Skriuwerskalinder 2013

Der is wer in skriuwerskalinder foar 2013! De Skriuwerskalinder is dit jier wer opstarten op inisjatyf fan It Skriuwersboun, yn de mande mei Tresoar.
Der steane 41 literêre bydragen yn en 12 hiel ferskillende, mar allegearre tige goed passende ôfbyldings fan ferskillende keunstners: foto’s, skilderijen, en grafysk wurk. Op de omslach in stedslânskip fan skriuwer/fotograaf Abe de Vries.

Los jildt de skriuwerskalinder € 7,50, mar yn de Moanne fan it Fryske Boek by oankeap fan € 10,00 oan Fryske boeken is de ferkeappriis € 5,00.

Boarne: It Skriuwersboun

Start aksje Schrieversronte

De sutelaksje fan de Stellingwarver Schrieversronte is moandeitejûn fan start gien yn de gemeenten Weststellingwerf en Eaststellingwerf. Mear as sechtich frijwilligers komme oant en mei 17 septimber by de doarren del om Stellingwerfske boeken en in spreukekalinder te ferkeapjen.

De ferkeap fan boeken is wichtich foar de streektaal. Troch de ynkomsten kinne wer tal fan aktiviteiten organisearre wurde.

Boarne: Omrop Fryslân
Foto: Lenus van der Broek

Foar it earst East-Fryske band selektearre foar Liet International

Liet International selektearret ferskes yn it Baskysk, Bretonsk, Gaelic, Platdútsk and Udmûrtysk foar finale yn Gijón/Xixón, Astûrië

De seleksjekommisje fan Stichting Liet International en har partners hat fiif ferskes selektearre foar de njoggende edysje fan it sjongfestival foar Europeeske minderheidstalen, letter dit jier yn Gijón/Xixón, Astûrie. Ut 35 ynstjoerings yn 18 ûnderskate minderheidstalen út alle hoeken fan Europa hat de seleksjekommisje de folgjende fiif bands en solisten selektearre:

Brian Ó hEadhra, Fathainn, Skots Gaelic (Feriene Keninkryk)
Enkore, Muxurik muxu, Baskysk (Spanje)
IB&4SP (Ivan Belosludtsev & 4 Cheber Pios), Tau Tynyd Udmûrtysk (Ruslân)
Lleuwen, Ar Gouloù Bev, Bretonsk (Frankryk)
The Voodoolectric, Slickermuul, East-Frysk (Dutslân)

Continue reading “Foar it earst East-Fryske band selektearre foar Liet International”

Wa skriuwt de moaiste Twicht?

Ek dit jier wurdt der yn de Moanne fan it Fryske Boek wer in wedstryd om de moaiste twicht hâlden. In twicht is in twittergedicht, in gedicht dat fia twitter ferstjoerd wurdt. As dichter is men beheind troch de maksimaal 140 tekens fan in twitterberjocht. Boppedat moat de ‘hashtag’ #twicht der ek noch yn stean om mei te dwaan oan de wedstryd. De twicht wurdt publisearre op it eigen twitteraccount en mei út mar ien tweet bestean. De wedstryd rint fan 15 augustus 2012 0.00 oere oant 30 septimber 2012 24.00 oere. De winner fan de bêste twicht ûntfangt de sulveren TWICHT.
Boarne: Tresoar

Taalwet nei keamer stjoerd

Minister Spies fan Ynlânske Saken hat de nije ‘Wet gebruik Friese taal’ midden yn it simmerreses trochstjoerd nei de Twadde Keamer. Yn de wet wurdt foar it earst wetlik fêstlein dat it Frysk en it Nederlânsk de offisjele talen fan Fryslân binne.

Yn de wet wurdt fierders regele dat Frysktaligen by de oerheid en by de rjochtbank yn prinsipe altiten it rjocht hawwe om Frysk te praten, as se dat wolle. Dat rjocht krije Frysktaligen ek as se foarkomme moatte yn Grins, Assen of Arnhim. Mar fierder giet it oant no ta net.

It Steatekomitee Frysk, de provinsje en ek it EBLT (Europeesk Buro foar Lytse Talen) hawwe der by Spies bot op oanstien om de wet wol troch te stjoeren nei de Twadde Keamer. De Wet gebruik Friese taal giet allinnich oer it brûken fan it Frysk by de oerheid en de rjochtbank. Frysk yn it ûnderwiis en yn de media wurdt yn de nije wet net regele. De wet kundiget fierders oan dat der in nij Orgaan komme sil dat beweitsje moat dat Nederlân him goed hâldt oan it ‘Hânfêst foar minderheidstalen’ fan de Ried fan Europa. Geart Benedictus fan it Steatekomitee Frysk is bliid dat de taalwet no dochs trochstjoerd is nei de Twadde Keamer. Hy neamt it wetsfoarstel ‘in stapke foarút’. De nije wet jildt net foar hiel Fryslân. Foar de fjouwer Waadeilannen en de gemeente Weststellingwerf wurdt in útsûndering makke.

Boarne: Omrop Fryslan

Wy litte de stúdzje Frysk net samar gean

De stúdzje Fryske Taal en Kultuer stiet swier ûnder druk. Troch werstrukturearring oan de Ryksuniversiteit Grins  en oare regeljouwing fan de steatssekretaris  liket it derop dat de haadfakfêstiging ‘Friese Taal en Cultuur’ opdûkt wurde sil. Wat oerbliuwt is in stúdzje Frysk dy’t, as soe it om in frjemde taal gean yn stee fan om de twadde Rykstaal, ûnderbrocht wurde sil yn de oplieding Europese Talen en Culturen. De formaasje sil dêrby werombrocht wurde fan 3ft nei 0,9 ft. Noch net iens in folsleine baan. Yn dat gefal kin net mear ynstien wurde foar in kwalitative wittenskiplike oplieding Fryske taal dy’t foar takomstige studinten oantreklik is. Yn dy konstruksje sil in universitêre oplieding Fryske taal en kultuer net lang oerein holden wurde kinne en is de kâns grut dat de stúdzje Fryske Taal folslein ferdwynt. De RUG nimt dizze maatregels omdat der te min studinten ynstreame om de stúdzje te folgjen. Dat is in streekrjocht gefolch fan in maatregel dy’t de steatssekretaris nommen hat. It kolleezjejild foar in twadde universitêre stúdzje is enoarm omheech gien en berint foar de stúdzje Fryske taal en kultuer  € 7500,-. Dat kinne in soad studinten net betelje. Fóár it ferheegjen fan it kolleezjejild wie de ynstream goed, omdat in soad studinten de stúdzje Fryske taal en kultuer  der as twadde stúdzje by diene.

It Nederlânske regear hat in ferplichting om de stúdzje te behâlden. Wy sille mei dy stipe yn ’e rêch alles ynsette om de haadfêstiging Fryske Taal en Kultuer oerein te hâlden. Wy freegje elkenien om de petysje www.redfrysk.nl te tekenjen.

Continue reading “Wy litte de stúdzje Frysk net samar gean”