ynternet

Soad belangstelling foar .frl

Foto: nic.frl, Omrop Fryslân

Der is in soad belangstelling foar in Fryske punt-frl domeinnamme op ynternet. De inisjatyfnimmers fan punt-frl hawwe yn oardel wike tiid al 1300 ynskriuwings krigen fan minsken, bedriuwen en organisaasjes dy’t allegearre in punt-frl ynternetadres ha wolle. Dy belangstelling jout neffens wurdfierder Joost van Rooy fan punt-frl oan, dat der beslist in merk is foar Fryske domeinnammen. Leafhawwers kinne har noch oant ein oktober ynskriuwe. Punt-frl kin se lykwols lang net allegearre ek fuortendaliks helpe.

Dit jier wurde net mear as 100 ‘pioniers’ mei in punt-frl adres on-line holpen; oare gadingmakkers moatte wachtsje oant 2015.

Boarne: Omrop Fryslân

.frl op ynternet is goedkard

De Fryske ekstinsje .frl foar websites, is lang om let goedkard. De oanfraach wie twa jier lang yn behanneling by it buro dat ditsoarte nammen tawize mei, de ICANN. It duorret noch wol even foardat .frl ek echt brûkt wurde kin. Der moatte noch technyske tests dien wurde en der wurdt noch ûnderhannele oer kontrakten. Oant no ta wurdt yn Nederlân foar ynternetadressen .nl en .com brûkt. De domeinnamme .frl is in inisjatyf fan it Heerenveens Knooppunt Intermedia.

Boarne: Omrop Fryslân

 Scroll to top