is wat dryster en Tys wat mear skruten, hy sjocht de kat earst út ’e beam. Elke pjut sil him of har mei ien fan de twa identifisearje kinne.’ De nije karakters sprekke jonge bern oan om’t se werkenber binne, feilich en fertroud as in freontsje, se hawwe deselde emoasjes en gefoelens as it jonge bern en sa wurde bern nijsgjirrich nei wat de karakters allegear belibje.

Willemke Brouwer fan De Jouwer joech letterlik foarm oan Tys & Teske. De kar foar Willemke wie al gau makke: ‘Willemke kin prachtich tekenje, har yllustraasjes hawwe persoanlikheid en fertelle in eigen ferhaal.’

Organisaasje

Tys & Teske is in gearwurkingsprojekt mei likernôch deselde partijen as dy’t by Tomke belutsen wiene. De Afûk is de karrelûker fan it projekt en ûntwikkelet de materialen by Tys & Teske yn gearwurking mei it SFBO, dat in soad op twatalige berne-opfanglokaasjes te finen is en dy lokaasjes helpt om it Frysk in folweardich plak te jaan. FERS tinkt mei út namme fan de biblioteken fan Fryslân en Omrop Fryslân is by it projekt belutsen mei as doel om te sjen oft Tys & Teske ek ta libben brocht wurde kinne op it skerm. Al dy partijen wurkje mei-inoar gear yn it Lês-mar-foar-projekt, dat mei de jierlikse Lês-mar-foar-wiken yn septimber omtinken freget foar it belang fan foarlêzen oan jonge bern. Yn de materialen dy’t alle jierren yn dy Lês-mar-foar-wiken útdield wurde, sille Tys & Teske fan no ôf ek fertsjintwurdige wêze.

Deputearre Eke Folkerts kriget fan Tomke it earste Tys&Teske boekje útrikt. Foto: Jacob van Essen, Fotobureau Hoge Noorden

Einlik de wrâld yn
Nei in lang en deeglik ûntwikkelingsproses wie it op ’e earste dei fan de Nationale Voorleesdagen tiid foar Tys & Teske om einlik de wrâld yn. It alderearste boekje fan Tys & Teske, mei in ferhaaltsje skreaun troch Paul van Dijk, waard yn de biblioteek fan Dronryp oerhandige oan deputearre Eke Folkerts, dy’t it dêrnei oan de oanwêzige pjutten foarlies.
It boekje is fan hjoed ôf fergees te krijen by alle biblioteken yn Fryslân en ek alle berne-opfanglokaasjes hawwe in eksimplaar tastjoerd krigen, sadat alle pjutten yn ’e kunde komme kinne mei Tys & Teske. Letter yn it jier ferskine in knibbelboek mei ferhalen, (opsis)ferskes en tips en aktiviteiten by tema’s dy’t oanslute by besteande Nederlânske VVE-metoaden lykas Uk & Puk en Piramide. Ek in foarlêsboek, poppen, in website mei mear ynformaasje, tips en oanfoljende materialen per tema en spultsjes foar bern steane op ’e rol.

Op ’e hichte bliuwe fan nijs oer Tys & Teske? Gean nei www.tysenteske.frl en meld dy oan foar de nijsbrief, want dat kin no al.