Frysk bliuwt populêr yn opfieding Fryske bern

Hast njoggentich prosint fan de âlden yn Fryslân is fan betinken dat meartalich grutbringen in positive ynfloed hat op de ûntwikkeling fan in bern. Se sjogge it gebrûk fan sawol it Frysk as it Nederlânsk as in tafoeging op de algemiene ûntwikkeling fan harren bern. Ek binne se fan betinken dat bern mei in meartalige opfieding makliker in oare taal leare en mear taalgefoel ûntwikkelje.

Dit docht bliken út ûndersyk fan de provinsje Fryslân ûnder mear as 1700 âlden yn Fryslân. It ûndersyk is in ferfolch op in ûndersyk yn 2008/2009. Doe krigen âlden dy’t oanjefte diene fan de berte fan harren bern by de gemeente in saneamd ‘taaltaske’ mei. Dêryn siet ynformaasje oer meartaligens en in fragelist oer harren taalhâlding en de taalsituaasje thús.

De bern út it ûndersyk fan 2008/2009 sitte no yn de groepen 1 en 2. Yn dit ferfolchûndersyk is âlden op ‘e nij frege nei de taalsituaasje thús. Der is ek sjoen nei de opfettingen fan âlden oer meartalich grutbringen en meartalich ûnderwiis en nei it taalgebrûk fan de bern, thús en op skoalle. Op dizze wize kin de taalsituaasje fan bern folge wurde. Ek wurdt dúdlik hoe’t it gebrûk fan in taal him ûnder ferskate fazen yn it libben ûntwikkelet. Continue reading “Frysk bliuwt populêr yn opfieding Fryske bern”